Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2023


AKKE WOL JIM CHIPPE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Der binne tefolle wylde katten yn Fryslân, sizze se by de provinsje. Dat is net goed foar de fûgels. Dy ha bot te lijen fan dizze lustmoardners. As prominent lid fan de fûgelstân bin ik de earste om dit te befestigjen. Fryske jagers ha opdracht om se del te knallen, wat dan ek by boskjes bart. As Russyske huerlingen wurde se delmeand. 

Katteleafhawwers sitte op dit punt yn it ferhaal al te skodholjen, mar útsoarte hearre jo my net kleien. Dy bisten binne gewoan ûntsettend min opfieden. Net allinnich wolle se my en Durk en alle oare fûgels foar de lol opfrette, mar ferfolgens skite se ek noch ris oeral en nergens del, it leafste by de buorlju. Hjir by my op it tsjerkhôf is it slim. In krekt groeven grêf is alhielendal net feilich, mei dy moaie losse modder. Krekt in kattebak, no. 

Mar no binne ik en de jagers weromfluite troch de Partij voor de Dieren oangeande ús stânpunt oer dizze bistesoart. Dy katten kinne it net helpe dat se sa dogge, want dat is it ynstinkt. It is better om alle katten in chip te jaan, sadat de eigner achterhelle wurde kin. En oars mar steliri… stereoli.. steseli.. no ja, de kloaten der ôfsnije. Ik moat sizze, dat fyn ik ek wol in goed idee. En dat jildt dan ferplichte foar alle katten. Dus ek foar de Riester Katten. Utsûnderingen binne net mooglik, dat wurdt administratyf te yngewikkeld. 

Jim kinne kieze: in lyts chipke ûnder de hûd, of it mes yn de kroanjewielen. In maklike kar? Dat wit ik noch sa krekt net. Want yn it earste gefal binne jim foar my. Ik bestel nammentlik in útlêsapparaat, wêrmei ik fia jim mobile tillefoan tagong krij ta jim chip. De app ha ik al downloaden. Sadwaande kin ik altyd kontrolearje wêr jim úthingje. En as jim wat útspookje dat my net noasket, dan jou ik dat fuortendaliks troch oan de autoriteiten. Mei namme en tanamme en de eksakte koördinaten. Bliuwt it tsjerkhôf tenei ek skjin. 

Sa ’t it moderne sprekwurd seit: fertrouwen is goed, mar kontrôle is better. Dan hoege ik en Durk ek net hieltyd mear om ús hinne te sjen oft der net ien op ús leit te loeren. De iennichste dy loert, dat bin ik. 

 

Durks Akke

februari 2023


AKKE BENEAMT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Lit my riede: De Boppeslach. Sa komt ús nije simmerdoarpshûs te hiten, tink ik. Sa’n moaie foarsjenning is ommers in boppeslach foar Rie. En it is in term dy goed past by Klaas Mug. Ik skriuw dit fanwege de oprop fan de keatsklub yn de foarige Kattebel om in orizjinele namme te betinken. Se hâlde in priisfraach dêrfoar. Mar ik ha beswier tsjin de Boppeslach. Ik fyn it net orizjineel genôch. Fan Doanjum oant Tokio hite sawat alle doarpshuzen en keatshokjes al sa. Om deselde reden soe ik as keatsbestjoer ek fuortendaliks alle oare keatstermen, lyk as de Opslach, de Pripper en de Bûtser by foorbaat yn ‘e jiskeamer smite. 

It falt lykwols hjoeddedei net ta om orizjineel te wêzen. Sadwaande soene wy it better saaklik hâlde kinne, mei nammen lykas Keatshokje Twa Punt Nul of It Nije Gebou Op It Keatslân. Mar dat is saai, fansels. Durk kaam ek noch mei wat nammen op ‘e proppen, godbettere. Hy tocht oan It Hakkekrukkehonk, Achter ’t Perk of Perkzicht. Dy lêste namme kaam him yn ’t sin doe ’t er yn in bekend cafetaria yn Frjentsjer siet. De Neisit mocht it fan him ek wol wurde, mar fan my net, want der komme ek minsken dy gjin alkoholist binne. 

Sels ha ‘k myn gedachten der ek oer gean litten. Ik mei graach megalomaan tinke, dus ik kaam op de proppen mei Waadhoeke-Dome, of ARiena, mar dêrmei bin ik tefolle myn tiid foarút, bin ik bang. Miskien kin der better werom grepen wurde op de skiednis, mei De Oardeheale, de namme fan it keatslân, doe’t it noch gewoan in stikje bou fan boer Ennema wie. Mar ja, dêr brekke de boatsjeminsken fan bûten Fryslân harren de tonge wer oer, as se yn de haven oanlizze. En dy moatte der ek terjochte kinne. Muoilik, hear. 

Yn alle gefallen tink ik dat it moai wêze soe as it wurd simmer yn de namme sit. Dat bekket goed yn alle talen en it is de tapaslike tiid fan it jier. Mar hoe neame jo in doarpshûs foar simmer-gebrûk, in twadde Rede, in SimmerRede? Ik kom der net út. Dat ik en Durk dogge net mei oan de priisfraach, fanwege gebrek oan ynspiraasje. Jim sille sels wat betinke moatte. Wy sjogge it wol. At it mar net De Boppeslach wurdt. 

 

Durks Akke

maart 2023


AKKE EN DE NATUER 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Earst tocht ik dat it in betide aprilgrap wie, mar no gean ik der mar fan út dat it wier is: de haven is foar ûnbepaalde tiid sluten omt de wâlbeskoeiing op ynsakjen stiet. Dus Rie is oer it wetter net mear berikber, krekt no der in nije akkommodaasje boud wurdt. No ûntbrekt it my ornaris net oan fantasij, mar dit hie ik sels net betinke kinnen. 

Der sille wol muskusrotten oan it wurk west ha. Sokke bisten komme allegear op it Riester Bosk ôf, fansels. Dat is sa stadichoan in moai stik rimboe wurden, de Amazone is der neat by. De natuer rukt hieltyd fierder op nei Rie. Wat is it folgjende? In famylje dassen yn de sânbulten by de nijbou? Dan moat de bouwerij ek noch stillein wurde. Ik miende lêsten ek al dat der in see-arend boppe de haven sirkele. Dêr kin ek neat goeds fan komme. Of miskien sit der yntusken al wol in wolf yn it bosk. Ik lis hjir nachts wekker fan, minsken. Ik fiel my net feilich mear yn myn eigen doarp. Kin der net in grut stek om sokke gefaarlike natuer? Kinne wy net noch wat mear stikstof útstjitte? Dêr kin de natuer dochs net oer? 

It is allegear leuk en aardich, sa’n wyld bosk, mar it moat wol in aardichheidsje bliuwe, h’n. Om te foarkommen dat wy troch al dat gedierte noch fierder op slot komme te sitten, ha ik Durk oansteld as ûnbesoldige boskwachter. Ien kear deis moat er troch it hiele bosk hinne om te sjen oft der ek beskerme bisten sitte, dy dêr fan natuere net foarkomme. En dan bedoel ik gjin hûnen, dy binne gjin probleem, want dy komme der al fanôf dei ien. Nee, it giet om útwrydske soarten, dy hast útroeid wiene, mar no wer de kop opstekke. 

Op itselde stuit dat ik dit skriuw, docht Durk wer syn deistige ronde. O, wachtsje, dêr bellet er my krekt. Wat seist, Durk? Wat sit der yn ‘e bosk? Ed en Willem wa? Bever?? Sitte der bevers yn de bosk? Gjin wûnder mei al dy sleatten en dy lekkere beamkes. Moat nei de haven no ek de bosk sluten wurde? Skande. Dat krije jo der no fan as jo de natuer syn gong gean litte. Totaal gjin opfieding hân, dy natuer, hiel ûnbeskaafd. 

 

Durks Akke

april 2023


AKKE EN WIMBLEDON 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ferline wike kaam ik by it keatslân lâns en doe foel it my ynienen op. De gemeente hie krekt foar de earste kear it gêrs meand. Yn kearsrjochte banen, in moai gesicht. It fjild fan Ajax koe der net moaier hinne lizze. Dêrachter de strakke linen fan INGOIK, dat al aardich foarm krigen hat. En doe drong it ta my troch: it is krekt Wimbledon. 

Dit keatslân is net langer mear allinne fan doarpsnivo. It hat ynternationale allure. Stel it mar gerêst op ien lijn mei de grutte sportakkommodaasjes fan Europa kwa útstraling. At ik de KNKB wie, dan soe ik it earstfolgjende ynternasjonale keatstoernoai yn Rie hâlde. Wy hiene al de moaiste gêrsmatte fan hiel Fryslân en daliks ha wy mei INGOIK ek noch de meast blitse akkommodaasje fan Fryslân. 

Trouwens, dy gêrsmatte ha wy noch altyd te tankjen oan Jan Bronger. Hoefolle oeren at dy man froeger wol net op knibbels op it fjild lein hat om alle tiksels en oare túch fuort te heljen, dat stekt net nau. Nei ’t ik begryp komme der op it dak fan INGOIK sinnepanielen te lizzen. Mei sa ’n grut dak, pal op it suden kin hiele Rie hast wol fan stroom foarsjoen wurde, skat ik yn. Mar ik meitsje my al wat soargen. Sjoch, dy panielen komme fansels út Sjina, dêr meitsje se sok spul allegear, mar witte se dêr wol wat keatsen is? Witte se wol hokfoar easken as der hjir oan sokke panielen steld wurde? De omstannichheden binne hjir hiel oars as dêr. Oer ús skynt dan wol deselde sinne, mar ik bin bang dat se dêr net witte wat in keatsbal is. En al hielendal net hoe hurd as sa ’n baltsje wêze kin. Stel je foar, de perken lizze oan de kant fan de dyk en ien dy in bytsje slaan kin, in Roel Pieter of sa, kriget de bal goed yn ‘e nap. Hy slacht him oer alles hinne en dy bal komt as in meteoryt op sa ’n paniel ôfsaaien. Dan is it einde oefening foar dat ding. Dat no hoopje ik mar dat se yn Sjina ek in ferzje leverje kinne dy keatsbal-bestendich is. Miskien noch even checke by de leveransier? Oars wurdt it tenei in djoere keatserij. Mei INGOIK bedoel ik It Nije Gebou Op It Keatslân. 

 

Durks Akke

mei 2023


AKKE EN DE OPTOCHT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

At it heal kin, slaan ik net in optocht fan Klaas Mug oer. Ik wie der de earste kear, mear as fyftich jier lyn, al by. Moannen fan tefoaren binne ik en Durk al dwaande mei ús fersierde wein. It falt sa stadichoan net ta om nei mear as tsien optochten noch in orizjineel ûnderwerp te betinken, mar gelokkich hat de organisaasje in thema opjûn: HOE VERDIEN IK MIJN GELD. Tsja, dat is lestich foar ús. 

Sels bin ik húsfrou en ha gjin ynkommen. It komt dus op Durk del. En sa ’t jim witte hat dy gauris wat oars by de ein. No ek wer. Hy is optheden hielendal op de biologyske toer. Hy is in plantekwekerij begûn. En it leit ús gjin wynaaien. Durk bringt aardich wat jild yn, dat moat ik tajaan. Dat ik sei tsjin Durk: it soe aardich wêze asto dyn plantekwekerij neiboust op in wein. Dan binne wy hielendal yn lijn mei it thema fan de optocht. 

Mar earst fielde Durk der net folle foar. Hy sei dat syn planten dêr net geskikt foar wiene, want se kinne net oer deiljocht. Se groeie allinne by keunstljocht. Hoe feller, hoe better. Eigenaardich, sei ik, sa sit de natuer oars net yn mekoar. Dat sil wol wat losrinne mei dat ljocht, oan de slach. Dat wy de wein optúge. It waard in prachtich gesicht, al dat grien. Mar doe kaam ik der in pear dagen letter wer even te sjen en wat tinkt jim? Hat er der in grut stik swart plestik om hinne makke. Oan alle fjouwer kanten. En in dak itemditem. Der is neat mear fan te sjen. 

Moat dat sa yn de optocht mei, sei ik tsjin him. Hjir hat it publyk neat oan. Stean se tiden oan de dyk te wachtsjen oant der wat oankomt en dan is it in wein dy hielendal yn plestik ynpakt is. Dêr winne wy gjin prizen mei. Mar dit wie sa krekt de bedoeling, sei er: zo verdient Durk zijn geld. Dat Rie hat mei de merke de primeur: foar it earst rydt der yn in optocht in wein mei wêrop neat te sjen is. Wa tinkt dat der achter it plestik in ridende wytplantaazje sit, docht soks foar eigen rekken. Yn elts gefal is it in plak wêr de plysje nea sykje sil. 

 

Durks Akke

juni 2023


AKKE FYNT IN BRIEF

 

 Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan’e toer, ik en myn man Durk. 

Hjir rjocht ûnder my, op it tsjerkhôf, is it grêf fan âlde Klaas Mug. Hast hûndert jier leit er dêr al en it is der meastal rêstich. Mar doe ’t ik juster út it kloksgat wei nei ûnderen loerde, seach ik wat lizzen yn it gers, krekt foar de grêfstien. Dat ik der hinne. Wie it in kokerke, dat heal út de grûn stuts. Doe’t ik it kokerke iepen makke, blykte der in brief yn te sitten. Fan de âlde baas sels. Dat moat er út de grûn wei omheech triuwd ha, dat leau ik fêst. De brief is rjochte oan alle Riesters, dat om de âld man te geriven, druk ik him hjir even ôf: 

 

Achte doarpsgenoaten, 

Ik tocht destiids yn 1898, wat kin ik dwaan om de Riesters, ek in iuw nei myn dea, noch in bytsje oan it wurk te setten en byinoar te bringen? Wolno, ik rjochtsje in keatsklub op. Alle kearen at der dan wer fiif jier om is, dan moat hiele Rie wer yn it spier. En dat slagget no al 125 jier. Ik ha begrepen dat yn alle strjitten fan it doarp minsken al wikenlang yn it geheim meiinoar dwaande binne om strjitfersiering te meitsjen en om wat bysûnders yn elkoar te setten foar de optocht. 

Buertgenoaten, dy inoander normaal sprutsen heechút goeiendach sizze, stean no mei elkoar te figuerseagjen en te fervjen. En reitsje sa wer wat better yn ’e kunde. Moai fyn ik dat. Keatsen ferbroedert. En figuerseagjen ek. 

Doe wy begûnen, hiene wy noch net sokke moaie foarsjennings as jim no ha. Wy moasten earst de skiep nei in hoeke fan it fjild driuwe en merkten de keatsen oan mei de keutels. Klaairomte hiene wy ek net, wy hongen de jassen oer it stek. Jim moatte grutsk wêze op jim moaie fjildsje. Hielendal no der sa’n moai gebou komt te stean. Ik muoit my dat ik dat net mear meimeitsje kin, mar ja, ik sit al hast hûndert jier yn de himel en hjir witte se net wat keatsen is. Spitich genôch. 

Dat ik ried jim dan ek oan om noch mar sa lang mooglik dêrûnder te bliuwen. Ik moat dochs ris mei Petrus om tafel om te sjen at er my net even in dei mei Riester Merke nei ûnderen stjoere wol. Doe ’t ik noch de kroech hie yn Rie, koe ik mei in flesse bearenburch altyd in protte berikke. Meitsje der in moai feestje fan. 

 

Groetnis, Klaas Mug.

september 2023


AKKE EN IT KLIMAAT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Wat is dat optheden wat mei dat klimaat, net. Foarhinne hearden je dêr noait wat oer, dat it sil wol wat nijmoadrichs wêze. Sa’n moderne útfining lyk as de mobile tillefoan. We ha der net om frege, mar dochs wurde wy der mei om de earen slein en ûntkomme wy der net mear oan. Ik hâld net fan nije dingen, ik ha der neat oan, want sûnder wie ik ek lokkich. Ik ha leaver dat se ferbean wurde. 

En dy flauwekul mei dy koades giel moatte se ek ôfskaffe. It is trouwens ek it maklikste as jo in probleem net oplosse kinne: gewoan by wet ferbiede. Dus ek dat klimaat moat ferbean wurde, fyn ik. De partij dy dat yn syn ferkiezingsprogramma set, kriget myn stim. Foar it gefal dat in ferbod neat úthellet, tink ik dat wy yn de tuskentiid miskien dochs better der in bytsje rekken mei hâlde moatte dat it waar feroaret. Ik bedoel dat wy tenei waarme en wiete simmers ha en gjin winters mear. 

Dus de iisbaan dempe en huzen op bouwe. Ik ha alle respekt foar de iisklub, mar se lûke oan in dea hynder. En in strân oanlizze by de haven, sadat it nije gebou ek moai as beachclub tsjinst dwaan kin. Mei al dat glês yn de gevel is it krekt in tropyske kas. Binnenkoart gratis bananen foar hiele Rie, soe ‘k tinke. Fierders hoopje ik dat se mei de beplanting fan de nije Beweechtún ek in bytsje foarút sjogge. Dat der beammen en planten yn komme, dy oer de tropen kinne. Palmbeammen bygelyks. 

Oer in pear jier dan wolle dy hjir groeie as koal. Binnen de koartste kearen is it in Beweechoerwoud. Hawwe wy behalve doarpshûnen en -katten straks ek doarpsapen. (Al binne dy der no bytiden ek wol.) Ik stel foar om no al in nije feriening op te rjochtsjen: Kokosnútferiening Rie. Mei as belangrykste aktiviteit: op de earste sneon yn septimber mei it hiele doarp gesellich kokosnuten plukke. Wat je plukke meie je sels hâlde. Mei in ekstra priis foar wa ’t it rêdste boppe yn de beam sit. It dragen fan in bouhelm is folgens de reglementen ferplichte, oars folget diskwalifikaasje. Wa de measte nuten plukke kin is winner. Dy mei himsels in jier lang Kening fan it Beweechoerwoud neame. 

Tiden hawwe tiden. 

 

Durks Akke

oktober 2023


AI DE KA 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ’e toer, ik en myn man Durk. 

Of net? Bin ik it sels wol, of bin ik in tekstrobot? Bin ik in AI-programma? Dat is tsjinwurdich mar de fraach. Kompjoeters dy slimmer binne as de measte minsken wiene der al langer. Mar se wurde hieltyd better en no binne se der ek al dy slimmer binne as in ka. 

En dy systemen kinne alles. Ek stikjes skriuwe yn de Kattebel. Mei in pear mûsklikken is it klear en jo kinne it ferskil net merke. Miskien wurde dizze stikjes al wol twa jier troch in kompjoeterprogramma skreaun, wat witte jo der fan. Sitte Akke en Durk al tiden as rinteniers op de Ka-naryske Eilannen sûnder dat ek mar ien Riester der erch yn hat. Wurde jim net langer fanút de toer yn de gaten hâlden, mar fanút in datasintrum. 

Mei AI is alles maakbaar. En alles is dêrtroch perfekt. Ik hoech nearne mear oer te seuren. Der is neat mear om jin drok oer te meitsjen. It duorret net lang mear, dan libje wy allegear yn in firtuele wrâld. Walbeskoeing yn ‘e haven ferrotte? Even it algoritme oanpasse en klear is it wer. Te min frijwillegers? Dan lûke wy even in blik firtuele assistinten iepen. Der leit gjin modder mear op ‘e dyk as de boeren it spul fan it lân helje en auto’s hâlde har allegear keurich oan de snelheid as se troch it doarp ride yn in firtuele wrâld. 

Auto’s ha wy trouwens ek net mear nedich. Set mar in firtuele bril op en jo binne drekst wêr jo wêze wolle. Wat sil it rêstich wurde op ‘e buorren sûnder dy drokte fan auto’s en minsken. Hearlik stil. Wol in bytsje saai, net? Sa ‘n wrâld wêryn neat mear te tsjanterjen falt. Mei allinne mar moai waar en lange dagen. At ik nearne oer krimmenearje kin, dan fiel ik my net goed. Ik sit pas lekker yn myn fel at ik hjir op dit plak ris even goed sizze kin wat ik der fan fyn. 

Lykwols: Rie is geweldich, jim binne geweldich, iksels bin geweldich en sels Durk is geweldich. Dêrmei is myn ferhaaltsje fan dizze moanne wer klear. Enter. Wat moat it tenei wurde: Akke of AI? Alles altyd sûnder wanklanken op dit plak, of alle moannen dat geouwehoer fan dy fûgel? Jim meie kieze. 

 

AI AKKE

november 2023


AKKE JOUT IT WEI 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Hat it jim ek sa goed smakke, dy gratis lunch lêsten yn de Rede? My en Durk wol. Wy wiene as earsten yn de seal, doe’t de doar iepen gie en wy ha ús hielendal fol fretten. En wy ha ek noch in tas fol broadsjeboel meinaam nei hûs. Wat wol je ek at it gratis is. Want it wie allegear op kosten fan de provinsje Fryslân. 

Hiele Rie sêd op kosten fan de oerheid, dat ha se yn de rest fan Nederlân net. Wy treffe it mar mei sa ’n provinsjebestjoer. It begryp dat se oan de Twabaksmerk in potsje ha foar it by inoar bringen fan lokale bedriuwen en de ynwenners. ‘Mienskip en Bedriuw yn Ferbining’ neame se dat. Se fine dat wy mear ferbine moatte, ek de net-EHBO leden. 

Ik hie it hjir mei Durk oer en dat brocht him op in idee. Hy hat syn hiele libben al graach in eigen bedriuw begjinne wollen, mar hy hat dêr de harsens net foar, lit stean it jild. Mar op sa’n wize wurdt it sokken as him wol hiel maklik makke. Dat hy hat him fuortendaliks ynskriuwe litten by de Keamer fan Keaphannel. En no hat er syn eigen lokaal bedriuw, spesialisearre yn it iennichste wêr ’t er wat fan ôf wit: drank. Hjir ûnder yn de toer is er in drankehannel anneks sliterij oan it ynrjochtsjen. 

Ik frege him: hast al in pakkende firmanamme? Dêr yn Skearnegoutum bygelyks ha se de Wijn en Whisky Schuur, dat bekt lekker, dat ûnthâlde de minsken. Soks moatsto ek betinke foar dyn nije saak. Dat no ha wy hjir yn Rie de Bier en Bearenburch Toer. Hy hat him fuortendaliks oanmeld foar de subsydzjeregeling by de provinsje en sadwaande organisearret De Bier en Bearenburch Toer meikoarten yn de Rede in gratis doarpsbuorrel foar it hiele doarp. 

Durk hat der al omraak op ynkocht. Under yn de toer stiet it fol mei kratten bier en pallets mei doazen bearenburch. De rekken hat er nei it Provinsjehûs stjoere litten. De drank sil ryklik floeie en it wurdt allegear betelle troch de provinsje Fryslân, want der is ommers neat wat sa goed ferbynt as dat jo meiinoar in flink stik yn ‘e kraach sûpe. It hiele doarp lam op kosten fan de provinsje. Eindelik wurdt ús belestingjild in kear goed bestege. 

 

Durks Akke

december 2023


AKKE HAT WER IN PLAN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Sit der noch wolris ien op de Leugenbank? Dat freegje ik my ôf. Neffens my noait mear. Heechút simmerdeis in pear passearjende fytsers of kuierders, dy ’t even útrêste wolle. Hoe oars wie dat foarhinne. Doe wie de Leugenbank it brânpunt fan it doarp. Alle Riester en wrâldproblemen waarden dêr oplost. It wie, sis mar, it VI Inside fan Rie, mar dan better as dy jeuzelders op tillefyzje. Mannen lykas Watse Visser, Brand de Vries, Joop Fokkema en Daan Groen, ik sjoch se noch sa sitten. Doarpsâldsten. “De Raad” waarden se yn it doarp neamd. 

Spoaren lieten se ek achter: jo stroffelen dêr oer de sigarepeuken en it stonk der altyd fan prúmkejarre. At it min waar wie, kamen se ek. Dan stiene se achter de konifearen. Mar wol stipt om itenstiid gie elk tagelyk stean en nei hûs, want dan siet moeder de frou klear mei it iten en dy wie by eintsjebeslút dochs de baas. Ik sette myn klok dêr altyd op lyk. Middeis ferruilen de âlde mantsjes de Leugenbank foar de Keet, dêr sieten se dan in potsje te kaarten. Dan siet de Riester jeugd op ’e bank en gie it oer opfoerde brommers of stappersjûnen yn Berltsum. 

Aber das war einmal. De âlde mantsjes fan doe bin dea en de âlde mantsjes fan no ha foar soks gjin tiid mear. Of se binne mei de camper fuort. En de jeugd fan no sit allegear op de social-media-leugenbank. De Riester Leugenbank stiet te fertutearzjen. En no ’t it standbyld fan de Riester Kat ek noch omleit is it mar in tryst gesicht. Tel der nochris by op dat it tillefoangeboutsje syn bêste tiid ek hân hat, dat is noch út de tiid dat de minsken de tillefoan thús yn de gong hingjen hiene, en it mei dúdlik wêze dat de hoeke fan de Hoofdstraat en de Nieuweweg de rottige kies fan Rie is. 

Dêrom sis ik: sko dy hiele boel dêr mar plat. En meitsje der in moai pleintsje fan. At der keatsen is, kinne de auto’s der stean en fansels moat mei de merke de sweef en sjittinte der stean. Hoecht it trochgeande ferkear him dan net mear troch de Fiteringerstrjitte te wringen. Om te foarkommen dat jim jim de kop brekke moatte oer in namme fan it Riester doarpsplein, ha ik dy al betocht: it Akke de Ka Plein. 

 

Durks Akke