Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2020


AKKE EN DE AED 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It bliuwt behelpen mei Durk, minsken. Hy wie al nea net al te snoad en dat is de lêste tiid net better wurden, bin ik bang. Hy wit, om samar te sizzen, amper wêr de klok hinget, ek al hinget dy by ús tafallich hjir op ‘e klokssouder midden yn ‘e wenkeamer, dus lit stean dat er fan de klepel ôf wit. 

Nim no bygelyks lêsten. Hy wie drok dwaande mei yts op syn tillefoan en ik seach wol dat it net slagje woe. Ik frege wat er oan it dwaan wie. Die it bliken dat er in app op syn tillefoan sette woe, de app wêrop je sjen kinne wêr de tichtstbijsijnde AED is. Wat apart, sei ik, sokke dingen ha dy noch nea ynteressearre. Se kinne om dy hinne allegear deafalle, mar do silst gjin hân útstekke. Do tinkst allinne mar oan dysels. Mar dêr hie it neat mei te krijen, sei er. Hy hie nammentlik dat nochal opfallende apparaat oan de gevel fan de Rede hingjen sjoen en doe er der op begûn te letten, seach er oeral fan dy dingen hingjen. 

Faak by doarpshuzen, kafees ensafuorthinne. En doe begûnen dy pear harsensellen dy er hat ynienen te wurkjen. Dy AED’s, tocht er, dat binne fêst tappunten foar drank. Handich as it doarpshûs al ticht is en jo ha noch toarst. Gean mar nei: AED, wêr kin dat oars foar stean as Altijd Ergens Drank. Dêrom binne se ek ferljochte fansels, krekt as by it Heineken-boerd oan de kroech. Want dan kinne je se jûns let ek noch maklik fine, as it sicht al net al te bêst mear is. 

Ideaal, tocht Durk, en dêrom moast en soe er dy app op syn tillefoan ha. Afijn, ik ha him út de dream helpe moatten, wat bêst noch wol wreed wie. Al koe ik him net oan it ferstân krije dat AED stiet foar Automatische Externe Defribillator. Sokke moeilike wurden, dat is te heech grepen foar Durk. Handige apparaten trouwens, dy AED’s. Altyd maklik om by de hân te hawwen as der in elektryske skok nedich is. Ik tink dat ik it ding meikoarten mar ris útprebearje moat. 

Op Durk. Set ik him op syn kop. Ris sjen of in flinke skok syn harsensellen ek wat wekker skodzje kin. 

 

Durks Akke

februari 2020


AKKE EN IT WANDKLEED 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Lykas bekend meie Riesters graach roppe en raze. Dat is oars net sa slim, mar as se mei syn allen yn de Rede binne, is it al gau sa’n leven, dat je mekoar net mear ferstean kinne. Dat komt ek mei troch de akkestyk dêr. It galmet tefolle, sizze de deskundigen. Dêrom soe it in goed idee wêze om in wandkleed op te hingjen, om dy herry wat te dempen. Dat moat dan wol in flink grut kleed wurde. Oars jout it noch neat, want der binne bekstikken by. 

Dêrom ha sa’n tritich Riester frjoulju elk in lapke breide en oaninoar setten ta in naaldkunstwerk. Dat is hiel aardich fan jim, dames, mar it set fansels gjin seadden oan de dyk. Ik bin bang dat wy inoar aansens noch net ferstean kinne. Boppedat is it in bytsje oubollich, sa’n lapketekken. It is net bot orizjineel, doarpshuzen hingje der fol mei. 

Nee, wat der nedich is, dat is grof geskut. Sadat ek it lûd fan de grutste grutbekken, lykas Durk, goed dempt wurdt. En it moat in bytsje opfalle, fyn ik. Wat ekstra reklame foar de Rede kin noait kwea. Dêrom ha ik it folgjende foarstel: elke Riester levert by my syn of har bêste âlde ûnderbroek yn. Dat wurde der dan, as it goed is, sa’n 450 stiks. En asjeblyft net fan dy flutdinkjes ynleverje. Ik akseptearje allinnich kwaliteitsspul, leafst fan de firma Jansen en Tilanus. Oars sjit it noch net op. En graach allegear jim foto der op plakke. Ferfolgens naai ik se oaninoar ta in kleed dat minstens ien hiele wand fan de Rede bedekt. 

Miskien wol twa wanden, want inkeld dy fan my is al in kante meter. Om te testen ha ik al even ien fan my en fan Durk oaninoar naaid en it risseltaat is hiel dekoratyf. En it wurket probaat. Want ik ha it hjir op ‘e klokssouder ophongen en ik kin jim fertelle dat wy ynienen in stik minder lêst ha fan it lieden fan de klok. Sukses fersekere. Jim kinne aanst wol meiinoar flústerje, dan is it noch goed te ferstean. En it lûkt de oandacht, want neffens my is sa’n keunstwurk noch nearne realisearre. 

Wy neame it de Nachtwacht fan Rie. Besichtiging op ôfspraak. 

P.S.: Wol graach fantefoaren even op 90 graden waskje. 

 

Durks Akke

maart 2020


AKKE HAT IT DER EK AL OER 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Soms is it wolris lestich om te besluten wêr ik oer skriuwe sil. De iene kear is der neat te betinken, omt der tafallich neat bard is en de oare kear is it muoilik kiezen, omt der mear dingen tagelyk oan ‘e hân binne. Mar de lêste tiid spilet der mar ien ding en it kin net oars of dêr moat ik it ek oer ha, ek al ha ik diskear gjin oplossing foarhannen, sa ’t ik oars altyd wol ha. 

Yn ’t earst oan hâldde it my net sa dwaande, oant ik begûn te merken dat Durk hieltyd senuweftiger waard. Hy woe ynienen mei te boadskipjen, wêr ’t er oars nea nei taalt en hy begûn fan alles online te bestellen, wat er oars ek nea docht. Pallets fol spul binne der besoarge. Under yn de toer kinne je de kont net mear keare. En wat tochten jim dat it allegear wie? WC-papier? Paracetamol? Nee minsken, it binne allegear kratten bier en doazen bearenburch. 

It moaiste wie noch doe der in grutte partij plestik folie ôflevere waard. “Wêr is dat foar?”, frege ik Durk. Die it bliken dat er de hiele toer ynwikkelje woe yn plestik, as wie it in komkommer by de Poiesz. De stommeling. “Do hast der net folle fan begrepen”, sei ik, “wy binne kraai-achtigen, dy kinne it net krije. Pas as de fûgelgryp útbrekt, dan moatte wy oplette. Dan wurde wy romme en dêr helpt in stik plestik net tsjin.” De ûntwikkelings geane hurd. 

Ik skriuw dit stikje in wike foardat de Kattebel besoarge wurdt en ik ha der gjin foarstelling fan hoe de wrâld der útsjen sil as jim dit lêze. Bizar, is leau ‘k it wurd dat foar soks hjoeddedei yn de moade is. Sille wy dit jier noch wol in keatsbal slaan kinne? Kinne wy noch nei de Rede? Sil de merke wol trochgean? It liket my net handich dat elkenien yn de feesttinte oardel meter fan inoar ôfbliuwe moat. Meastal is it dêr heechút oardel sentimeter. Of minder. 

As it sa trochgiet, reitsje ik myn baantsje ek noch kwyt. Want wêr moat ik noch oer skriuwe, as der yn Rie neat mear te dwaan is? Ik leau noait dat it safier komme sil. Ik bin posityf. En dan bedoel ik net myn testútslach. Wy moatte hjir even meiinoar trochhinne. En sitte jim al oer jimsels yn, dan kinne jim hjir oan de toer gratis plestikfolie ôfhelje. Sterkte allegear. 

 

Durks Akke.

april 2020


AKKE FERFEELT HAR 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje 24 oeren deis achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik ferfeel my sa. Ik ferfeel my omtrint dea. Dat soe ek sneu wêze: dogge je der alles oan om net dea te gean oan corona en dan gean je dea fan ferfeling. Ik ha alles al trije kear himmele, al tsien pear sokken breide en hiele bol.com leechkocht. En hoewol ik al jierren oardel meter ôfstân fan Durk hâld, foaral fanwege de dranklucht, is it om it hutsje bargebiten mei him. 

Wy fjochtsje inoar noch krekt net de tinte út, mar it is net goed foar de relasjonele sfear, dy is om te snijen. Wy fleane beide by de muorren op. Durk syn útlaatklep is ôfsnien. De sluting fan de hoareka kin wol ris de ein betsjutte fan ús houlik, hat Rutte dêr wol by stilstien? Is dêr ek in regeling foar makke? It binne net allinne de útbaters dy omfalle, wat te tinken fan sokken as Durk. Sels sit ik ek mei de hannen yn it hier. Ik kin ek nergens mear hinne. En dat bliuwt foarlopich noch wol sa, begryp ik. 

It wurdt in saaie simmer. Neat te beleven. Ik sil dokter freegje om in spuitsje, sadat ik oant 1 oktober sliepe kin. Meitsje my dan mar wer ris wekker. Oars wit ik net hoe ik dizze simmer trochkomme moat. It dreechst sil wurde de twade snein yn july. Riester Merke. 

It heucht my net dat ik dy ea oerslein ha. Mar yn 2020 dus foar it earst sûnt ka-heugenis gjin merke. Ik sil it misse, Durk dy net fjouwer dagen dronken is en iksels net it hiele wykein mislik fan ‘e fette oaljekoeken en de patat. Allinnich online is der noch wat te beleven. Foar de skoallen en foar fergaderingen giet soks noch wol, mar moatte wy 

Riester Merke dan ek online hâlde? 

It ledekeatsen as kompjoeterspultsje? Dat kin nea gesellich wurde. 

En in firtueel matinee? Ik sjoch mysels moandeitemoarns om tsien oere noch net mei in glês bier achter it skerm sitten. 

In digitale polonaise? De technology is der. Wy kinne allegear sa ’n nijmoadrige kompjoeterbril opsette en dan wane wy ús yn de feesttinte. Mar hoe soks ea leuk wurde moat, sjoch ik ek net foar my. 

Mei de karavan nei Frankryk wurdt him ek al net, dat ik bin der mei oan. It wurdt tiid foar in nije hobby: puzzeljen. Ik lit in grutte foto fan Rie meitsje ta in puzzel fan tsientûzen stikjes. Dat moat my troch de simmer skuorre. 

 

Durks Akke

mei 2020


AKKE FERSLACHT DERYN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik wit net hoe it mei jim is, mar ik ferslaan der mear en mear yn. Wat mei ik no al en wat mei ik no net en wannear jildt dat? It libben is der mei corona in stik yngewikkelder op wurden. De iene kear meie jo mar mei trije minsken byinoar wêze en de oare kear wol mei tritich, as jo mar in bepaalde tuskenôfstân yn acht nimme. En de iene kear moatte jo wol oardel meter ôfstân hâlde en de oare kear wer net. It freget nochal wat wiskundich ynsicht. En rekkenjen wie foar my op skoalle altyd al it muoilikste fak. Lit stean mjitkunde, ik wit amper hoe lang as oardel meter is. 

Dat ik ha mysels mar in tomstôk oanskaft. As ik ien tref, dan kin ik tenei myn tomstôk der by pakke. Tritich skynt in belangryk getal te wêzen. Wy kinne wer mei tritich man út iten, begryp ik. Teminsten, as der noch gjin oare iters yn it restaurant sitte. Dan moatte dy earst fuortstjoerd wurde. By de foardoar wurdt neifrege oft wy ek ferskynsels ha. Dus lit ik myn man mar thús, want sa’n ferskynsel as Durk litte se fansels nea ta. 

En as wy achterom gean, meie wy dan sa trochrinne? Soks wurdt der op dy parsekonferinsjes allegear net by sein. Dat moatte wy skynber allegear sels mar útsykje. Ik ha ferlet fan in corona-coach, in soarte fan personal corona-trainer, dy my fan dei ta dei fertelle kin wat ik wol en net dwaan en litte kin. 

Binne sokken der al? Miskien in tip foar al dy nije wurkleazen. 

Kinne wy no nije wike ek wer mei tritich man nei de Rede? Eksklusyf of ynklusyf persoaniel? 

En wat as it persoaniel bestiet út frijwilligers? 

Dy sels ek noch ris meidogge oan de aktiviteit? 

Moatte dy dan dûbeld teld wurde? 

As ik bartsjinst ha, moat ik mysels dan freegje oft ik ek koarts ha? 

En moat ik dan elk dy binnenkomt in thermometer yn ‘e kont stekke? 

En hoefolle Rede’s binne der eigenlik, corona-technysk? 

As de tuskendoarren ticht bliuwe, kinne der dan 30 yn ‘e grutte seal, 30 yn ‘e foyer en 30 yn ‘e húskeamer? 

Meie wy yn de Rede wol nei it húske? 

Of wurdt it ferplichte om allegear in ruft om te hawwen? 

En in mûlkapke en wanten derby? Fragen, fragen, fragen. 

Ik krij der pineharsens fan, dat is myn corona-ferskynsel. Ik leau dat ik foarlopich mar gewoan thús bliuw. 

 

Durks Akke

juni 2020


AKKE EN IT STANDBYLD 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik ha der op dit plak nea in geheim fan makke dat ik fyn dat ik in standbyld fertsjinje. Wat ik foar Rie betsjut, dat freget om mear as inkeld in strjitnammebuordsje. (Wêr bliuwt dat, trouwens. Is der in kear in nij paad yn Rie, ferneame se dat nei in stel Kozakken, dy hjir twahûndert jier lyn in nacht kampeard ha. En nei alle gedachten de Riester famkes lestich fallen ha. Dan ha ik hjir wol wat mear presteard. It rûkt nei diskriminaasje, seker omdat ik swart bin.) 

Mar myn standbyld, dus. Lange tiid ha ik mysels al stean sjoen by de Leugenbank. Ta de fuotten út, yn brûns, twa meter heech. Yn it plak fan dat goedkeape Riester Katsje. Mar de hope dy ik dêr noch altyd op hie, is no wol de boaiem yn slein. Noch foardat ik goed en wol op myn fuotstik stean, lis ik der al wer ôf. Letterlik en figuerlik. Want, wêr ’t ik jierrenlang in foarbyld foar Rie en wide omkriten west ha, bin ik anno 2020 ynienen net mear polityk korrekt. Wylst ik neat oars doch as oars. Mar dêr sit him krekt de oast. 

Ik gean net mei de tiid mei. Ik sis tefolle wêr it op stiet en dat kinne de minsken hjoeddedei net mear ferneare. Der komme klachten oer. Foaral fan myn eigen man. Hy beskuldiget my fan rasisme en moderne slavedriuwerij. Omdat ik him altyd hyt wat er dwaan en litte moat. En hy is swart. En no wol er my swart meitsje. Oeps, dat mei ik net mear sizze, seker. 

Mar ik ha it altyd dien foar syn eigen bestwil. Yn Amearika leit Columbus al langút neist syn sokkel, yn Ingelân timmerje se in hok om Churchill hinne en yn Den Haach sit Pyt Hein ûnder de verve. Nee, as dizze histoaryske figueren it al ûntjilde moatte, dan kin ik it ek wol shake. Midden yn ‘e simmer giet it ynienen wer oer Swarte Pyt. Neat is mear heilich, sels hilligen net. 

Ik bedoel Sinteklaas. Stean no ris even goed by dy man stil. Hy hat ús altyd in rêd foar eagen draaid. Dy útbuiter. Dy minskehanneler. Dy slavedriuwer. Mei syn gammele âld stoomboat folpakt mei Afrikaanske flechtlingen yn rare pakjes. As der no ien histoaryske figuer fan syn fuotstik moat . . . 

Ik jou de man noch trije jier. Dêrnei is er deaferklearre. 

Kroandea. 

 

Durks Akke.

september 2020


AKKE EN IT GAT FAN RIE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

De gymnastykseal is fuort. Spitich, mar it is net oars. Wat oerbliuwt is in gat. It gat fan Rie. Wy moatte der mei deale. It bêste is lykwols altyd om ferlies om te draaien yn winst. Dêrom sjoch ik grutte mooglikheden om wat posityfs te dwaan mei de nije sitewaasje. Seker yn dizze corona-tiid. 

Myn foarstel is dat nije wike sneontemoarn alle Riesters harren by it gat melde, mei kroade en skeppe. Om dat gat noch ris flink ekstra út te graven. Ferfolgens moat der lâns de kant in hiele protte sân stoarten wurde. En dan moat der ek noch hjir en dêr in tropke palmbeammen plante wurde. 

Mei de klimaatferoaring moatte dy hjir sa stadichoan wol oanslaan wolle. Ek noch, foar alle wissichheit, as waarman Pyt der wer ris neist sit, in pear dikke bouwlampen by wize fan sinne. Dan pleatse wy yn de Rede in stik as wat bêden en sa krije wy yn Rie ús eigen all inclusive beach resort. Kinne wy op sinne-fakânsje sûnder dat wy nei dat fize, besmetlike bûtenlân hoege. 

Om it hielendal echt te meitsjen is myn idee om op it plein foar it doarpshûs in âlde Boeing del te setten. Dy moatte optheden wol foar in prikje te krijen wêze, de KLM is der glêd mei oan. Dus, op de boekte datum pakke jim de koffers yn en stappe yn de Boeing. Dêr gean jim in pear oeren yn sitten. Minsken mei fleanangst kinne ek gewoan mei. Iksels wol wol foar stewardess spylje en miskien wol Frank wol foaryn sitte. Foar it eggie. 

Durk wurdt ynset foar de bagaazje-ôfhanneling, dus dêr ha jim ek gjin drokte fan (yn prinsipe). Tsjin in lytse taslach wol er jim ek wol fan hûs helje. Ik seach al in moaie bakfyts op Marktplaats stean. By oankomst rinne jim de Rede yn en de fakânsje kin begjinne. Gjin parkearsoargen, gjin wachtrigen, gjin paspoarttastannen, gjin karantène, koartom gjin inkelde stress en dochs de echte fakânsje-erfaring. Better kin in fakânsje net begjinne. 

Komme jim der achter dat jim de tillefoanlader thús lizze litten ha? Gjin noed, dy kin sa even fan hûs helle wurde. Binne jim gau ûnwennich op fakânsje? Gjin noed, de toer fan Rie is altyd te sjen. Kinne jim dy frekte bûtenlanners noait ferstean? Gjin noed, yn it Rede Beach Resort prate se gewoan Frysk. Dy gymnastykseal hie folle earder plat moatten. 

 

Durks Akke

oktober 2020


AKKE EN DE HAVENMASTER 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Doe ’t lêsten bekend waard dat Mennie ophâldt fan havenmasterjen en dat der dus in nijenien komme moat, tocht ik fuortendaliks: der is mar ien dy dat wurde kin. Iksels. 

De funksje fan havenmaster yn Rie is fansels net samar wat. Jo moatte wol in bytsje representatyf wêze. Jo binne de earste dêr’t de toeristen mei yn kontakt komme. Jo binne astware de gastfrou fan Rie. It úthingboerd fan it doarp om samar te sizzen. Jo moatte witte wat je wol en net sizze kinne. En jo moatte jo talen sprekke. Want it binne hjoeddedei net allinne mar mear boatsjeminsken út Fryslân dy hjir lâns komme. It is simmerdeis ek in kommen en gean fan campers, faak út it bûtenlân. Sokke lju moatte harren hjir ek nei it sin fiele. Ik tink dat jim it allegear wol mei my iens binne dat dit profyl my op it liif skreaun is. Dat ik ha fuortendaliks in moaie sollisitaasjebrief nei it havenbestjoer skreaun. 

En foar Durk ha ik der noch in brief by dien. Dat is de ideale putsjeman. Wannear kin ik begjinne? Ik stean te popeljen. It havenbestjoer wol graach takomstperspektyf, no, dat ha ik by it amerfol. Hielendal no’t wy ek noch in simmerdoarpshûs krije. Dêr wol ik dan tagelyk ek de behearder fan wurde. In dûbelfunksje, dus, havenmaster en doarpshûsbaas. 

Briljant idee, trouwens, in doarpshûs foar elts seisoen. It is omtrint keninklik. Soksoarte lju ha ommers ek de beskikking oer ferskillende paleizen, ien foar de simmer, ien foar de winter ensafuorthinne. Soks ha wy gewoane Riesters skielk ek. Al dy lúkse sprekt de toeristen fêst ek oan. Dêr moatte wy op ynspylje. 

Ik ha Durk nei de betreffende boulokaasje stjoerd mei in wichelroede. En yndie, wat ik al tocht: der sit in thermale bron ûnder. Dus, mei in lytse oanpassing fan de boutekening wurdt it in simmerdoarpshûs anneks kueroard. It hiele kompleks kin de toeristyske topattraksje fan Noardwest Fryslân wurde, mei mysels as direkteur. En mei in jierlikse winst fan seis nullen. 

It Planetarium kin wol ynpakke. Dat ha wy as Riester Katten dochs mar wer moai flikt. Allinne yn Rie is soks mooglik. Al wer in fakânsjebestimming yn eigen doarp. Fuck de corona. Gean allegear lekker nei Marina It Kattegat, Thermen It Kattebad en Simmerdoarpshûs De Kattebak en lit jim ferwenne troch my en Durk. As dat gjin takomstperspektyf is, havenbestjoer. 

 

Durks Akke

november 2020


AKKE EN IT FAKE NIJS 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Of net? Jo witte langer net mear wat wier is en wat net. Dat is de fraach hjoeddedei. 

Wa hat de Amerikaanske ferkiezings wûn? 

Bestiet it corona-firus wol? 

Hat ien dat al ris sjoen? 

Bestiet Sinteklaas wol? 

Wêrom binne wy altyd bang makke mei Swarte Pyt? 

Dy blykt dus no ynienen net mear te bestean. Wat sit dêrachter? Binne it de Russen? Of de Sjinezen? 

Bestiet Akke de Ka wol? Oeral wurdt tsjinwurdich oan twifele. Oeral wurde ynienen fraachtekens by set. Ek by dingen dy hielendal net twifelachtich binne. Lyk as Sinteklaas. En lyk as iksels. Dêr stie froeger nea ien by stil. Dat it ek allegear betocht wêze kin troch ien of oare Rus op in souderkeammerke yn Moskou. Dy dat dan op Facebook set en ús tinke lit dat it fan it regear út Den Haach komt of sa. Miskien skriuwt dyselde Rus wol eltse moanne in stikje wêryn er alles byinoar liicht oer Rie en mailt er dat nei de redaksje fan de Kattebel, sogenaamd mei ôfsender Akke de Ka. Allinne mar om ús yn de war te bringen. En dat slagget him ek noch, want ik reitsje hjir hielendal it spoar troch bjuster. 

Ik begjin oan mysels te twifeljen. Oan Durk twifelje ik al hiel lang, dat is normaal. Mar dat ik my no ek al ôffreegje oft iksels wol bestean, dat is net goed foar myn geestlike folkssûnens. 

Bin ik it sels, hjir yn de toer, of bin ik in mantsje fan Poetin yn it Kremlin? 

Hoe sit it no ek al wer? 

Bin ik echt of bin ik fake?? Myn fraachteken-toets ferslyt derfan. Om net knettergek te wurden yn dizze moderne tiid mei al syn media ha ik in beslút naam. Tenei leau ik neat mear. Om te begjinnen leau ik gjin wurd mear fan wat der op dizze bledside skreaun wurdt. En ik ried jim oan om itselde te dwaan. 

Noch better soe it wêze dat jim dizze bledside fuortendaliks omslaan, sadat Poetin, of hoe hjit dy man fan Sjina ek al wer, Ping of sa, jim net yn ‘e macht krije kin. Tenei leau ik allinne noch yn mysels. No foarút, ek noch in lyts bytsje yn Durk. Multatuli sei it al. Hy sei: Misschien is niets geheel waar. En zelfs dat niet. Ek dit net. 

Of wol? Sjit my mar lek. 

 

Durks Akke

december 2020


AKKE IS ESSENTSJEEL 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It is leuk en aardich allegear, sokke lockdowns, mar se soene wol in bytsje mear rekken hâlde kinne mei myn sitewaasje. Want ik sit alle kearen mei Durk opskeept. En dat is ek gjin pretje. Ik wit net wat slimmer is, corona ûnder de lea, of Durk kontinu om ‘e teannen. Kinne de kafees net wer iepen? Al wie it allinne mar foar Durk. Mear omset binne se ek net nedich om út de reade sifers te bliuwen. Ik wurd knettergek fan him, ek al omdat ik nea mear mei in oar praat tsjinwurdich. Ien dy normaal is bedoel ik. Foar de balâns en foar it lêste nijs oer Rie. Hjir moat in oplossing foar komme. 

Durk hie trouwens wol in aardich idee, al sei er it sels. Hy sei, wy moatte in winkeltsje begjinne yn essentsjele produkten. Dêr kinne de lju noch gewoan hinne. Dêr seist wat, sei ik, dat is seker in goed idee. 

Wy begjinne in mini doarpssupermerk ûnder yn de toer en dan kin ik mei eltse klant in praatsje meitsje. Hear ik eindelik wer wat der yn Rie allegear geande is. Ik sei tsjin Durk, regelje do de ynkeap, dan meitsje ik de folder mei de oanbiedings. Mar ja, ik hie it witte kinnen. Want wat stie der ûnder yn ‘e toer útstald? Allinne mar doazen mei bearenburch en blikken mei karbid. 

Durk bewearde by heech en by leech dat dit essentsjele produkten wiene. Pas mar op dat Elon Mosk hjir net achter komt, sei ik, want dan wol er ús ôfsjitte nei Mars. Dy is net mear te hâlden as er al dat karbid sjocht. En dy bearenburch is klearebare raketbrânstof mei dat alkoholpersintage. 

Wy binne yn no time mei toer en al in planeet fierder. Nee, hjir ha de Riesters neat oan. Ik ha in better idee foar in essentsjeel produkt: Akke de Ka. Iksels bin it produkt. Ik bin ommers ûnmisber. Yn Rie dan, yn elts gefal. Dat as jim ferlegen sitte om in praatsje, of jim hert luchte wolle, kom dan gerêst nei de toer, minsken. En sa gau as ik yninte bin ha ik in presintsje foar jim: ik kom persoanlik by jim oan de doar om jim allegear even oan te krûpen. Stik foar stik, at jim it no wolle of net. Dat foarútsicht skuort jim der wol troch, hoopje ik. 

Noch even folhâlde mei syn allen, ik kom der oan. 

 

Durks Akke