Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

oktober 2002


Akke by Gonzales 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje al sûnt ús trouwen achter it tredde kloksgat fan’e toer, ik en myn man Durk. 

It wie lêsten dus ús troudei, dat ik tocht, dy moasten wy mar ris fiere by Gonzales. Fan Durk hoech ik neat te ferwachtsjen, sa lang as wy troud binne hat er alle jierren ús troudei noch fergetten. Ik stie sels allinne by it gemeentehûs en as se him net út’e kroech helle hiene, wie ik no noch single west. 

Afijn, ik belje mei de reservering, blykt dat de tillefoan yn Maastricht opnommen wurdt. Dat fûn ik al apart, mar it is altyd noch better as yn Mexico. Ik krige keurig in befestiging thús stjoerd, mei in plattegrûn fan hoe ‘t je der komme moatte der by. Dy suderlingen binne seker bang dat je oars in pear oeren yn Rie omdwale. 

No, Durk kin it mei de eagen ticht wol fine. Doe ‘t wy der kamen, stie de eigner ús al op te wachtsjen. Ik rôp “buenos dias”en mei hannen en fouten besocht ik dúdlik te meitsjen dat wy barbekjoewe woene, want meer Spaansk kin ik net. No minsken, ik kaam der achter dat it hielendal gjin Mexicanen binne mar Berltsumers. Jo kinne gewoan Frysk mei se prate. Nei ‘t ús ferteld wie, hoe as it allegearre om en ta giet, koene wy los. Ferskate soarten fleis moatte jo oan in grutte izeren pjuk prikke en dan op de barbekjoe lizze oant it gear is. Se hien dat ding goed opstookt, Goutum wie der neat by. 

De waarmte makke ús toarstich. Ik wie oan Spa read, mar Durk rekke oan de tequila. Hy waard hoe langer hoe dryster. Op in stuit kaam him in it sin dat er as bern graach fikjestoke mocht. Hy dûkte ûnder de tafel, op syk nei de gaskraan. Krekt doe ‘t er dy fûn hie, soe ik efkes sjen oft myn fleis al klear wie. 

De stekflam skroeide myn hiele kop keal. En ik hie noch wol krekt in nije permanent foar grou fyftich euro ynsette litten. “Smoarge pyromaniak”, raasde ik tsjin him, ïk sil dy oan myn pjuk reauwe. Kom hjir!” Mar dêr kaam it net fan, want ik moast earst kuolle wurde. Lokkich sieten se oan de tafel neist ús krekt oan it dessert, dat ik koe rêden wurde mei in pear sorbets, 

As jim my it kommende healjier mei in holdoekje sjogge, is dat dus net omdat ik ynienen moslim wurden bin. En ik tink dat ik takom jier ús troudei ek mar ferjit. 

 

Durks Akke.

november 2002


Akke Nippo. 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Mei Durk is de lêste tiid gjin lân te besilen. Oerdei docht er oars neat as tsjin my oan seure en jûns hinget er mar wat om, mei de siel ûnder de earm. Hy rekke al mar mear yn de nederklits, dat ik sei op ‘t lêst: ik sil dokter belje ast op it sprekûre komme kinst, want dit komt sa net klear mei dy. 

No, Comello wie der gau út mei Durk: post-kafee-depresje, feroarsake troch sluting fan it Riester kafee. Komt yn de bêste famyljes foar, dus lit stean by ús. Allinnich binne der gjin piltsjes tsjin. It kin besmetlik wêze, dus kom net te ticht by him yn de buert. Al mei al hie ik der net folle ferlet fan dat dit sa bliuwe soe mei Durk, dat ik sei: wêrom begjinst sels net in kafee. No, dat like him skoan ta en de oare deis hie er syn ûndernimmingsplan al klear. Syn maat soe syn kompagnon wurde en se hiene berekkene dat se oan in startkaptaal fan ien euro genôch hiene, want dat soe de priis per konsumpsje wurde. Dan soe Durk earst ien slokje fan syn maat keapje, dêrnei syn maat ien fan Durk, dêrnei Durk wer ien fan him ensafuorthinne. 

Hjir ûnder yn ‘e toer soene se de jachtweide ynrjochtsje, want dan hie Durk it wurk neffens him moai oan hûs. No, jim begripe, dêr ha ik fuortendaliks it near op lein. Ten earsten soe ik binnen de koartste kearren fallyt wêze, want wy binne yn mienskip troud en ten twadden jout soks gjin pas op dizze hillige grûn. 

Trouwens, iksels ha mei de merke it kafee ek wol mist. Sa ‘n tinte is dochs mar behelpen. Dat hellet it kwa sfear net by ús âlde, fertroude doarpsherberch. Dat dêrom tocht ik, takom jier mei Riester merke biede wy Gonzales en de frou in wykje Majorca oan. Sa gau as se fuort binne skroevje wy dan dy barbekjoeboel der út. Kin salang wol even by Hotse yn de skuorre stean. Dan fiere wy âlderwets merke, dêrnei de brot even skjinmeitsje en it spul der wer yn. 

De mannen fan Riedex kinne dy buizen wol wer even monteare. Kraait gjin hoanne nei, lit staen in ka. 

 

Durks Akke.