AKKE HALDT IT KOART
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ’e toer, ik en myn man Durk.
Oant safier myn stikje foar dizze moanne. Betanke foar jim oandacht en oant de folgjende kear.
Durks Akke.
Koarte taljochting: De 7 pleagen binne oer ús: Corona, Apepokken, Poetin, Klimaat, Droechte, Djoerte en Skaarste. En dan tel ik Durk noch net iens mei, dat foar my binne it dan ek net de 7 pleagen fan Egypte, mar de 8 pleagen fan Akke. Under sokke omstannichheden kinne jim net fan my ferwachtsje dat ik alle kearen mar wer in nuttich stikje skriuwe kin, wêr ’t jim ek noch wat oan ha. De opfoedkundige stikjes lizze net mear foar it opgripen.
Ek hjir slacht de skaarste ta. Ik tocht earst, miskien kin ik myn stikjes tenei yn Sjina meitsje litte en dan nei Rie ta opstjoere litte, mar dêr binne de levertiden oegryslik oprûn. Doe ha ik besocht om hjir persoaniel oan te lûken om my te helpen by it skriuwen.
Mar oeral is persoaniel te koart. Bygelyks by de supermerken. By de Poiesz yn Berltsum wurde de boppeste skappen dan ek net mear oanfuld. Dat is net slim, want binnenkoart kinne wy de boadskippen dochs net mear betelje.
Gelokkich bliuwe myn stikjes gratis, dêr hat de ynflaasje gjin fet op. Mar sa lang as de tastân yn de wrâld sa bliuwt, sille se bin ik bang wol te koart wêze. Dat hoecht gjin ramp te wêzen, want as Riesters ha jim sa stadichoan genôch fan my opstekke kinnen. Wa’t oannimme wol, teminsten.
Miskien moat ik ferhúzje nei it tredde kloksgat fan it Kremlin. Ik ha de yndruk dat dêr noch in Akke de Ka yn de toer ûntbrekt. At se dêr sa ’n ien as ik hân hiene, wie it dêr nea sa út de klau rûn, dat wit ik seker. Ik woe mar sizze, at jo Durk der ûnder hâlde kinne, dan moat dat mei sa’n Vladimir ek net sa moeilik wêze.
Tsjin corona en apepokken bestiet in vaccin, mar tsjin dizze man helaas net. Tsjin dizze man helpt allinne in frou. De winters binne my dêr wol te kâld, trouwens. Dat dan oerwinterje ik wol yn Rie. At ik dûbele ruten yn de kloksgatten sette lit, ha ik fan it klimaat ek gjin lêst mear, ek al hearre jim de klok dan faaks net mear slaan. En it reint ek al wer. Sa komt oeral dochs wol wer in oplossing foar.