DURK WURDT ZZP-er
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.
Ik bin de lêste tiid wer hielendal oanklaud mei Durk. Hy docht de hiele dei gjin klap en ik ha in protte oerlêst fan him. Dat ik tocht, hy moat mar wer ris ergens in baantsje sjen te krijen. Dan ha wy ek noch wat ekstra ynkomsten, dus snijt it mes oan twa kanten. Spitich genôch sit gjin inkelde baas op him te wachtsjen.
Nergens binne fakatueres en alhielendal net foar Durk. De measte bazen binne sa stadichoan trouwens ek fallyt, troch de krisis. Dat ik tocht, dan moat er mar zzp-er wurde. Dat is optheden hielendal yn de moade. It tilt hjir yn Rie op fan de zzp-ers. Dat ien mear of minder makket net út. It hat allinne mar foardielen. At je eigen baas binne, dan kinne jo alle ynkomsten foar josels hâlde. Jo barre de folle mep. En der wurdt net frege nei diploma ‘s. Dat komt moai út, want Durk hat allinne mar in fiterdiploma.
Op it stuit bin ik dwaande in bedriuwsfolder foar Durk te meitsjen, want jo moatte josels wol ferkeapje, natuerlik. Durks Multiservice, sa komt syn ûndernimming te hiten. In foarpriuwke fan de tekst: “At it no giet om in dakkapel, in nije badkeamer, túnoanlis, riolearring of bestrating, Durk hat oeral likefolle ferstân fan. Jo hoege net foar elk putsje in oar yn te hieren, foar Durk is ’t gjin wurk.” It moat al rymje fansels. “Durk rekkent gjin BTW, allinne BB.”
Hy nimt alles swart oan, want hy hat fan natuere dy kleur al. Per klus rekkent er in taslach fan ien flesse Bearenburch, dat is alles. In probleem is noch wol even it buske. Elke echte zzp-er hat fansels in buske noadich, al wie it allinne mar om goed hurd troch de buorren hinne en wer te skeuren. Dêr ha wy lykwols gjin jild foar. Dat wy binne no de Spartamet oan it ombouwen ta bakfyts.
Straks komme de âlde tiden wer ta libben, want ik wit noch noch wol dat baas Klaas froeger ek mei de bakfyts nei syn klanten gie. Dus, doarpsgenoaten, as jim meikoarten in putsje ha, dan kinne jim it melde by de toer. Dan komt it geheid foar de hearen. En tenei ekstra goed útsjen by it oerstekken, seker as jim de rekken noch net betelle ha.
Dat soe ek sneu wêze, krekt in nije keuken en dan jo ein fine troch in idioat op in bakfyts.
Durks Akke.