Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2019


AKKE EN DE WORKSHOP 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Fanút myn wenning ha ik fansels goed sicht op ús nije doarpshûs en it falt my op dat it dêr tsjinwurdich in kommen en gean is. Foarhinne barde it geregeld dat der in hiele wike neat te rêden wie, mar dat is no wol oars. Der is Reuring yn de Rede. 

Krekt sa as se sels sizze. As jo de aginda fan de Rede der by pakke, dan brekt it swit jo suver út. De iene ynloopmiddei hat noch net west, of der is al wer de folgjende wurksjop, of priuwerij fan it ien of oar, of in kwis, folle net genôch. Wol moai dat sokke dingen meiinoar oppakt wurde. Dat is goed foar it mienskipsgefoel, want allinne is mar allinne. 

Ik ha ek al oan ferskate aktiviteiten meidien, alhoewol ik net allinne bin, want ik ha dus myn Durk noch. Mar as jo troud binne mei sanien as Durk, dan is it krekt wol ris goed as je der even út kinne. It binne fansels altyd deselden op waans skouders it organisearjen fan soks delkomt, dat ik sei tsjin Durk, wy moatte elk ek mar ris wat organisearje, do en ik. As jo earne spesjaal ferstân fan ha en oaren fine dat ek ynteressant, dan kinne jo je kennis en erfarings diele mei oare Riesters. Learsum, leuk en gesellich. 

Sa sein, sa dien. Ik seach op de aginda dat 29 febrewaris noch frij wie, dat op dy dei wurde jim allegear ferwachte yn de Rede foar twa wurksjops. Ien fan Durk en ien fan my. Durk syn wurksjop hjit: Beerenburg Drinken Voor Gevorderden. Dielnimmers betelje 25 euro de man en moatte sels twa folle literflessen meinimme. Yn in ynformele sfear lit Durk sjen hoe je in romer folskinke moatte, ynklusyf kop, en hoe je him dêrnei leechdrinke moatte. Der sil genôch gelegenheid wêze om ek sels te oefenjen. 

Myn eigen wurksjop is in trou-evenemint, nammentlik: Hoe Verscheur Ik Mijn Trouwjurk. Binne jo nei al dy jierren, krekt as ik, der ek wol hast klear mei, mar hinget de troujurk noch altyd yn de kast? Fan my leare jo hoe je dy ritueel ferskuorre kinne. Fotoboeken meie ek mei, mits it papier net te dik is. 

Oant sjen op 29 febrewaris yn de Rede! 

 

Durks Akke.

februari 2019


AKKE EN DE FYTSCLUB 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Bewege is sûn, dat witte wy allegear. At jo hjoeddedei net minstens twa kear yn ‘e wike nei de sportskoalle gean, dan boartsje jo mei je libben. Teminsten, sa wurdt ús allegeduerigen foarhâlden en op ’t lêst begjinne je soks dan ek te leauwen. 

Sels meitsje ik my der net sa drok oer en Durk al hielendal net, mar der binne genôch oaren. Sommigen begjinne te hurddraven, mar oaren giet dat net hurd genôch en dy springe op ‘e fyts. Sjoch op sneintemoarn hjir mar ris op ‘e buorren. Fan alle kanten komt der dan in hiele kloft Riesters byinoar. Froeger diene se dat ek al, mar dan stiene se gewoan wat meiinoar te praten. Mar no stappe se mei syn allen op ‘e fyts. Net om earne hinne te gean of sa, nee, se fytse inkeld in eintsje om. Dêr wurde je fit fan, nammentlik. Kinne je wat kalorieën ferbaarne. 

En dat is nedich, want dêr krije wy allegearre fierstente folle fan binnen, fan dy kalorieën. It is klearebare fergif. En se sitte tsjinwurdich oeral yn, ek noch ris in kear. Ik kin hjir út de toer wei wol sjen dat in protte fan dy Riester fytsers in hiele protte fan dy kalorieën op ha, dus it liket my in goeie saak dat se wat kwytreitsje wolle. It is nammerste better te sjen omdat se hieltyd faker oan de start ferskine yn fan dy strakke pakjes fan elastysk matriaal. By sommigen stiet de boel goed op rek, kin ik jim fertelle. 

Persoanlik soe ik my wol twa kear betinke, foardat ik soks oanluts, mar it is wol goed foar de stroomlijn. En gong is alles. Net ien wol fansels achteroan it pilleton bongelje, dus alles wat de luchtwjerstân fermindert, wurdt yn de striid goaid. It materieel wurdt ek steeds profesjoneler. In gewoane sportfyts is âlderwetsk, dat kin net mear. De iene nei de oare stapt oer op in superlichtgewicht racemûnster. Sels it ûnderhâld wurdt profesjoneel oanpakt. Hiele jûnen wurde dêr oan spendeard yn it Handenarbeidlokaal. 

De oermoedichsten tinke der sels al oer om ek ris tsjin in berch op te fytsen. It soe my net ferbaze as se meikoarten allegear ôfsette nei de Alpe d’ Huez. 

Wat sille wy aansens in ôftrainde liven sjen, hjir yn Rie. 

 

Durks Akke

maart 2019


AKKE EN DE WINKEL 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Rie ferliest syn lêste winkel. Dat is net goed foar ús doarp en net goed foar ús planeet, want no moat elkenien yn ‘e auto nei Berltsum om syn bôle te heljen. Mar ja, it koe net oars. 

En no? Dy bôle, dat sil him wol rêde. Mar wat ik misse sil, dat is it kontakt mei de oare Riesters. By Tina yn ‘e winkel troffen jo altyd wol ien en der wie altyd tiid foar in praatsje. Tina wol ús de boadskippen ek wol oan hûs bringe, dat is fansels hartstikkene leaf. 

Krekt as froeger. Ik wit noch bêst dat Eabe Stienstra destiids de bôle ek lâns de doarren brocht. Dat waard suteljen neamd. Der waard froeger wat ôfsutele. Jo koene sawat alles oan ‘e doar keapje. En it liket wol as komme dy tiden wer werom. At de C & A it op de Nijstêd yn dat djoere pand op den duer net mear bolwurkje kin, komme se miskien straks ek mei de spikerbroeken by de doar lâns. Is it sirkeltsje rûn. 

Mar it is net logysk dat wy op sa’n manier werom yn ‘e tiid moatte. De technyk hat net stilstien, der binne hjoeddedei wol bettere methoades. Want is net handich, al dy sutelders en pakketbesoargers oan ‘e doar, as je net thús binne. Ik ha de oplossing. De regearing wol ús fan it gas ôf ha. Troch al dat ierdgas stoken stige de temperaturen en dale de Grinzers tefolle. En hoewol ik as oprjochte Fries it net sa op dy Grinzers stean ha, hoege se fan my no ek wer net yn ‘e grûn te sakjen. Mar sûnder ierdgas leit dat hiele ûndergrûnse distribúsjenetwurk der wurkleas by. 

Dat kin moai brûkt wurde foar bôle- en oar pakkettransport. In soarte fan buizepost, dus. Ik sjoch it sa foar my: Tina smyt de pofkes of wat ek mar yn ‘e bakkerij te Berltsum farsk út de oven yn ‘e gaslieding, drukt op de knop Verzenden en in pear tellen letter is it spul yn Rie. Is gjin CO2 foar nedich, Mark. Wer in klimaatdoelstelling helle. Itemditem foar de medisinen fan Comello. Ideaal systeem, ik moat der mar patint op oanfreegje. Bliuwt oer it gemis fan de sosjale kontakten. Dêr bin ik noch net út. Dat leit technysk wat yngewikkelder. 

Ideeën? 

 

Durks Akke

april 2019


AKKE HAT IT DROK 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik skriuw dit stikje yn sân hasten. Gau even tusken de ierappels en de brij, om samar te sizzen. Want ik ha it smoardrok optheden. As in lyts baaske. Dat komt troch alles wat der tsjinwurdich yn Rie te dwaan is. Ik kom krekt by de ynloopmiddei wei, it iten fan de Aanschuifmaaltijd is amper sakke. Dan hurd even ferklaaie en dêrnei gau it âld papier oan ‘e dyk sette. Ik moat kollektearje foar Jantje Beton en ik moat de boeken dy ik liend ha út ‘e boekekast yn ‘e Rede noch werombringe. 

Binnenkoart sil ik frijwilligje by de Lytse Doarpe Rintocht en fjirtjin dagen letter stean ik yn it hokje by it sachte bal keatsen. Dan moat ik noch op souder sjen nei spul foar de rommelmerk en ik moat my noch opjaan foar de reuny fan de Legere Skoalle. Tuskentroch ha ik Leendert oan de doar en moat ik noch de dyk oer nei Helena foar in nije permanint. It Rieder Treffen sille se my ek wol foar freegje, skat ik yn. De helte fan myn jûnen gean op oan Rede-besoek, at it no foar Anker en Anker of foar de Bútsoekers is. 

De Handenarbeidtentoanstelling wie wer hartstikkene gesellich. By de jierfergaderingen fan Klaas Mug, Doarpsbelang en alle oare ferienings sit ik foaroan, want ik wol my graach oeral mei bemuoie. Gelokkich slaan wy dit jier de optocht mei de merke oer, oars hie ik ek noch wein-fersiere moatten. It mankearret der noch oan dat ik ek noch oanskou by de Mannensoos. Want ik bin altyd bang dat ik wat misse sil. 

Der kin yn Rie gjin kat strûpt wurde, of ik moat in poat beethâlde, sageseid. It is in syndroom, seit dokter, en der binne gjin piltsjes foar. Dat ik moat wol. Ik wurd der deawurch fan en dêrom prakkesearje ik der sterk oer om te ferhúzjen nei in plak dêr ’t net altyd safolle te rêden is. 

Ljouwert bygelyks. Skynt net folle te beleven te wêzen. Ja, jo kinne in fontein besjen, mar dan ha jo it wol hân. Of Frjentsjer. Sneins kinne jo op ‘e Foarstrjitte in kanon ôfsjitte. Lekker saai, hearlik. Mar ik ha it net oan tiid om noch mear te skriuwen, want ik moat nedich it Kattebeltsje by de doarren lâns bringe. 

 

Durks Akke

mei 2019


AKKE EN DE BOULES 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It is mei Durk noch altyd itselde ferhaal, minsken. Hy is noch hieltyd net foarút te baarnen. En leaver lui as wurch. Hiele dagen hat er neat te dwaan en hinget er mar wat om. Durk kennende, kin dêr net folle goeds fan komme. Dat, doe ’t ik fernaam dat der wat op priemmen stie op de nije jeu de boulesbaan, ha ik him dêr drekst hinne stjoerd. It gie om een jeu de boules clinic, om it mar yn geef Frysk te sizzen. No’t der sa ’n moaie baan by it doarpshûs leit, moat der ek gebrûk fan makke wurde. 

Mar dan maotte jo earst wol witte, hoe soks moat. En dat leare je fan sa ’n clinic, skynt it. Wat hinne en wer goaie mei sokke ballen hoege jo je net bot by yn te spannen, dus dat is hielendal yn Durk syn straatsje. En ik tocht: baat het niet, dan schaadt het niet. Mar dat lêste twifelje ik no wol in bytsje oan. Binnen de koarte kearen hat er de smaak te pakken krigen. Teminsten, sa docht er it foarkommen. Fuortendaliks de oare deis hie er it deroer dat er wer nei it “klubhûs” soe. Doarpshûs silst bedoele, sei ik. Mar nee, sa siet it net. 

Hy wol in jeu de boules-klub oprjochtsje. En in klub hat in klubhûs nedich. Elkenien mei der ek net samar lid fan wurde, jo moatte earst by Durk troch de ballotaazje. Om lid te wurden is it in pré as jo in âldere Riester binne. Dat is de doelgroep. Hat de klub ek in namme, frege ik. Jaseker, sei er, wy neame ús de Boules Angels. De leden krije allegear spesjale, herkenbere klean: learen jaskes, mei achterop it embleem fan de klub. 

De Boules Angels sille ek geregeld meiinoar der op út. It earste útstapke is al pland, in toertocht op Solexen. Ek binne se op syk nei in âlde, leechsteande loads, leafst earne yn de middle of nowhere. Wat se dêrmei moatte, is my in riedsel. Fierder skynt der op it stuit rûzje te wêzen mei de jeu de boulers út Doanjum. It liket derop dat it útdraaie sil op slaanderij. Beide klubs ride binnenkoart op harren solexen nei Boer, wêr in grutte knokpartij ferwachte wurdt. Sa ’t ik sei, fan dy jeu de boulederij kin net folle goeds komme. 

 

Durks Akke

juni 2019


AKKE SPRICHT DEUTSCH 

 

Gutentag, ich bin die Akke die Krie aus Ried am Wiid und wir wohnen in den Turm, hinter das dritte Glocksloch, ich und mein man Dirch. 

Ja minsken, dêr stean jim even mei de eagen te knipperjen, h’n. Dat dy Akke samar even oerskeakelt op it Dútsk, as wie it neat. Ik ha altyd al in talewûnder west en dat komt aansens moai fan pas, mei it Rieder Treffen. Want al dy minsken prate Dútsk fansels. Der komt by dy lju gjin wurd Nederlânsk oan te pas, lit stean Frysk. 

Dat Rieder Treffen is dochs wol wat hiel bysûnders. En dêrom meie wy as Riesters ek wol grutsk wêze op ús doarp. Hokker oar doarp hat no soks? Gjin inkeld, soe ‘k tinke. As Riesters ha wy in fin mear as in bears. Wy kinne ús ommers op ferskate plakken yn it bûtenlân thús fiele. Oare doarpen kin dêr in puntsje oan sûge. Ik tink net dat der yn Dútslân, of wêr ek mar, in twade Doanjum leit. Of in Peins, of in Berltsum. De stakkers. En alhielendal gjin Frjentsjer. Dat kinne se yn it bûtenlâns net iens útsprekke. 

Rie is dan ek de iennichste plaknamme, dêr ’t in mearfâld fan bestiet. Ein Ried, zwei Rieder. Zwei Doanjumer, dat slacht dochs nearne op? De earste kear, yn 1985 yn Ried bei Kerzers, wie ik ek al fan de partij. Aldere Riesters witte dat noch wol. Durk woe net lije dat ik safier fan hûs gie, mar ik die it dochs. Under lieding fan Wiert Riemersma yn de bus nei Switserlân, mei de folksdûnsklub en it korps. Beide besteane al net mear, tiden hawwe tiden. Dochs moai dat it korps foar dizze gelegenheid wêr út it grêf opstiet. Der binne net folle dy dat oprêde. De lêste kear wie al wer twatûzen jier lyn. Mar Akke is der noch altyd. 

En daliks, yn Ried bei Boer, bin ik der ek wer by. Nuver dat de organisaasje boargemaster en wethâlders frege hat om de boel te iepenjen, wylst der dus sa ’n wolbesprake en goed Dútsk pratende persoan yn eigen doarp te finen is. In miste kâns , hearen. Ik hie de taspraak nammentlik al klear: 

Sehr geehrte Rieders, herzelich willkommen in unseres kleines dorfchen Ried am Wiid, mit aus nahm von Dirch. Ja, Dirch ist mein man, sehe. Er hat noch immer kein Arbeit und das find ich scheisse. Aber das mag die Spass nicht drucken. Zuerst gehen wir nach den Abschlussdeich, da ist es immer gerade aus und dann gehen wir mal lecker los in die Feiertent auf das Katzfeld. 

Hoe muoilik kin soks wêze. 

 

Dirchs Akke

september 2019


AKKE REÜNEART 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Wat in drokte hjir yn Rie de lêste tiid, net. De iene groep Riesters sit amper wer yn ‘e bus, of de folgjende komt der al wer oan. Ald-Riesters eigentlik, yn dit gefal. Ik bedoel fansels de reünisten fan de legere skoalle. Dat wurdt opnij in hiele ynfaazje. Nei de merke en it Rieder Treffen is it dizze simmer al foar de tredde kear feest yn it doarp. Is it ek in idee om de strjitfersiering tenei it hiele jier hingje te litten? Noch even en it is al wer desimber en moat de boel al wer foar ’t ljocht. De flagen kinne ek wol wer út. Jim kinne der wol lamme earms fan krije, sa faak moat dat optheden. Ik ha dêr gjin lêst fan. Ik ha dêr in mantsje foar. 

Op feestdagen hear ik moarns betiid Doeke al by de treppen op kommen. As de flage hinget, dan beprate wy it lêste nijs even en dan giet er de treppen ien foar ien wer ôf. En dan jûns itselde wer, mar dan fytsefetse. It is hast net mear op te bringen. Dêrom sil der besjoen wurde at der ek in lift yn ‘e toer ynstallearre wurde kin, want dy krakkemikkige ljedders, dat is arbotechnysk net mear fan dizze tiid. Durk kin wol lift-boy wurde, hat dy ek wat te dwaan. It útsicht is hjir hiel moai, dus wêrom meitsje wy der net in útkyk-toer fan. 

Afijn, de reüny dus. Alle kearen as der in reüny is, dan wol ik graach mei-reüneare. Ik bin altyd bang dat it sûnder my net troch giet en dat soe sneu wêze. As hikke en teine Riester kin ik fansels op dizze reüny al hielendal net ûntbrekke. Der sille wol in protte âlde bekenden omstappe. Benijd wat der fan harren wurden is. 

Ik lit Durk thús, dan hoech ik my net te skamjen. By sa’n gelegenheid moat ik drekst weromtinke oan de grutte reüny fan Riesters en âld-Riesters yn 1988. Der wurdt no noch altyd praat oer de revu dy’t wy doe opfierd ha. Ik sis wy, want iksels spile de haadrol. Jim witte dat fêst noch wol, want ik makke grutte yndruk mei myn sjong- en akteartalinten. 

Ik hie der grif op rekkene dat it myn grutte trochbraak wêze soe, mar spitigernôch hat Joop van den Ende my nea belle. In misferstandsje nim ik oan, miskien siet ik krekt wol op ‘e WC, doe de tillefoan gie. Dat ik sit sit hjir noch altyd mei tsien doazen fol foto’s mei hantekening opskeept, dy ik al meitsje litten hie. Oars moat ik dy mar útdielen gean oan de besikers fan de útkyktoer. 

 

Durks Akke

oktober 2019


AKKE EN DE STIKSTOF 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik wit net hoe it mei jim is, mar ik ha sa stadichoan myn búk fol fan dy stikstofbeweging. It bestean is hjoeddedei op sa ’n manier wol hiel ûnwis wurden. In pear wike lyn hie ik noch nea fan stikstof heard en no ynienen kinne wy net in stap mear fersette sûnder der tsjinoan te rinnen. 

We kinne net mear in hûs bouwe, we kinne net mear in geit yn ‘e tún hâlde en we meie net mear yn in auto ride. En der komme hieltyd noch wer mear beperkings by. Nim bygelyks foarige wike. Doe seach ik de minsken fan de begraffenisferiening op it tsjerkhôf stean. Se stiene der mar mistreastich by, dat ik tocht, ik moat mar ris freegje wat der oan ‘e hân is. Ik sei, wat rinne jim hjir mei de siel ûnder de earm. Wat is der loas? Ja Akke, sei de foarsitter, no is ’t wol wat. We meie hjir gjinien mear begrave, want dat ferriket de boaiem tefolle. It RIVM hat oan it rekkenjen west en jo wolle net witte hoefolle stikstof der yn sa ’n lyk sit. 

Och heden, sei ik, dat is ek wat. Mar ho ris even, dat hoecht foar jim dochs net in probleem te wêzen. Jim kinne dochs ek kremearje? Dat soene je tinke, sei de foarsitter, mar dat kin mei goed fetsoen ek net mear, want dêrby komt tefolle CO2 frij. Om noch mar te swijen fan it opwaarmjen fan de ierde troch al dat gestook. 

No ja, sei ‘k op myn bekende optimistyske wize, dan libje we mei syn allen noch in eintsje troch, dochs. Spitich Akke, mar dat is ek in probleem oan it wurden, sei de foarsitter fan de begraffenisferiening. Trochdat minsken alle dagen mar wer nei de WC gean, wurdt meikoarten de fosfaatnoarm oerskrieden. Tensij wy allegear binnen no en in jier oergean op floeiber iten en net faker as twa kear deis gean te pisjen. Dan kin it allegear noch krekt, sa lang as it duorret. 

Mar: yder nadeel hep se foordeel. Want ek by it slopen fan gymnastyklokalen komt tefolle stikstof frij. Seker yn ‘e buert fan in natuergebiet, ek al is dat net grutter as in postsegel. Dus as wy it gymnastyklokaal dochs noch behâlde wolle, hoege wy allinne mar in pear fjlidmûzen en wat podden te fangen en dy los te litten yn de jeu de boulesbak. 

 

Durks Akke.

november 2019


AKKE EN DE BULGAREN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Understeande ha ik foar jim út de krante knipt: 

SOFIA (ANP) - Yn Bulgarije is ûnrêst ûntstien, nei ’t dêr bekend wurden is dat yn Nederlân, by in bepaald folksfeest dêr, it Bulgaarske folk op in kwetsende wize de gek oanstutsen wurdt. Elts jier op 5 desimber litte se yn Nederlân in man yn in jurk opdrave. Dizze travestyt wurdt bystien troch in team fan saneamde “Piten”, bûtenlanners dy foar him wurkje moatte, sûnder dêrfoar it normale minimumlean betelle te krijen. Se wurde ôfskeept mei in hanfol pipernúten. Sy moatte it smoarge wurk dwaan en net ien skynt him dêroer drok te meitsjen. Sterker noch, de Nederlanners sels wolle dit wurk net iens dwaan. 

Der wurdt stielhurd op del sjoen en de Piten wurde delset as domme skepsels. Dit herinnert op skrinende wize oan de sitewaasje fan in protte Bulgaarske wurkers yn Nederlân. En it sâlt wurdt djip yn ‘e wûne wreaun. Want de Piten krije swarte fegen op it gesicht, om se lykje te litten op de gastarbeiders dy yn de kassen yn ‘e swarte grûn omwrotte moatte. 

Dit falt allegear net goed yn Bulgarije. De ynwenners fan Sofia binne massaal de strjitte opgien en de plysje moast traangas brûke om de gemoederen te kalmearjen. De oanstichter fan dit alles, Sint N., wurdt ek noch ris beskuldige fan minskehannel, nei ’t er op de tillefyzje ferskynde en iepenlik sjen liet hoe er de Piten it lân binnensmokkelt, nammentlik yn it rom fan in frachtskip. Der is in oanklacht yntsjinne by it Europeeske Hôf fan Justysje. 

De reaksje fan Nederlân, dat it allegear mar in optocht ferhaal is foar de lytse berntsjes, wurdt yn it bûtenlân net begrepen en net aksepteard. Dêrfoar sjocht it der te realistysk út neffens de Bulgaarske autoriteiten. Se ha in Europeesk arrestaasjebefel tsjin dizze Sint N. útgean litten. As jim him sjogge, wurdt jim fersocht om drekst de plysje te beljen. Benaderje dizze man net sels, want hy draacht altyd in langwerpich wapen by him, in soarte fan Jedi-swurd, dêr ’t er wyld mei om him hinne slaan kin. 

De Nederlânske regearing is har oer de ûntsteane sitewaasje oan it berieden en hat al besluten dat Piten mei fegen op it gesicht takom jier net mear fan de partij wêze meie. Omdat bleate gesichten te herkenber binne, is it advys om tenei alle Piten blau te schminken. De regearing hopet dêrby wol dat men yn Smurfelân de kalmte bewarret. Sa ’t wy begrepen hawwe sil kening Willem-Alexander meikoarten op steatsbesite dêrhinne, om op foarhân de relaasje mei syn ambtgenoat Grutte Smurf goed te hâlden.

december 2019


AKKE EN DE BIODIVERSTITEIT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Hie ik jim al ferteld dat ik ôfrûne simmer hjir yn ‘e buorren Tarzan tsjin it liif rûn? Ik sei, goeie Tarzan, jo hjir? Jo binne ek mar in ein út ‘e reek. Is’t sa Akke?, sei Tarzan, ik tocht dat ik hjir noch gewoan yn de jungle wie. Nee nee, antwurde ik, dat is it nije belied fan de gemeente. Se wolle de biodiversiteit stimulearje en dêrom stiet it ûnkrûd sa heech tusken de tegels. 

Persoanlik tink ik dat it mear in jildtekoart is, mar dat is fansels net sa sjyk om te sizzen. Jo moatte as gemeente oeral in positive draai oan jaan en altyd entoesjast oerkomme. Dat, as der gjin jild is om te skoffeljen, moatte je sizze dat je oan biodiversiteit dogge. It is ek net sa maklik, fansels. Foarhinne goaiden je der in lading roundup oerhinne en klear. 

Mar ja, dat mei net mear. No moat ik sizze dat ús nije gemeente it grienûnderhâld stevich oanpakt, dêr net fan. Teminsten, dat lês ik yn it parseberjocht yn ‘e foarige Kattebel. Der is in organisaasje opset, mei wykteams en al, dêr ’t it leger noch in puntsje oan sûge kin. Nim allinnich al it ûnderhâld fan de gemeentlike berms. Neffens wethâlder Dykstra is der budget foar mar leafst 1200 fjouwerkante kilometer. Dat is wol in hiele grutte lape berm, tocht ik doe ik dat lies. Kloppet dat wol? 

Ik ha it opsocht op Wikipedia en dêr stiet dat de totale opperflakte fan Waadhoeke 315,26 fjouwerkante kilometer is, wetter ynbegrepen. Dus, of de wethâlder tinkt dat de gemeente ien grutte berm is, of yn syn entoesjasme pakt er de berms fan de omlizzende gemeentes der ek by. 

Betsjut dit dat de gemeente no ek by elkenien thús de túntsjes komt by te hâlden? Der binne ommers middels en minsken frijmakke foar wol 4 gemeentes. Dat sil wol wer te moai wêze en ik bin bang dat de wethâlder in lyts rekkenfoutsje makket en dat er net fjouwerkante, mar strekkende kilometers bedoelt. 

In djoer foutsje, dat wol. It is te hoopjen dat se by de gemeente it rekkenjen better ûnder de knibbel ha as it om de gemeentlike belestingen giet. En oars moatte se mar even op rekkenles, leafst op in goeie skoalle. It wit noch wol ien. Stiet ek noch midden yn de gemeente. 

 

Durks Akke.