Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2021


AKKE LIT DE HÛN ÚT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

En ynienen gie it allinne noch mar oer de jûnsklok. Earst hie ik it net troch, want wy ha hjir op ‘e toer al jierren in klok wêr’t je de hiele dei op sjen kinne hoe let it is, mar no snap ik dat wy nei njoggenen net mear nei bûten meie. Dan is it spertiid, krekt as yn de oarloch. 

Wa ’t trapearre wurdt kin 95 euro dokke. De hûn útlitte mei noch wol, dêrom nimme no in protte minsken mar sa’n bist. Of se hiere ien, want dat skynt ek al te kinnen. Hûnen binne tink ik net fetber foar it firus, dat fandêr. Dus, yn Berltsum hoege se harren fan de jûnsklok neat oan te lûken. 

Mar wy binne gjin Berltsumer hûnen, wy binne Riester katten. Ik ha der wol oer neitocht om in hûn te nimmen, mar dan sitte jo der altyd oan fêst. En dat sit ik ek al oan Durk. 

Doe krige ik in idee. Ik bin achter de naaimasjine sitten gien en ik ha in hûnepak foar Durk yn elkoar naaid. At er dat oan hat liket er krekt in Sint Bernard, werklik wier, jo sjogge it ferskil net. Ik wie altyd al handich mei nulle en tried en dat komt no goed fan pas. Sa kinne ik en Durk jûns foar bêdtiid dochs even in slach troch de bosk om in frisse noas te heljen. Sa no en dan giet Durk even tsjin in beam stean, dan liket it wat echter. Allinne poepe moat er thús dwaan, ha ‘k tsjin him sein. Ik gean net mei in plestik pûdsje achter him oan rinnen. 

Ik wol foar jim ek wol sokke pakken meitsje. De priis is 94 euro per stik, dus dat kin wol út. Se sitte hiel komfortabel, jo kinne se de hiele dei wol drage. Alles kinne jo deryn dwaan, allinne boadskipje net, want der meie gjin hûnen yn de Albert Heijn. Dan bine se jo oan it fytserek. Mei syn tsienen byinoar komme en in krat bier leechsûpe? Kin gerêst, foar hûnen jildt gjin samenscholingsferbod. Ek autoriden giet prima, al moat jim dan wol oppasse foar de ferkearsplysje. Dy binne krekt wat snoader. 

Stek dêrom ûnder it riden de holle út it sydrútsje, lit de tonge út ‘e bek hingje en se litte jo sa passearje. Jo moatte yntelligint wêze yn dizze lockdown. 

 

Durks Akke

februari 2021


AKKE EN DE RIESTER FARIANT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

At wy de gelearden leauwe sille dan soe it coronafirus op it minskdom oersprongen wêze moatte fan in flearmûs. Frekte bisten. Wêrom springt it net wer werom? Dit is soarchlik foar ús hjir yn Rie, want by my en Durk yn ‘e toer tilt it op fan de flearmûzen. Wat foar firussen kinne dy wol net allegear by harren hawwe? 

Ik wie der net gerêst op, dus woe ik der mear fan witte. By bol.com koe ik in thúslaboaratorium keapje en doe bin ik oan it ûndersykjen gien. Durk hat boppe yn ‘e spits in flearmûs foar my fongen en dy ha ik yn in reagearbuiske troppe. Binnen 24 oeren hie ik de útslach en ja hear, it bist siet oan ‘e harsens ta fol mei coronafirus. Mar doe ’t ik it DNA fan dat firus analysearre blykte it net itselde firus te wêzen dat wy al kenne. It is justjes oars, in fariant om samar te sizzen. Ik neam it de Riester fariant, want it is noch nearne oars op ‘e wrâld oantroffen. Om te sjen hokfoar útwurking dit firus op in minske hat, ha ik in wittenskiplik eksperiment opsetten. Sûnder dat se it sels wisten ha ik in pear Riesters der mei besmet. En de earste risseltaten wize op in ferrassende útkomst. 

Hoewol ik noch sit te wachtsjen op in peer review, wol ik dochs alfêst de konklúzjes mei jim diele. De symptomen fan de Riester fariant blike hiel oars te wêzen. Yn stee fan koarts, hoastjen en wurgens binne dat laitsjen, sin oan bier en in ûnbedwingbere behoefte om feest te fieren. De measte proefpersoanen hiene dizze ferskynsels yn mylde foarm, mar by likernôch twa prosint fan de gefallen gie it sa mâl dat se opnaam wurde moasten. Yn it kafee, wol te ferstean, net yn it sikehûs. 

De Riester fariant blykt in stik besmetliker te wêzen as de oant no ta bekende farianten en myn ferwachting is dat er rap dominant wurde sil. Sa gau as dizze fariant him fierder oer Rie ferspriedt sil de Rede iepensteld wurde foar de tastream fan alle pasjinten. Helpferlieners binne al drok dwaande it doarpshûs dêrfoar yn te rjochtsjen. Slingers moatte ophongen wurde, ballonnen opblaasd en de muzykapparatuer klearsetten. Ekstra fetten fan it AmstelHeineken-faksin binne al besteld , mar de brouwerijen jouwe oan dat se muoite ha om sa hurd te leverjen. Se wachtsje noch op goedkar fan it middel troch Durk, mar binne alfêst drok oan it opskalen. 

 

Durks Akke

maart 2021


AKKE FAKSINEART 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It sjit foar gjin meter op mei dat faksinearjen tsjin dy corona. Dat komt fansels omdat der sa’n poespas fan makke wurdt. Earst moat der in útnoegingsbrief ferstjoerd wurde, dan moatte je in ôfspraak meitsje en dan moatte je noch ris nei ien of oar sintrum ta, yn Ljouwert of sa. Dat kostet allegear tiid en muoite. 

Op sa ’n manier wurdt Riester Merke dit jier noch neat. No ja, miskien in merke allinnich foar de tachtichplussers. Dêr sil de sweefbaas net folle better fan wurde. En in matinee mei as hichtepunt de rollator-polonaise stelt ek net folle foar. 

Dat moatte wy ús net barre litte as Riesters, sa betocht ik. Ien kear de merke oerslaan wie al dreech, mar noch ris, dat kin de bedoeling fan it libben net wêze. Dus siet ik wakker te prakkesearjen oft it ek wat hurder koe, mar ik kaam der net út. Oant ik op de tillefyzje in dokumentère seach oer in Indianestam yn de Amazone. Dy wurkje mei in lange blaaspiip mei in pylkje dat se yn fergif doopt ha. De pylkjebuis oan de mûle, eefkes flink pûste en se sjitte sa de apen út de beammen. Ferrek, tocht ik, dat is de oplossing. 

It die my tinken oan froeger, doe wy jong wiene. Doe giene wy mei de pylkjebuis troch it doarp en besochten de pylken troch iepene rúten te blazen. Dy pylkjes koene je draaie fan in reep papier. Fan in âlde Libelle woe dat it bêste, dat papier wie moai glêd. Spikerke deryn en jo hiene in machtich wapen. In soad dien destiids. 

Om te sjen oft ik it noch net ferleard wie, ha ik foarige wike, op ferkiezingsdei, oan it oefenjen west. Alle kearen at der ien nei de Rede gie, stuts ik gau myn pylkjebuis ta it kloksgat út, richte en blaasde. Gie super. Jo fiele der neat fan, heechút in lyts prikje yn ‘e nekke. Dat no besykje ik in doaske mei faksin earne achteroer te drukken. 

Sa gau as ien fan jim dan troch de buorren fytst of rint, pak ik myn blaaspiip en mik. It spikerke ha ik fantefoaren yn it faksin doopt. Ideale methode, jim hoege der hielendal neat foar te dwaan. Hoe faker jim hjir lâns fytse, hoe mear doses jim krije. Gelokkich bewarje ik de âlde Libelles altyd. Binnen de koartste kearen is hiele Rie immuun en kin wy mei elkoar op ‘e twade snein yn july wer âlderwetsk merke fiere. Bestel de tinte mar fêst, merkekommisje. 

 

Durks Akke.

april 2021


AKKE EN IT KEATS-FIELD 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik soe op dit stuit net graach yn de skuon fan de merkekommisje stean wolle. Dy stean foar in drege beslissing. It is wikkerdewik of de merke trochgean kin. At alles rint sa as it moat, dan wol it kabinet op 7 juli wer eveneminten tastean, sa begryp ik. En twa dagen letter is it al Riester Merke. Ien lyts firusfariantsje dat dwers leit en op it lêste momint kinne se alles wer ôfsizze. Dat is in grut risiko. 

Dêrom bied ik by dizze oan dat ik wol helpe wol. Sa ’t jim witte meie sommige eveneminten wol trochgean ûnder it mom fan in FieldLab-ekspeariment. Wolno, ik stel foar om in ekspearimentele merke te hâlden. It spilet him allegear ôf op it keatsfjild, dus wy neame it net Riester Merke, mar Riester Keats-Field Lab. Dan ha de autoariteiten der mear fertrouwen yn. It is wol sa dat elkenien dan fantefoaren testen wurde moat. Ik en Durk biede oan dat wy by de yngong fan it Keats-Field klear stean om elkenien yn de noas te boarjen, sadat jim allegear feest fiere kinne. Fansels ha wy dan kâns dat wy guon posityf teste. Om foar te kommen dat wy dy nei hûs stjoere moatte, wol ik op it Keats-Field net ien, mar twa tinten delsette. Op oardel meter útinoar. Dus ien tinte foar de siken en ien tinte foar de sûnen. En dan it muzyk der tuskenyn, sadat wy dy mar ien kear hoege te beteljen. Ik soe net witte wat hjir corona-technysk tsjin yn te bringen is. 

Sûpe is gjin probleem, want net ien hoecht op sa’n manier in mûlekapke op. Ik jou ta, it liket wol in bytsje op Apartheid, mar persoanlik diskriminearje ik der graach op los, sa’t jim bekend is. Ik sjoch mysels al stean by it stek, te wizen. Jo nei links en jo nei rjochts. Eh, no ’t ik der nochris oer neitocht ha, leau ik dochs dat der in lyts foutsje yn myn plan slûpt is. By neier ynsjen liket it my net goed ta om de Riesters yn twa groepen yn te dielen. It komt net foar de hearen as it minksdom yn twa soarten opdield wurdt, sa hat de skiednis faak genôch útwiisd. Dêr komt altyd bargebiten fan. En op twaspjalt yn it doarp sit ik net te wachtsjen. 

At it der op oan komt ha ik jim allegear like leaf. Dat it moat mar net. 

 

Durks Akke

mei 2021


AKKE EN IT TERRAS 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Gelokkich meie wy no sa stadichoan hieltyd mear en binne wy meikoarten hopelik fan dat frekte firus ôf, mar ik ha de skrik der wol fan te pakken. Wa seit my dat dit it lêste firus is. Froeger, doe de wittenskip noch net safier wie, hiene wy it domwei net sa yn ‘e gaten, mar tsjinwurdich hoecht der mar ien nij firuske de grins oer te stekken en de firologen ha it al op ‘e kuer. Se lizze gewoan bij Nieuweschans yn ‘e berm. En slane wer alarm. En dan sitte wy wer yn lockdown. 

De oplossing dy se oandrage is dat wy nei in ‘test-samenleving’ ta moatte. Alle kearen as jo wat wolle, earst teste. Wy ha aansens gjin slym yn de noasgatten mear oer. En ha jo ien of oar firus ûnder de lea, dan giet it feest net troch. No, ik neam it gjin testen, mar pesten. Yn ‘e bûtenloft falt it allegear wol wat ta, dêrom mochten de terrassen al wer iepen en hoege jo net test te wurden. 

Dêrom stel ik foar dat wy ta gean nei in ‘terras-samenleving’. Moai dat wy dat no al witte, want as aansens begûn wurdt mei it bouwen fan it nije ûnderkommen by it keatslân en de jachthaven, kin dêr fuortendaliks rekken mei hâlden wurde. Trije fan de fjouwer muorren kinne dan nammentlik weilitten wurde. 

Dan krije wy net in nij simmerdoarpshûs, mar in nij simmerdoarpsterras. Altyd iepen, hokfoar firus der op dat moment ek mar rûngiet. Voor al uw ongeteste feesten en partijen. It besparret ek noch ris flink op de boukosten. Jild dat oars yn bakstiennen stutsen wurdt kin dan moai yn bier stutsen wurde, c.q. bearenburch foar Durk. Op sa’n manier kin it doarpslibben gewoan trochgean. 

At it mei de jierfergadering fan Doarpsbelang wat kâld waar is, hâldt elkenien de jas mar oan. Al wer in briljant idee fan mysels. Jo freegje jo ôf wêrom at se dy Van Dissel noch oanhâlde, ik hie dy coronakrisis al lang oplost. Yn it ramt fan de nije terras-samenleving ha ik ek in oanfraach yntsjinne foar in grut balkon oan de toer, by de kloksgatten. Rûn der omhinne, sadat wy altyd út de wyn sitte kinne. 

Kin ik teminsten safolle gasten ûntfange as ik sels wol. 

 

Durks Akke

juni 2021


AKKE EN DE KENING FAN DE C-KLASSE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Miskien ha jim it wol meikrigen dat lêsten Ton van Dijk ferstoarn is. Foar dyjingen dy noch net sa lang as ik yn Rie wenje: ik en Ton wiene kollega’s. Hy skreau foar de Panorama en de Nieuwe Revue en soksoarte blêden en ik dus foar de Kattebel. Foardat er nei Skingen gong te wenjen hat er jierrenlang in twade hûs hân yn Rie. Doe ’t dy Amsterdammer hjir earst kaam tocht ik, wat moat sa’n Hollanner hjir. Droktemakkers. 

As je de rêst fan Rie wend binne, dan witte jo yn Amsterdam net wat je oerkomt. Sa as iksels en Durk ris meimakke ha doe ’t wy in dei nei de haadstêd wiene. Tsjongejonge, wat wie it drok op ‘e Daam. En gjin normale ka te sjen, it wiene allegear fan dy brutale dowen dêr. Sjalalala, Sjalalali. Dat ik snap wol dat Ton hjirhinne kaam is. 

Ton wie fan fan my, hat er wol ris sein. No wit ik sels ek wol dat ik goed bin, mar as in professional it seit dan moat it wol sa wêze. Hy mocht graach yn Rie wêze, hy fielde him hjir o sa thús. Swetse by Pyt Groen yn it kafee en fansels merke fiere. No ’t de merke dan einliks wer trochgean kin, ha ik nochris neilêzen wat Ton dêroer yn 1998 skreaun hat yn it jubileumboek fan Klaas Mug: 

“In Ried heb ik geleerd hoe leuk een dorp is. Hoe een klein aantal mensen, bij wijze van spreken nog geen Amsterdamse straat vol, met elkaar bezig zijn, organiseren, plezier delen. Een actief dorpsleven dat zeer gekoesterd moet worden, want wie uit de stad naar een dorp komt, weet dan pas wat hij voordien miste.” En it merkekeatsen fûn er in iepenbiering: “Ik leerde dat ik kaatsen eigenlijk de leukste sport vond die ik ooit had bedreven. Want het grootste sportsucces in mijn leven is niet dat we met volleybal naar een hogere klasse promoveerden, niet die gewonnen roeiwedstrijd op de Amstel, niet dat ik op een worsteltoernooi de derde van Nederland met een armklem te pakken nam. Nee, koning in de C-klasse, daar was en ben ik het meest trots op. Al ben je dan maar de beste van de slechtste twintig van de pakweg honderd kaatsers uit een klein dorp, het was mijn mooiste dag. Alles aan de hang, het veld leeg en de finale winnen met een bovenslag. Hij Is Boppe! Bedankt Klaas Mug!” 

Ik ha hjir neat oan ta te foegen. 

Bedankt, Ton! 

 

Durks Akke

september 2021


AKKE EN DE QR-KOADE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Dus we witte it tenei: minsken sûnder QR-koade kinne jo it bêste mei in grutte bôge omhinne rinne. Want dy binne besmetlik. En wa wit wat foar oare fizichheid se noch allegear by harren drage. Allinnich minsken mei in QR-koade binne fertroud. It is wol in bytsje ûnhandich yn it deistich libben, dy koade. Earst moatte jo al oer de goeie tillefoan beskikke, dan moatte jo noch oerwei kinne mei app’s en Digidees en at it der dan in kear op oankomt docht de wifi it net of is de batterij leech. It skynt dat jo ek in QR-koade op in stik papier krije kinne, mar wat as dat jo út de hannen waait, of wietreint? Ek net handich dus. 

Plastifisearje litte en om ‘e nekke hingje is miskien in oplossing, mar dan pisje jo der hitekearen oerhinne as jo yn it kafee op ‘e WC sitte. Der binne guon dy fan doel binne en lit it op ‘e foarholle tatoeëarje, mar dat is inkeld geskikt foar minsken dy al flink keal oan it wurden binne. Oars is der net genôch plak, want it is wol sa grut as in bûsdoek, sa’n OR-koade. Moderne tiden jouwe moderne problemen. 

Gelokkich kin ik in oplossing biede. Tanksij myn fernuft, dêr ’t oaren noch in puntsje oan sûge kinne. Nei ’t ik hjir ris goed oer neitocht hie, bin ik nammentlik op de proppen kaam mei in spesjaal plestik labeltsje. Hjirop wurdt de QR-koade ôfprinte. It liket my moai as it labeltsje in giele kleur kriget. Ferfolgens wurdt it fêstmakke oan it ear. Dat is it handichste plak, want dan sit it nea yn it paad, wylst it wol foar elkenien te sjen is. 

Neffens my bin ik de earste dy op dit idee komt, al ha ik faach it gefoel dat ik it alris earder earne sjoen ha. Mei in scanner yn de doariepening kinne jo dan sa nei binnen kuierje by hotel of restaurant. Der is net iens in ekstra persoanielslid by nedich, it systeem is maklik te koppeljen mei in automatysk stekje bygelyks. Mei de hjoeddeistige technyk binne de mooglikheden eindeleas. Jo kinne de QR-koade koppelje oan jo favorite menu, of jo taffeltsje der mei reservearje. As jo der dan yn komme stiet it foer al foar jo ree, om samar te sizzen. En de rekken wurdt automatysk ôfskreaun. 

Gemak dient de mens. Dat wy hjir mei syn allen net earder op kommen binne. 

 

Durks Akke

oktober 2021


AKKE SIT DER WAARM BY 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Binne jim al fallyt? It libben wurdt optheden sa rap djoerder dat it net mear by te fytsen is. Alles kostet tsjinwurdich de helte mear, as it al te krijen is teminsten. Foaral de priis fan it gas is withoefaak oer de kop gien. 

Ik doar de thermostaat net mear op te draaien. Mar ja, yn ‘e kjeld sitte is ek net noflik, seker op myn leeftiid. Dat ik sei tsjin Durk, wy moatte op syk nei in oplossing. Ik wol der fan ’t winter waarm by sitte. Hoe oaren it dogge kin my neat skele, eigen radiator earst. Mei ús ynkommensposysje kinne wy takom jier gjin gas mear betelje, dat it moat oars. 

Durk kaam mei it útstel om de beammen om it tsjerkhôf om te seagjen en dy yn de kachel te goaien, krekt as se yn de oarloch ek diene. Mar dat fûn ik tefolle wurk. Ik sei tsjin Durk, yn Ljouwert boarje se de grûn yn om waarm wetter, wêrom dogge wy soks ek net. Dêr is it in fiasco, mar dit is Rie, hjir dogge wy de dingen better. 

Ik sei tsjin Durk, pak de grûnboar en gean ûnder yn ‘e toer oan de slach. No, Durk wie noch mar amper in meter djip, doe rôp er al: ‘Moatst no ris sjen!’ Ik nei ûnderen en yn it gat sjen. En jim leauwe it net, mar ik seach gloeiend hite lava opljochtsjen. 

Ik ha altyd mar tocht dat Rie op in terp lei, ik bedoel, as jo oer de Hoofdstraat fytse, dan geane jo omheech en omleech, mar dat is hielendal net sa. Wy sitte hjir boppe op in ûndergrûnske fulkaan. Dêrom bollet it hjir sa op. En de tsjerketoer stiet op it topke. Hoe kin ’t sa treffe, net? 

Wylst wy yn it gat loerden begûn de lava krekt omheech te buorreljen, dat ik sei tsjin Durk: triuw gau in mop yn dat gat, dan belje ik in ynstallateur. De CV-leidingen kinne de grûn yn en de tsjettel kin by de dyk. Dat wy hawwe no gratis waarmte. Poetin komt by ús oan de tichte doar, wy binne fan it gas ôf. Allinne der is ien probleemke, it is no fierstente waarm binnen, ik smoar sawat. En it is ek krekt as kom ik hjir stadichoan heger te sitten. 

 

Durks Akke

november 2021


AKKE BEKENT KLEUR 

 

Ik bin Akke de Flaamske Gaai en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Grapke fansels, ik bin in Ka. Mar it is de fraach hoe lang noch. It soe samar kinne dat ik my meikoarten ombouwe lit. Dat sit sa. Lykas bekend binne wy ka-en swart. Men seit dat dat komt omt wy fan âlds graach yn skoarstiennen nestelje meie. Dêrby wurdt der foar it gemak fan út gien dat dy skoarstiennen altyd hielendal swart fan it roet binne. 

En dêr sit de oast. Want hjirmei wurdt in hiele befolkingsgroep skoffearre. Ik bedoel de minsken dy’t de skoarstiennen faaie moatte. It Keninklik Nederlânsk Gilde fan Skoarstienfaaiers hat in flamjend protest útgean litten tsjin ús fûgelsoarte. Wy binne strieminne reklame foar de brânsj. Dat it altyd al sa west hat, docht der net ta, se binne no wekker wurden. Troch ús uterlike ferskining is it krekt as dogge se harren wurk net goed. En dat is der fier by troch, want se wurkje allegear o sa hurd. En neffens it Keurmerk. Dus dêr mankearret neat oan. 

Dit is maatskiplik langer net mear akseptabel, fine se. Dat wy as soarte it sa hielendal net bedoele, wolle se net leauwe. Ik ha it Gilde foarsteld dat wy tenei as eksters troch it libben gean sille. Dat geflekte soe dan net mear foarstelle as wat roetfegen, mar dat wie de hearen ek noch net goed genôch. Doe tocht ik, dan mar in neutrale kleur, blau bygelyks. Mar doe hie ik fuortendaliks al in oantekene brief fan Grote Smurf op ‘e matte. 

Jo moatte mei de tiden meigean, der sit oars neat op. Dat no tinke ik en Durk der sterk oer om ús it fearrepak fan in Flaamske Gaai oan te mjitten. Dy fûgels ha alle kleuren fan de reinbôge. Ha wy dat fraachstik fuort ek meipakt. No allinne mar hoopje dat de merkekommisje net op it festje spuid wurdt troch deputearre Hoogland. Want de Flaamske Gaai is in beskerme soarte, dit yn tsjinstelling ta de Ka, dy fûgelfrij is. 

Dy meie jo net samar út de toer ferbalje mei de herry fan it draaioargel fan’e sweef. Dat is tsjin de Richtlijn en dan mei de merke net trochgean. Trouwens, de jacht op pluche bearkes yn de sjittinte wurdt takom jier sowieso ferbean. Mar foarút, foar in oranjekoeke en in flesse bearenburch wolle wy wol in wykeintsje ferkasse. Dan hat it net oan ús lein. En foaral net tinke dat jim gek wurde. 

 

Durks Akke

december 2021


AKKE EN DE SKOFFELPLOECH 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Sûnt de corona ha ik in nije hobby: komplottheoryen. Ik sjoch tsjinwurdich oeral en nergens in komplot yn. Sadwaande ha ik ek belangstelling krige foar de Grienkommisje. Dy ha in wurkgroepke dat se de “Schoffelgroep” neame. Ja, ja. Ik fertrou dat net. Der sit mear achter. 

Neffens my is it in dekmantel. Ik woe der mear fan witte en dêrom ha ik in spion ynsetten. In ynfiltrant. Tafallich hie ik dêrfoar de perfekte kandidaat beskikber: Durk. Dy hat froeger nochris in tiidsje by de plantsoenetsjinst wurke en koe doe allemachtich goed op ‘e skoffel lynje. Dat ik sei tsjin Durk: do moast dy mar oanmelde by dy skoffelboys en my ferslach útbringe fan wat se útheve. Dat sein, dat dien. 

En wat blykt, minsken? It is klearebare mafia. It is de mafia fan Rie, net mear en net minder. En ik bin ek achter harren plannen kaam. It komplot is my dúdlik wurden. Se wolle hiel Rie folplantsje mei beammen, strûken en alles wat mar tiere wol. Binnen de koarste kearen soe it hjir dan in jungle wurde wêrby de Amazone mar in folkstúntsje liket. De iennichste manier om it ûnder kontrole te hâlden is skoffeljen. 

De gemeente hat gjin budget foar sok almeugend grienûnderhâld, Empatec kin der net iens trochhinne komme, dat wy binne allegearre oerlevere oan de skoffelploech. By Jan Brux yn it hok ha se in wapenarsenaal. Kettingseagen, bosmeaners, machetes en noch folle mear swier yllegaal ark. En skoffels fansels, messkerp. De anti-terreurienheid doart der net iens in ynfal te dwaan, sa gefaarlik is it dêr. Tsjin betelling fan in flesse bearenburch wolle se by jo foar de doar de boel wol in bytsje kreas hâlde. 

Mar o wee. As jo se net betelje, krije jo sûnder pardon in parrebeam foar de oprit. En weagje it net om dy om te seagjen, want dan krije jo de hiele skoffelploech ”op besite”. De measte minsken kinne dat net neifertelle. Sels in lyts takje fuortsnoeie dat jo yn it paad hinget, kin jo al earnstich yn de problemen bringe. As Godfather Albert dêr lucht fan kriget, dan pakt er it wetizer al om syn skoffel ris goed oan te skerpjen. 

Dus minsken, jim binne warskôge: sa gau as jim de skoffelploech troch de strjitten lûken sjogge, bliuw dan binnen, slút jim dochters op en lit jim net sjen. 

 

Durks Akke