Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2024


STOARM AKKE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ’e toer, ik en myn man Durk. 

Ik jubelear, minsken. Dit jier sit ik nammentlik fjirtich jier by de baas. Ja wier, al sûnt 1984 skriuw ik myn stikjes yn ‘e Kattebel. Dat jim dat noch meimeitsje meie. Ik doar yn alle beskiedenheid rêstich te stellen dat ik it krantsje der al dy jierren trochskuord ha. Rie treft it mar mei my. 

Ik kin my yntinke dat se by Doarpsbelang al lang en breed dwaande binne mei de tariedings foar in feestlike resepsje. En dêr heart fansels ek in jubeleumkado by. Mar wat jou jo oan ien dy’t alles al hat? Dat is net sa maklik. Dêrom woe ik by dizze alfêst in kadotip jaan: ik wol graach in stoarm. Elke waarman of -frou kriget tsjinwurdich ien en ik sjoch ek al jierrenlang alle moarnen yn it waar. Dus. En stoarmen genôch tsjinwurdich, mei tank oan it klimaat, dat dêr hoecht it net om oer te gean. Boppedat seit Durk alle kearen dat ik in stoarmich type bin. Faak, at er moarns myn gesicht sjocht, dan tinkt er, ojee, dit wurdt hjoed wer koade read. En meastal hat er gelyk. Dan kin er de boel mar oansjorre, want dan bulderje ik kompleet oer him hinne. 

It treft dat myn namme begjint mei de earste letter fan it alfabet, dat ik bin fan ’t hjerst drekst oan ‘e beurt. En ik wol fansels net sa’n lyts skiterich stoarmke ha. Mei net mear as in wynkrêft njoggen en ien of twa ôfwaaide takken. Minsken moatte net de gek mei my ha. Nee, stoarm Akke moat de stoarm fan de iuw wurde. Minstens in orkaan. Of noch better: de earste tropyske cycloon yn Nederlân. Dat wy it seewetter hjir priuwe kinne en dat Rie ûnberikber wurdt omt de beammen allegear oer de dyk lizze. En de dakpannen troch de loft saaie as wiene it fearkes. Dat kaliber. 

Ik sjoch de koppen al yn de krante: AKKE RICHT RAVAGE AAN IN NEDERLAND! It moat sa mâl gean dat de minsken noch jierrenlang oer my prate, wylst iksels der al lang net mear bin. Dat oer fjirtich jier de âlde mantsjes en wyfkes út Rie noch tsjinoar sizze: witst noch wol yn 2024, dy Akke, dat wie my in bêstenien. Sokken ha wy tsjinwurdich net mear. Ik soe fan’t simmer mar ris om it hûs hinne gean om te sjen at alles goed fêst sit. Want ik kom deroan. 

 

Durks Akke

februari 2024


AKKE LINET ACHTEROER 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Yntusken meitsje ik my al wer sa’n fjirtich jier drok oer it wol en wee fan Rie. Miskien wurdt it tiid om ris de balâns op te meitsjen fan winst en ferlies. Is Rie der yn dat lange skoft op foarút of achterút gien? Doe ’t ik yn 1984 begûn hiene wy hjir noch in buertwinkel, in molkboer, in grienteboer, in postkantoar, in bank, in gymnastykseal, in kafee en mear. Is allegear ferdwûn. En alle kearen seine wy: dat is in slach foar it doarp, de leefberheid giet achterút. Mei de sluting fan it postkantoar stiene wy mei ús protest sels foar op de Ljouwerter Krante. Mar tebeksjend freegje ik my ôf at dat allegear wol sa dramatysk wie. 

Banksaken bygelyks dogge wy no online. We hoege net iens de doar der mear foar út. Yn 1984 moasten je op oere en tiid by de bankmobyl stean. En dan noch in hoart wachtsje omdat der minsken foar je wiene. En wannear ha jim foar it lêst in postkantoar noadich hân? Ik kin it my net heuge. De boadskippen wurde hjoeddedei ek wer oan hûs besoarge, allinne net mear troch Durk Houtsma en Sipke Meijer, mar troch Jumbo en Poiesz. Wat sokke foarsjennings oangiet is it eigenlik allinne mar better wurden. 

Yn 1984 sieten de skoalle en de Rede yn in âlde boufal. Foar in útfiering fan korps en toaniel wie gjin romte, dat koe allinne yn de gymnastykseal, dy earst kompleet oanklaaid wurde moast. Wat in wurk. No is der in prachtige nije skoalle en in noch prachtiger nij doarpshûs, wêr folle mear kin as froeger. Wat dat betreft mis ik it kafee en de gymnastykseal net. En dan straks ek noch it nije Ut `e Rie op it keatslân. Wat in weelde. En dat allegear foar sa’n pear minsken. 

Likefolle as yn in gemiddelde strjitte yn in gemiddelde stêd. Riesters binne befoarrjochte minsken. En it moaie is dat al dy nije foarsjennings útnoegje ta ûnderling kontakt. At it no de Inloopmiddag is, of een bootcamp, of in Peaske-ûntbijt, op alle mooglike manieren komme wy meiinoar yn kontakt. En minsken dy mekoar kenne, sille inoar minder gau feroardielje. Dat is net ferkeard yn in wrâld dy hieltyd ûnferdraachsumer wurdt. Ik soe sizze, de balâns fan fjirtich jier wenjen yn Rie: dy is posityf. Ik kin tefreden achteroer leune. 

 

Durks Akke

maart 2024


AKKE LAAIT EARSTE AAI

 

 Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Sa ’t jim witte lit ik gjin gelegenheid foarby gean om Rie te promoten. At der in kâns is om ús doarp yn it nijs te bringen, dan gryp ik dy mei beide flerken oan. Lykas bekend is der altyd in protte oandacht foar it earste ljipaai. It is alle kearen wer spannend wêr dat fûn wurde sil. Dêrom soe it bygelyks moai wêze at it earste fan Waadhoeke by Rie leit. 

Mar spitich genôch wurdt it hjir nea fûn, it is altyd ergens by Tsjom of sa. Wy sitte hjir te ticht by see, tink ik, it is hjir maitiids noch te kâld. Dat ik sei begjin maart tsjin Durk: do giest alle dagen it fjild yn en sa gau ast aksje sjochst, dan hâlde wy dat skerp yn de gaten. Al gau kaam er te melden dat der in moai spantsje ljippen yn de greide fan Rinse Kleefstra siet. De âld hij gong wakker oer de wjuk en hy hie al in nestje makke. Aha, sei ik, no ha wy kâns. Der rûn ek al in aaisiker om, in mantsje út de Wâlden alhiel. Mar der kaam gjin aai. Ik tink dat it jokje der noch tsjinoan skytskoarre. Gjin wûnder, ik jou it jo te dwaan om mei de kont op dat kâlde wiete gêrs in aai te lizzen. Wit je wat, sei ik, ik lis sels wol in aai en dan kin Durk dat wol yn it nêst lizze. Sa sein, sa dien. Gelokkich hat ús soarte gjin lêst fan de oergong, wy bliuwe oan de lech, hoe âld wy ek binne. Mar der wie ien probleem: in ka-aai is blau en in ljipaai is spikkele. At Durk myn aai yn it nêst laait, dan tinkt in aaisiker dat der in koai yn leit. 

Wylst ik dit sa opskriuw, fermoed ik dat moderne lêzers stadichoan gjin idee mear ha wêr dit stikje oer giet, mar hawar. Dus, wy de ferfdoaze foar it ljocht en we ha myn aai moai bespikkele. Doe hat Durk it yn it ljippenêst lein. Rinse siet yn it komplot en dy wachte noch even mei jarjen. Al rillegau wie it mantsje út de Wâlden der wer en hy rûn der rjocht op ôf. Net ien hie wat yn de gaten, de boargemaster ek net. Missy folbrocht: eindelik leit it earste ljipaai in kear by Rie. 

 

Durks Akke

april 2024


AKKE BEWÛNDERT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ha jim ús nije sportakkommodaasje al bewûndere? It is werklik wier in wûnder wat dêr ta stân komt. It modernste fan it modernste kwa design, rjocht en strak. En dan it hielendal fernijde fjild derby. Kompleet flak en strak. 

Neffens my is der nergens in keatsfjild dat der sa moai by leit as uzes. Lêsten kaam ik der lâns doe’t it krekt foar de earste kear meand wie, yn kearsrjochte banen. As hiene se de lineaal en it wetterpas der by hân, krekt wiskunde. Suver sonde dat der straks wer op rûn wurdt, mar ja. De keatsballen wolle fansels omraak rôlje op sa’n gêrsmatte, dat kin je fan tinken wol ha. Ik en Durk ha al even de proef op de som naam. Durk stiet al jierren bekend as de minste ledekeatser fan Rie en hy hat noch nea yn syn libben in bal boppe slein. Ik goaide him in baltsje op en sa as gewoanlik wie it wer in knapper, it baltsje foel neist him op ‘e grûn. 

Mar sjoch, it stuitere in kear en begûn doe te rôljen, it hiele fjild oer. Pas achter de boppe wie it útrôle. Durk syn earste boppeslach, dames en hearen. Sa’n flak en strak fjild iepent nije mooglikheden wat de keatssport oangiet. Op guon plakken ha se al it teatsen útfûn: keatse mei in tennisracket. Ik stel foar dat wy yn Rie it biljeatsen útfine: keatse mei in biljartkeu. Moat hiel goed kinne en it is ek foar âldere minsken hiel geskikt, want jo moatte der by op knibbels lizze. Fanôf de stuit stoat de foarbêst opstoater de bal nei it perk en twa man mei in keu yn it perk moatte besykje de bal werom te stoaten. Dat binne de útstoaters. 

Trouwens, by al dy rjochte lijnen op it keatslân is der ien lijn dy ôfwykt. Dat is de goatlijn fan it nije gebou. Ik wit net at it jim al opfallen is, mar dêr sit in rare knik yn. Dêr is yts net hielendal goed gien en dat is Durk syn skuld, bin ik bang. Hy hat ien kear as frijwilliger meiholpen en dat wie krekt by it útmjitten fan de konstruksje. Doe’t se it mjittou strak lûke woene, stie hy der by ûngelok boppe op, de sukkel. Mar fierder is der hielendal, mar dan ek hielendal neat op oan te merken. Op it gebou, bedoel ik. 

 

Durks Akke

mei 2024


AKKE SLACHT FOAR BEST OP 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Pinkstermoandei sei ik tsjin Durk, kom, wy geane wer ris âlderwets nei de Bond yn Frjentsjer, sjen hoe Rie it docht. Dat hiene wy al yn gjin jierren mear dien. Mar doe ’t wy dêr kamen, wie Rie der al ôf. Teminsten, dat tocht ik. Pas letter kaam ik derachter dat Rie hielendal net op ‘e list stie. 

En nei de Jong Nederlân en de Damesbond hoechden wy ek al net, want al wa ’t meidie, Rie net. Trouwens, net allinne Rie ûntbruts, ek ús buordoarpen wiene net fan de partij. Gjin Peins, gjin Doanjum, gjin Skalsum. Wat is hjir loas? Der wurdt hjir oars noch omraak keatst, mar blykber allinne noch troch hakkenkrukken, dy net goed genôch binne foar it grutte spul. Dat frege ik my ôf. Om hjir antwurd op te krijen ha ik AI ynskeakele. Ik typte de fraach: “Waarom stond Ried niet op de lijst, laatsten Pinkstermaandag?” It antwurd kaam drekst: it is de fergrizing. Rie sit fol mei bejaarden, jo stroffelje der oer. En dy hâlde alle huzen beset, sadat de jeugd útwike moat nei gruttere plakken. En dy ha dan wol in ôfdielingspartoer, of soms wol twa. Hjir falt net folle tsjin te dwaan, it is sa ’t it is. 

Mar ja, de Bûnspartij is op sa’n manier net folle mear oan foar in grut part fan it keatspublyk. Dêrom ha ik in tip foar de KNKB, om de dielname wer op te krikken: feroarje de leeftiidsgrinzen fan de ferskillende jeugdkategorieën. Lit de jeugdleeftiid trochrinne oant 65 jier. Alles dêrûnder falt yn de jonges- of famkeskategory. In junioarewedstriid lykas de Jong Nederlân is dan foar minsken fan 62 oant en mei 64 jier. Pas dêrnei komme je yn de senioarekategory. It klinkt eins hiel logysk, senioaren binne ommers 65+. Sadwaande kinne alle fergrize lytse doarpkes wer meidwaan en wurdt it wer leuk op it Sjûkelân. 

Rie is fuortendaliks wer kânshawwer, mei sokke koryfeeën as Lytse Rients en Wietse Punter. Alde tiden herleve. Durk kin wol mei har mei as balkearder. Miskien is it wol ferstannich om twa spul út te keatsen, oars lizze de sikehuzen yn de omkriten op tiisdei te fol. Sels stel ik my beskikber foar it ôfdielingspartoer by de dames. Ik slaan op dizze bledside ek altyd al foar bêst op, dat wêrom soe ik dat op it keatsfjild net kinne. 

 

Durks Akke

juni 2024


AKKE HAT FOMO 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Hè hè. Eefkes rêst. Eindelik tiid om gau noch even in stikje te skriuwen foar de Kattebel. Minsken, wat ha ik it tsjinwurdich drok. Miskien giet it jim wol allyk sa, mar ik ha fleanen en draven om alle aktiviteiten yn Rie by te fytsen. Ik ha al in skoft in pear boeken út de húskeamerbibliotheek te lizzen, mar dêr kom ik net iens oan ta. At der Ynloop is yn de Rede, dan wol ik dêr by wêze, want dat is altyd hiel gesellich. Spultsje dwaan is myn favoryt, ek al kin ik dan ek net oer myn ferlies. Ik sleep Durk der no ek mei hinne, want dy mei graach biljerte. At it waar him der foar lient, mei ik graach jeu-de-boule. En dêrnei noch even bewege yn de beweechtún. 

En by alle reuring yn de Rede, ha ik de reuring yn ‘e kont. Ik kin net thúsbliuwe en moat der hinne. At der doarpsûntbijt is, of toaniel, of patatbakken, ik bin fan de partij. Ik slaan gjin kaartklubjûntsje oer. Ik ha in spesjaal Tupperwarebakje om de tsiis en woarst yn mei te nimmen. 

By alles wat der yn Rie te rêden is, of dien wurde moat, dêr bin ik. Frijwilligje yn it doarpshûs, de Kattebel rûnbringe, kollektearje foar Jantje Beton, ik stean klear. At der fergadering is fan Doarpsbelang of Klaas Mug, dan sit ik foaroan. De EHBO kin altyd in berop op my dwaan. It is dat de Skoffelploech in manne-oangelegenheid is, oars hie ik dêr ek foar master opslein. Mar op dy mominten kin ik wol helpe mei it skjinmeitsjen fan it nije doarpshûs op it keatslân. Ik bin de universele Riester. 

Ien probleem: je wurde der deawurch fan. Ik koe op it lêst gjin flerk mear optille. Dat ik nei Comello. Hy skynde my ris yn de eagen en sei doe: ik sjoch it al. Jo ha FOMO. Der kin yn Rie gjin kat strûpt wurde, of jo moatte in poat beethâlde. It is te folle fan it goede. Ik advisearje ferhuzing nei de grutte stêd. Dêr is foar jo soarte neat te beleven. Dêr kinne jo in saai leven liede. Dacht het niet, sei ik tsjin Comello. Riester Merke stiet foar de doar. Dêr wol ik gjin tel fan misse. Dêrnei wol ik it wol even rêstich oan dwaan. Mar net te lang. 

 

Durks Akke

september 2024


AKKE EN DE MASSATOERIST 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik kin it net helpe, minsken, mar ik ha alwer dollartekens yn ‘e eagen. Dat sit sa. Doe ’t se foar it nije gebou op it keatslân de riolearring oan it lizzen wiene, foel it my op dat it wol hiele dikke buizen wiene dy dêr op it havenpaad yn ‘e grûn giene. Ik tocht, krije wy hjir in metro? Dy riolearring is blykber berekkene op in hiel soad minsken. Se hâlde seker rekken mei in grutte tarin yn ‘e haven. 

No wol my dat wol oan, want de nije foarsjennings binne der ek neffens. Lúkser kin it net, dêr yn it sanitairgedielte fan ús nije ûnderkommen. De flierren lykje wol fan marmer en se blinke hurder as in ikel. In gouden WC-bril ûntbrekt der noch oan. Dêr kinne dy rike oaljesjeiks yn Dubai en dat soarte plakken noch in puntsje oan sûge. It is sowieso deftiger as by jim thús. Wy kinne hjir straks hordes minsken in fiif-stjerre ûntfangst jaan. Tegearre mei sa ’n moaie haven biedt dat kânsen foar de cruise-yndustry. Ik bedoel dat cruiseskippen njonken Acapulco, Venetië en Singapore, ek Rie oandogge. Ik jou ta, sa lang as de brêge oer it Wiid noch net ferfongen is troch in akwadukt, kinne de grutte seeskippen hjir noch net oanlizze, mar dêr is fêst yn Brussel noch wol in potsje mei in miljard foar te finen. Salang kin it wol ta mei fan dy rûnfeartboaten lykas se troch de grêften fan Amsterdam farre. Dêr passe per stik ek wol in pear hûndert Japanners yn. 

De fraach is der wol, want yn Amsterdam binne se al dy toeristen yntusken leaver kwyt as ryk. Lit se hjir mar komme. Kinne wy der moai oan fertsinje. En dy út Majorca, Barcelona, Venetië, Grikelân en wêr se der ek mar mei oan binne, mei al dy toeristen, binne hjir ek wolkom. Wy ha romte genôch. En at se allegear tagelyk hege need ha, past it noch maklik troch dy dikke ôffierbuis. Sels noch wol at der in skipfol dikke Amearikanen oanleit. Moat allinne earst wol even de Flokkershoeke, jim witte wol, dy rare S-bocht yn it Wiid by Boer, rjocht lutsen wurde. De skûtsjeskippers fan eartiids kamen der mei wat flokken wol trochhinne, mar dat sjoch ik dy cruisekapiteins yn harren glimmende uniformkes se noch net neidwaan. 

 

Durks Akke

oktober 2024


AKKE EN DE FLEANLINGEN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Der fljocht hjir yn Rie tsjinwurdich hiel wat om. Op fûgelgebied, bedoel ik. Folle mear as foarhinne. Destiids seachst hjir allinne mar protters, mosken en in pear eksters. En wysels natuerlik, de ka-famylje. Elk koe inoar en liet de oar gewurde. 

Mar de lêste tiid komme hjir hoe langer hoe mear frjemde fûgels hinne. Fûgels dy hjir fanâlds net thús hearre. Bytiden wit ik amper wat foar soarten at it binne, dat ik neam se mar fleanlingen. En in oerlêst dat se jouwe. Nim no de guozzen. Eartiids fleagen der yn de hjerst altyd in stik as wat yn formaasje oer ús hinne en dat wie alles wat wy der fan murken. Hjoeddedei sitte se hjir it hiele jier. Manmachtich. Mei harren stomme waggelkonten. En in leven dat se meitsje. Om noch mar te swijen fan alle skoandere gêrs dat se opfrette. Sûnt wy it Riester bosk hawwe, komme hjir ynienen ek allegear boskfûgels hinne. Se ferbalje ús greidefûgels, dy koene opsoute. No, ik hear maitiids folle leaver in ljip roppen as dat ik nei it krassen fan in Flaamske Gaai lústerje moat. Mar dy nimme it hjir no hielendal oer. Ik ha it der net op stean, op dy Flaamske Gaaien. 

Op alle frjemde fleanlingen net, trouwens. Se binne sa bretaal as de neten, se tinke dat Rie fan har is. En se binne raar. Se meitsje oare gelûden, se nimme ús nestplakken yn en se frette ús iten op. Mei harren útwrydske fearrekleed. Wat hat dat foar doel, al dy opfallende kleuren? Wat is der mis mei stemmich swart? Lykas ús soarte? Se sizze dat der yn de lannen wêr se weikomme op harren sketten wurdt troch jagers. Yn sjyke restaurants stean se op it menu. En hjir is it feilich. Dêr kin ik dochs neat oan dwaan? Wa kontrolearret dat? 

En no wol de fûgelwacht se ek noch yn Rie opfange. Der moatte 300 tydlike fûgelhokjes komme en dy wolle se oan de toer spikerje. De Handerabeid skynt de oarder foar it leverjen fan dizze tydlike húsfesting al binnensleept te hawwen. Myn wengenot giet sa nei de filistijnen. Boppedat: se stelle ek noch ris as raven, dy Flaamske Gaaien. Alles wat glimt is harres. No, dan lit ik grutte lûken foar de kloksgatten sette. Mei swiere slotten. 

Ik sis: NIMT (not in my tower). 

 

Durks Akke

november 2024


AKKE BAKT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Wat kinne jo noch dwaan om in bytsje fleurich te bliuwen yn in wrâld dy almar tryster wurdt? Krekt, lekker ite. Teminsten, sa lang as dat noch duorret, want der kin yn Den Haach sa in politike partij opstean dy fynt dat dat stopje moat, omdat wy mei syn allen de planeet leechfrette. Mar salang as it noch kin, is dat ien fan de weinige genoegens dy wy hjoeddedei noch hawwe. Dêrom binne al dy bakprogramma’s op ‘e tillefyzje fansels ek sa populêr. It is treast-TV. 

Hiene wy André van Duin froeger allinnich mar nedich om ús oan it laitsjen te bringen, tsjinwurdich is er de psychotherapeut des vaderlands wurden. Mei in cupcake as antidepressivum. Gjin wûnder dat dizze trend ek oerslein is nei Rie. Dat doe ’t ik de oankondiging van Heel Ried Bakt seach, tocht ik: wow, stel je foar dat ik de Bêste Bakker fan Rie wurd. Dan kin Janny van der Heide noch in puntsje oan my sûge. Dan wol André tenei mei my boatsjefarre. Mar ik kin noch gjin aai bakke, minsken. Dêr bin ik trouwens ek prinsipjeel op tsjin. Ut it eachpunt fan in ka is dat dochs in soarte fan bernemoard. 

Mar it bleau kribeljen. Dat doe tocht ik, at ik it no behein ta de toer, dan win ik altyd. Tsjin Durk hoech ik neat te frezen, dy hat yn syn libben noch nea it iten klearmakke. Dat ik ha Hiel De Toer Bakt organisearre. Mei as priis in djoere flesse sjampanje. Ik tocht, ik gean sels yn de sjuery, dan kin de priis my net ûntkomme. 

En wat tinke jim? Ferlern. Fan Durk. Ik hie in lekkere appeltaart bakt. Alhiel neffens it resept, dus dat koe net misgean, no. Mar wat hie dy smycht dien? Hy hie sels in resept yninoar draaid: in bearenburchtaart. It earste hapke siet net folle smaak oan, dat ik sei, jou my mar in flinke punt. Ik moat sizze, dat gie der bêst yn en by einbeslút ha ik de hiele taart soldaat makke. 

Spitigernôch bin ik gjin sterke drank wend, dat binnen de koarste kearen lei ik foar pampus op ‘e klokssouder. Doe’t ik de oare moarns mei in bêste kater wekker waard, hie menear himsels de priis al takend en de sjampanje al achteroerslein. Dat boatsjefarre mei André sit der foar my net yn. 

 

Durks Akke

december 2024


AKKE WOL EK WAT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Wy moatte tsjinwurdich alle dûbeltsjes omkeare, ik en Durk. Alle kearen as ik boadskippen helje, stap ik mei lead yn de skuon de supermerk yn. In protte minsken krije yn dizze tiid in moai krystpakket fan harren baas, mei allegear lekkers, mar myn baas De Kattebel, slacht my elts jier oer. Ek al wurkje ik der no al fjirtich jier. No ja, dat is net oars. 

Mar it is noch net te let foar in lintsje. Dat it wie wol wat hertsearich doe’t ik lêsten hearde dat it by sommige oaren yn Rie net op kin. Ik bedoel de Skoffelploech. It jild klotst dêr by de plinten op, minsken. Se hawwe al har eigen wurkgelegenheidsprojekt, al moatte wy it foar de foarm in ‘Beweechtún’ neame. Dit fanwegen de takenning fan subsydzje. 

En no binne se ek allegear noch, wer mei subsydzje, nij yn ‘e klean stutsen. Spesjale wurkklean, foar it skoffeljen bûten yn waar en wyn. Kosten noch muoite binne sparre. En alhiel neffens de lêste moade. Se joegen lêsten in show yn de Rede. Hie ik Durk destiids dochs mar wat mear achter de broek sitten, doe’t ik him opjoech foar de Skoffelploech. Neidat er yn de proeftiid ûntslein wie, fanwege permanint leunen op ‘e skoffel, ha ik it der by litten. Mar dat hie net wêze moatten. Dan hie Durk no eindelik ek ris wat fatsoenliks oan hân. No is it allegear leuk en aardich, hear, dy Beweechtún, mar it smyt fansels neat op. Der kin better wat nuttichs mei dien wurde. 

Yn it ljocht fan de djoere tiden fan hjoeddedei, bedoel ik. Dêrom stel ik foar dat ien dy Beweechtún even omploeget. De subsydzje is no dochs binnen. En dat de Skoffelploech dêr tenei ierpels en griente ferbout foar de Riesters, dy sels gjin griene fingers ha, of it net oan tiid ha. En dy gjin farske griente út de supermerk mear betelje kinne, lykas iksels. It kin net oars, of de subsydzjeferstrekkers steane hjirfoar yn de rige. Want it mes snijt oan alle kanten: de Skoffelploech is fan de dyk en los fan de frou, de Riesters hawwe gratis iten en it is ek noch ris sûn iten. Gjin dikmeitsjende pakjes en pûdsjes mear, of net duorsume beantsjes út Kenia, nee, alles farsk út eigen tún en út eigen doarp. 

Noflike feestdagen en in lokkich 2025! 

 

Akke en Durk de Ka.