Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2025


AKKE-DONALD J. DE KA

 

 Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e Ka-Tower, ik en myn man Durk. 

It sil jim net ûntgien wêze dat se yn Amearika in nije president hawwe. My ek net. Al in hiele tiid fertelde dy man de minsken dêr dat se alles altyd ferkeard dien ha, sûnder dat se it sels wisten. De sukkels. 

Mar no ha se it lang om let begrepen en ha se Trump as harren lieder keazen. Dat sjende betocht ik my: wat yn Amearika kin, kin yn Rie ek. Wy ha hjir ommers ek sa’n figuer yn ús midden: iksels. Ik bin útsoarte de Trump fan Rie. Sis no sels, sa lûd mooglik roppe en raze oer wat ik fyn dat hjir net doocht, dat kin ik as de bêste. En dat is de foarnaamste eigenskip dy je nedich binne. Dan leauwe de minsken jin op den duer wol. En Trump hat syn Trump-tower, mar ik ha myn Ka-tower, noch in oerienkomst. Dat ik neam my tenei gjin Akke mear, mar Akke-Donald. Ek de plaknamme Rie wurdt troch my iensidich ôfskaft. It is tenei Ka-City. 

Ien probleem ha ’k wol: ik bin gjin sakeman. Mar dêr ha ik al in oplossing foar. Der wenje hjir mear fûgels yn de toer, ek in pear mosken. Ien dêrfan, hy hjit Ele, is in tûk mantsje. Hy wurdt myn finansjeel adfiseur. Akke-Donald de Ka en Ele Mosk, twa hannen op ien búk. Wy witte alles better. En by ús is alles te keap. Alles wat wy oanreitsje feroaret yn goud. Mosk wol ús eigen kryptomunt lansearje, de Kcoin, seit er. Gjin idee wêr dat oer giet, mar it is goed foar de selsferriking, seit er. Dus moat it altyd wêze. 

Ik ha myn kollega yn de VS skreaun dat er it Panamakanaal wol sjitte litte kin. Hy moat it Wiid keapje. Mei de haven derby. Dat kin moai in Amearikaanske marinebasis wurde. Oars is it mar sûnde fan dy djoere nije wâlbeskoeiing, as der allinne mar in pear plesierboatsjes lizze. At sa ’n flychdekskip binnentroch fart, ynstee fan oer de Noardsee, dan ha dy Russen der gjin erch yn wat op harren ôfkomt, ha ‘k Trump wiismakke. 

De Amearikaanske dollars sille mei bakken it doarp binnen streame op sa ’n manier. En fansels is it grutste part dêrfan foar my. Akke-Donald for president! MAGA is myn slogan. Make Akke Great Again. 

 

Durks Akke-Donald

februari 2025


AKKE YN OARLOCHSGEBIET 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik hie in pear dagen út de running west fanwegen de fûgelgryp en sadwaande net út de kloksgatten sjoen. Doe ’t ik wer better wie, tocht ik, ik moat mar ris sjen at der yn Rie ek noch wat feroare is. It sil wol net. Mar doe seach ik de kant fan it keatslân op. Wat wie dêr bard?? Wie it in meteoryt? Wie der in tornado oer Rie lutsen? 

Nee, it wie de Riester skoffelploech. It liket wol oarlochsgebiet dêr. Ik ha noch nea sa’n radikale ferwoesting sjoen. Fan de Leugenbank, dy it tûzen jier úthâlden hat, stiet gjin stien mear op de oare. Wat foar piltsjes ha se dy skoffelmannen jûn dat se oer sokke natuerkrachten beskikke? It is krekt as mei Asterix: foar de slach tsjin de fijân krije se allegearre in slokje toverdrank en dan wurde se mei syn allen der op loslitten. De Riester Skoffelploech: “Voor al uw schoffel- en sloopwerken. Niet goed, geld terug.” 

Mar it is foar de goeie saak fansels. Us beppe sei al: it moat earst op it slimst ear ’t it bettert. Want we krije straks in prachtich merketerrein. Alles moai op ien plak byinoar en gjin swier ferkear mear troch de Fiteringerstrjitte, wa wol dat no net. Dat wurdt merkefiere mei in glês bier yn de iene en in waarme oaljebol yn de oare hân. Jo kinne kieze: dronken yn ‘e sweef, of dronken yn ‘e tinte. Of beide, foar wa dy kar te muoilik is. 

Ik ha al útrekkene krekt op hokker momint jo it kettinkje fan it sweefbakje losdwaan moatte om yn ien kear troch de middelpuntflydende kracht de feesttinte ynslingere te wurden. In milliseconde te gau en je lizze yn de sjittinte. It wurdt dêr aansens neat mear of minder as in echt doarpsplein, mei noflik skaadzjende beammen der omhinne. Dêr kin folle mear plakfine as allinne Riester Merke. En in plein moat in namme ha. Amsterdam hat syn Dam, Ljouwert syn Saailân en wy …? It moaiste is om it plein de namme te jaan fan in bekende Riester. Ien, dy har spoaren foar it doarp fertsjinne hat. Ien, dy altyd foar it doarp klearstiet, mar dêr leaver neat fan witte wol. Al mear as fjirtich jier. Ik kin sa gau even net ien betinke, mar jimme miskien wol. 

 

Durks Akke (plein)

maart 2025


AKKE HALDT HIGH HIGH TEA

 

 Ik bin Akke de Ka en wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Alhoewol, tredde kloksgat, ik tink dat ik it tenei oars neam: Sky Lounge. It wurdt tiid dat ik my wat sjiker begjin te gedragen. Want oars tel ik net mear mei by de oare froulju hjir yn Rie. Dy hiene in skoftsje lyn in High Tea organisearre yn ‘e Rede. Doe ‘t ik dêr lucht fan krige, ha ‘k fuortendaliks in mailtsje stjoerd om my op te jaan. Mar ik krige in minút letter al berjocht werom dat der gjin plak mear foar my wie. It soe al folboekt wêze. Dat fernuvere my al, want ik wie suver de earste, tocht ik sa. Doe ‘t ik letter hearde dat oare froulju, dy har nei my opjûn hiene, der wol hinne giene, waard ik erchtinkend. 

Fia fia kaam ik der achter dat se my der net by ha woene. Se wiene bang dat ik te grof út ‘e hoeke komme soe en tefolle de bek der yn slaan soe. En dat past net by sa’n beskaafd barren as in High Tea, fûnen se. No freegje ik jim. Hjir herken ik mysels totaal net yn. Hoe komme se derby? Der is my noch nea in ûnfertogen wurd oer de lippen kaam. Freegje Durk mar nei. Of no ja, Durk is miskien net de meast geskikte om neifraach by te dwaan. Jim kinne it better neifreegje by ien dy my sa goed net ken. 

Mar ik lit it der net by sitte. Ik organisearje myn eigen High Tea wol. Hjir op ‘e klokssouder. Pardon, yn ‘e Sky Lounge, bedoel ik. In High Tea op heech nivo. Sawol letterlik as figuerlik. In High High Tea dus eigenlik, mei panoramysk útsicht. Dêr kin de Rede net tsjin op. Baas boppe baas. Mei djoerdere thee. En mear hapkes, dy ek noch ris lekkerder binne as dy liflafkes yn it doarpshûs. 

Alle dames út de Rede binne hjirby útnoege, dat ik ferwachtsje in protte flecht op ‘e koai. Gjinien wol fansels ûnderdwaan foar in oar. Ik ferwachtsje dat elkenien yn de moaiste klean komt. Mei it hier yn ‘e pronk, dat Helena sil wol even wat oeroeren draaie moatte. En ik wol allinnich deftich en beskaafd praat hearre. 

As datum foar Akkes High High Tea at the Riester Sky Lounge ha ik de earste tiisdei fan april prikt, de middeis om theetiid. 

 

Groetnis út ‘e Sky Lounge, 

Durks Akke 
 

april 2025


 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Under de skepsels fan ús Leaven Hear binne der twa soarten. Guon, dat binne de bouwers. Dy bringe wat ta stân yn it libben. Dy betsjutte wat. In goed foarbyld fan dizze kategory bin iksels. En dêr profitearret Rie fan. Wat ik al net betsjutten ha foar it doarp, dat is mei gjin pen te beskriuwen. 

Oaren binne gjin bouwers. Dat binne de slopers. In goed foarbyld fan dizze kategory is Durk. Wat dy al net fernield hat, dat is ek mei gjin pen te beskriuwen. Sa nuttich as ik bin foar Rie, sa ûnnut is hy. Altyd te beroerd om in klau út te stekken. Hy hinget it leafst mar in bytsje by de toer om. Mar at der yn Rie wat sloopt wurde moat, dan stiet er foaroan. 

Lêsten op in dei, doe wie ik him ynienen kwyt. En doe ’t er wer opdûkte, blykte de Alde Mannebank sloopt te wêzen. Der wie allinne noch mar in bult pún fan oer. Hie er him dêr ris even goed op útleefd. Net lang dêrnei seach ik him wer mei de foarhammer fuortgean. Dit kear moast it keatshokje der oan leauwe. It liket wol as kin it him net mâl genôch gean. Doe’t de kraanmasjinist fan Joostema om kofje gie, sprong er gau yn ‘e kraan en yn fiif menuten hat er alle muorren platwalst. Der bliuwt sa yn Rie gjin stien mear op de oare. 

Wat is it folgjende? Ik seach him ek al mei in prakkesearjend each nei de toer sjen. Jo soene sizze: wat moatte wy mei sokken? Mar oan de oare kant, at der gjin slopers wiene, dan kinne der ek gjin bouwers wêze. Want sjoch wat der no op dat plak ta stân kommen is. It is prachtich wurden. Lang ha ik tocht, wat moat ik mei dy fint, ik kin him likegoed fuort dwaan. Mar dêr begjin ik sa stadichoan wat oars oer te tinken. 

Durk de Sloper en Akke de Bouwer, faaks is dat wol in goed team. Wy folje inoar moai oan. Miskien moat de toer dochs mar tsjin de flakte. Dan kin der wat nijs foar weromkomme. Wat geryfliks, mei alle moderne gemakken, lykas in protte glês, keunststof kloksgatten, klokssouderferwaarming en sinnepanielen. Wy wurde sa stadichoan âld en krebintich en dan kinne wy hjir dochs wenjen bliuwe. Want ik wol fansels net út Rie wei. 

 

Durks Akke

mei 2025


AKKE OAN DE COSTA 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ha jim al fakânsjeplannen makke? Sa net, dan ha ik in goeie tip foar jim. Wa ’t fan sinne, strân en wetter hâldt en wa ’t wend is oan lúkse akkomodaasjes moat even goed oplette. Ferjit de Costa Brava. Ferjit Antalya. 

Dêr is it trouwens tsjinwurdich simmerdeis fierstente drok en fierstente hyt. Der is in nije topbestimming. Ien wêrfoar je net earst midden yn ‘e nacht út je bêd hoege om op tiid op Schiphol te stean. En wêrfoar je net earst as sardyntsjes yn in tonne mei tich oare toeristen yn in fleantúch proppe wurde. Sterker, jo hoege der hielendal net foar te reizgjen. Jo komme hielendal stressfrij op jo fakânsjeadres oan. 

Dizze bestimming is noch hearlik rêstich, want hy stiet noch yn gjin inkelde reisgids. Al bin ik bang dat dat net lang mear duorje sil. Ik ha it fansels oer it fernijde Kattegat. Mei it nije rekreaasjekompleks Ut ‘e Rie. Minsken, wat in weelde dêr. Ik ha my by de iepening de eagen útsjoen. Yn it restaurant is gjin nee te keap. Mei sa’n keuken kin in Michelinstjer met lang mear útbliuwe. 

It sanitair is lúkser as by de measten thús. En it is blykber foaral bedoeld foar eigen Fryske toeristen, mei buordsjes op ‘e doarren as “Húske” en “Brûs”. Ik hoopje mar dat bûtenlânske toeristen der yn de douche net in bende fan meitsje. Ik ha al in trekkershut boekt foar mij en Durk en bin de koffers aI oan it ynpakken. It moaie waar krije wy der tsjinwurdich gratis by en tanksij dy pear frachtauto’s sân dy der stoarten binne leit der in moai strântsje. No noch in pear strânstuollen oan de wetterkant en wie doet je wat. At je nei de boatsjes yn de haven sjogge en de eagen heal tichtknipe, liket it krekt Saint Tropez. Parasoltsje derby, sa no en dan even in cocktail helje oan de bar fan beachclub Ut ‘e Rie en dan wer mei in boekje oan de wetterkant. En de bern kinne moai spartelje yn it wetter fan de haven. Hearlik. 

Dat is pas fakânsje. En is it al ris in dei min waar, dan kinne je gewoan even nei hûs kuierje. Ik mis noch wat palmbeammen, mar dy binne by Rob’s wol te krijen. Dus foar my dit jier gjin Costa Blanca, mar Costa Kattegat, ús eigen Rie-vièra. 

 

Durks Akke

juni 2025


AKKE EN DE JEUZELBOEL 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik siet okkerfreeds al ier en betiid foar it kloksgat om de alvestêderinners troch Rie kommen te sjen. De fanatyksten wiene der al om healwei achten, se draafden der suver oer. It foel my op dat dat tagelyk ek sa’n bytsje de âldste dielnimmers wiene. It wie it iene grize kopke nei it oare. Hoe fit as sokke âldenfandagen noch binne, dêr ha ik respekt foar. 

Hiel oars as myn man. Dy sjoch ik de alvestêdetocht noch net rinnen. Hy soe Ljouwert net iens út komme, dan hie er al opjûn. Sa te libjen as Durk is net sûn, fansels. Hy komt allinne fan de bank ôf om in fleske bier út de kuolkast te heljen en helte fan tiden sjou ik him dat ek noch achter de kont oan. 

Noarderlingen bewege te min en drinke tefolle, sa wize de statistiken út, en dat komt foaral troch Durk. Dat moat oars, tocht ik, hy moat mear bewege. Dus hie ik in stappeteller foar him kocht en him dy omdien. Mar nei in hoart stie dy noch steeds op nul. Hy soe stikken wêze, woe mukkes beweare, mar ik wit wol better. Okee, tocht ik, as lange ôfstân kuierjen te heech grepen is, dan moatte wy mar wat leechdrompeliger begjinne. Hy moat mar nei de Jeuzelboel. Ja, ik wit ek net werom it sa hyt, it is gewoan in spultje mei ballen, mar toemar. 

Mar Durk aksele tsjin. Dat wurdt him net, sei er, ik ha gjin ballen. Nee, dat wit ik, sei ik. En ik wol net oan in oar syn ballen sitte, sei er. Ik wit net at ik dit hjir yn dit keurige blêd wol skriuwe kin, mar Durk hie net hielendal begrepen om hokfoar ballen it giet. 

Afijn, doe dat misferstân út de wrâld wie, drukte ik him in euro yn syn knûstke. Ik sei, dat is foar de ynlech, dêrmei meldst dy mar by Jantsje en Gemma en dan lizze sy it dy wol fierder út. En do jeuzelt mar gewoan mei de hiele boel mei, dat sil de bedoeling wol wêze. Letter hearde ik dat it net hielendal in súkses wurden is. Hy hat net fan de barkruk ôf wêst en woe by de bar wei mei de ballen goaie. Gelokkich koene se him krekt op tiid tsjinhâlde, oars hie der gjin rút mear yn de gevel fan de Rede sitten. 

 

Durks Akke

september 2025


AKKE WURDT SOUVEREIN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ’e toer, ik en myn man Durk. 

Hawwe jim ek sa jim nocht derfan? Fan al dy problemen yn Nederlân? En fan de polityk, dy der neat oan docht? Ikke wol. Ik ha skjin myn nocht. Dat doe ’t ik lies oer minsken dy harsels ta souverein persoan útroppe, tocht ik, dat is de oplossing. At minsken souverein wêze kinne, dan kin in tsjerketoer dat ek. Dat fanôf no is de Riester tsjerketoer souverein. 

De toer is útroppen ta de selsstannige republyk Toerkije. De republyk Toerkije is in demokratyske steat, mei eigen ferkiezings. En ik bin mei hûndert prosint fan de twa stimmen keazen ta presidint. Dit nei in ferkiezingsdebat mei Durk. Dy flesse bearenburch, dat wie gewoan in kadootsje. At jim my nedich ha, dan moatte jim tenei earst in audiënsje oanfreegje by myn Minister fan Bûtenlânske Saken, sijne eksellinsje Durk. Toerkije is in fredich lân, elkenien is it dêr mei mei my iens, dus der is nea gedonder. 

Problemen ha wy net. Der is gjin stikstofprobleem, want der binne gjin boeren. Der is gjin wenningneed, romte sêd yn ‘e toer. Opwaarming fan de ierde? Troch de kloksgatten siicht it op waarme dagen lekker troch. Reljongerein is der net, der wenje allinne mar âlden fan dagen. Migraasje? Gjin punt, wy steane iepen foar flechtlingen út Nederlân en Rie yn it bysûnder. 

Dus as jim it dêr net mear úthâlde kinne, binne jim hjir wolkom. In gefaarlike reis yn in leechrinnend rubberboatsje is net nedich, mar wol graach even fuotfeie as jim der yn komme, Toerkije is in skjin en netsjes lân. Allinne is de helte fan de befolking ferslave oan alkohol, mar ja, oeral is wol wat. Doe’t myn amtgenoat yn it Wite Hûs hearde fan de nije steat, woe er drekst op steatsbesite komme. Hy sjocht heech op by lieders sa as ik, dy har neat oanlûke fan tsjinspraak. Allinnich wie der even in probleemke, want de presidentsjele limo soe oan de assen ta weisakje yn it tsjerkepaad. Dat ding hjit net foar neat The Beast. 

Dat jim moatte net raar opsjen as der meikoarten in Amerikaanske helikopter boppe de toer hinget. Spitich genôch hat dy gjin heliplatform, dat ik ha mei de presidintsjele stêf ôfpraten dat se him sakje litte sille oan in tou, sadat ik him troch it kloksgat nei binnen helje kin. Hy sjocht der o sa nei út. 

 

Groetnis út Toerkije fan Durks Akke

oktober 2025


AKKE EN DE DRONE

 

 Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik ha diskear gjin nijs te melden, minsken. 
Dat komt, ik hear en sjoch de lêste tiid net wat der yn Rie bart. Ik sit al fjouwer wike fêst achter de kloksgatten. Ik mei der net út, want alle fleanferkear fan en nei de toer is stillein fanwege de waarnimming fan in ûnbekende drone. Ik hearde al langer sa no en dan wol in frjemd gesoem om ‘e toer, mar ik tocht dat it wespen wiene, dêr ha je yn de neisimmer altyd lêst fan. 

Mar doe krige ik dus in beltsje fan de NAVO dat se de saak net fertrouden. Se tinke dat Poetin der achter sit. No, dat woe my wol oan, dat er my yn ‘e gaten hâlde wol, hy is fansels bang fan my. Trump wynt er om syn finger, mar dat slagget him mei my net. Fan my is er stjerrende benaud, dat wik ik jim. Dat ik tocht, de folgjende kear dat ik dat gesoem wer hear, dan gean ik der al fleanend neist hingjen, fleanferbod of net, om te sjen wat der op stiet. En at der dan “Made in USSR” op stiet, dan wit ik genôch. Dan belje ik de flychbasis dat se in F-35 stjoere moatte om dat ding del te sjitten. Fuortendaliks. En ja hear, it duorre net lang, dêr wie er wer. 

Ik der hinne en op deselde hichte der neist fladderje. De kamera draaide nei my ta en wy seagen inoar in eagenblik rjocht yn ‘e eagen, ik en Vladimir. Of nee, dochs net, want doe seach ik it etiketsje. Dêr stie op: “J. Faber Ried”. Och fansels, it wie natuerlik Jelle syn drone. Loas alarm. Ik koe dy strieljager noch krekt op tiid ôfbelje. De NAVO hat niiskrekt it loftrom om de toer wer frijjûn, dat ik kin der wer op út. 

Mar dit hat my wol op in idee brocht. Want werom sil ik sels noch op wjukken gean, at ik likegoed in drone it wurk dwaan litte kin. Dy muoite kin ik my besparje. Dat ik ha drekst ien besteld bij Temu, dy Sjinezen skine goed te wêzen yn spionaazje-apparatuer. Fan ‘e wike komt er binnen. It is ien mei in ekstra skerpe kamera, dat jim binne warskôge. Pas tenei op foar de Akke-drone. Wa ‘t him misdraacht, stiet binnenkoart op Facebook. 

 

Durks Akke

november 2025


AKKE EN DE FRJEMDE FUGELS 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It klimaat feroaret minsken, dêrmei fertel ik jim neat nijs. Wy meie dan no wer ris wat echt winterwaar meimeitsje, mar ek yn Rie slacht de opwaarming ta. De natoer feroaret mei. Wat my de lêste tiid opfalt, is dat hjir steeds mear frjemde fûgels delstrike. En it liket wol oft se allegearre út it oasten komme. 

It tilt tsjinwurdich bygelyks op fan ‘e turkse toartels. Dy wiene hjir froeger net. Doe hiene je hjir ús soarte, de ka-en, en der wiene eksters en dat wie it wol sawat. 

Okee, dy eksters, dat binne opskeppers, mar wy koene mekoar en wy wisten wat wy oan inoar hiene. Mar no sit ús fiere femylje út it oasten, de flaamske gaaien, hjir ek al. Wat moatte se hjir. Se roppe en raze en se wolle har net oanpasse. Miskien komt it wol fan al dat bosk dat hjir no is. Dat wie destiids net sa. En boskfûgels binne oars as greidefûgels, dat is no ienkear sa. Ik ha it der net op. Helaas tinkt Durk der net sa oer. 

It wie my al in hoartsje opfallen dat er gauris yn it tredde bosk wêze moast. En hy sei der nea by, wat er dêr no krekt te dwaan hie. Op in stuit wie er der hast alle dagen. Dat ik tocht, hjir moat ik mear fan witte. Dat ik him stikem achternei. En wat tinke jim? Menear sette regelrjocht nei in nêst yn in holle beam. En wat wenne dêr? In moai, leaf, lyts bûnt spechtsje. In moai swartwyt fearepakje, moaie fearkes op it kopke. Mukkes wie der as in blok foar fallen. Soks raast dochs oan ‘e protters, minsken. 

Myn eigen man giet frjemd mei sa ’n frjemde fûgel. Doe ’t er lang om let wer thúskaam, ha ‘k him fuort op it harspit hân, mar dêr joech er neat om. Hy fertelde deagemoedereard dat er fan har hâldt. Se is syn dreamfrou, sei er. En ik moast myn kop hâlde, want hy fûn my in pestfûgel. Wat ha ik yn ‘e godsnamme ferkeard dien? Hy kriget alle dagen syn iten op ‘e tiid, wat wolle je dan noch mear. Dat komt der no fan mei al dy bûtenlânske fûgels. 

Mar ik nim wraak. Ik sil him dreame litte. En dan wurdt Durk in pechfûgel. 

 

Durks Akke

december 2025


AKKE EN IT NEEDPAKKET 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Jim sille it ek wol yn ‘e bus krige ha, dat boekje. Fan de Nasjonale Terreur Directeur. No bin ik fan nature oars net bang oanlein, mar doe ’t ik it lies, sloech de skrik my om it hert. Nei tachtich jier frede rekkenje je der net mear op, mar neffens de oerheid ha se it no allegear tagelyk op ús fersjoen. 

De Russen mei harren bommen en raketten, de Sjinezen mei harren geheime oan/út-knopkes yn ús auto’s, de Amearikanen mei harren big brother datacenters, de klimaatminsken mei harren doemscenario’s, de EU mei syn kiel-tichtknipende wetten en rigels. En ik fertrou dy Grinzers ek net. 

Wy kinne der yn Fryslân samar allinnich foar komme te stean, as de stroom útfalt. Dan binne wy hielendal op ússels oanwiisd. Dus moatte wy allegear in needpakket yn ‘e hûs ha, sa lês ik yn it boekje. Mar dy lju dy dat boekje makke ha, hiene der neffens my net folle sjoege fan. Dy ha noch nea in ramp meimakke. Sa stiet der dat je foar 72 oeren wetter yn ‘e hûs ha moatte. Mar at de toer feroaret yn in rikjende púnheap troch in raket út Moskou, dan ha ik gjin ferlet fan wetter. Dan moat ik wat sterkers ha. 

Dus sit yn myn needpakket foar 72 oeren oan jenever. En we moatte lang hâldber iten yn ‘e hûs helje. Blikfoer, lykas brúne beane. Sok iten mei ik net. En at myn lêste oere slein hat wol ik alhielendal net oan de brúne beane, kin ik jim fertelle. Dat ik ha sûkeladeletters kocht, dy binne ek lang hâldber. In A, twa K’s en in E. En wat ik ek mis yn de offisjele ynstruksjes foar it needpakket: wat spul om de fleur der wer wat yn te bringen. 

Dus net allinnich mar treurige saken as kersen en lúsjefers. Dêrom ha ik slingers, confetti en feesthuodjes yn myn pakket sitten om de boel wat op te fleurjen. It is oars sokke tiden al tryst genôch. En spesjaal foar Durk ha ik in partij yllegaal fjoerwurk oanskaft. Dan hat dy jonge ek noch wat leuks om him mei te fermeitsjen. Hy kin it ûngesteurd ôfstekke, want it falt tusken alle echte bommen dochs net op en de plysje hat sokke tiden wol wat oars oan ‘e kop. 

 

Durks Akke