Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2018


AKKE EN DE GYMNASTYK 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Twa stappen foarút, ien stap achterút. Ha wy krekt in prachtich moai doarpshûs, reitsje wy de gymnastykseal kwyt. De gemeente wol de boel slute. Nei 75 jier sit Rie aansens sûnder in romte foar ús gymnastykferiening. We gean hjir net foarút, mar stadichoan tebek yn ‘e tiid. Ik stel foar om de gymferiening dan ek mar om te turnen yn in hunebêdbou-feriening. It sil wol de safolste besunigingsmaatregel wêze. 

Halloo gemeente! Duhhh!! Dit is 2018. De krisis is foarby, hear. It jild rôlet wer. Unreplik guod wurdt wer mear wurdich en sels de befolking krimpt net mear. Lêze jim de krante net? Op sa ’n manier wurdt de gymferiening de nekke omdraaid. En it is noch wol ien fan de klubs dy it aktyfst is yn it doarp en dy in hiele protte bydraacht oan de mienskip hjir. Wylst se krekt hurder nedich binne as ea. Ik bedoel, de jeugd fan tsjinwurdich komt amper mear fan ‘e bank ôf. Se binne lang sa linich net mear as froeger. Se sitte allinne noch mar op harren tillefoantjes te boartsjen en dêrtroch binne se fierstente grou. Dat is wittenskiplik ûndersocht. En dan wol ynfestearje yn glêsfezelbundels en net yn spierbundels? Ik kin der mei de pet net by. 

Ik sjoch net allinne it gemeentebestjoer hjir op oan, mar ek de gemeentepolityk. In moderne politikus sjocht fierder as syn tillefoan. Dy is no al dwaande mei de neisleep fan it ynternet. Bits èn Beweging, dêr hat it folk ferlet fan. Mar it hoecht net fan ien kant te kommen. 

Hjir is de deal, gemeente: jim jouwe ús noch ien jier respyt. Dat hat ús bouploech nedich om even te bekommen fan de topprestaasje dy se yn de Rede leverje. Dan drage jim de gymseal oer foar in euro en dogge wy sels de grutte renovaasje. Dus ha jim gjin sloopkosten en fierder kostet it jim ek neat, want wy ha hjir in man yn ’t doarp, dy is in kei yn it finen fan subsydzjepotsjes. Foar de nije Rede hat er safolle jild byinoar swile, dat se fan gekkichheid net mear witte wêr se it oan útjaan moatte. Ik ferklap syn namme net, want dan begjint elkenien oan him te lûken, mar de RIesters witte wa ik bedoel. 

Foar de eksploitaasje ha wy inkeld in renteleas foarskot nedich. Dêrmei bekostigje wy sinnepanielen op it dak. Op ien fan de grutste dakken fan it doarp bringt dat mear as genôch op om de rinnende kosten te dragen. As it ek noch slagget om de frijkommende enerzjy fan al dat springen en draven yn de seal op te fangen, dan sil it jim noch spite dat jim der fan ôf wolle. 

 

Durks Akke

februari 2018


AKKE EN DE UFO 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik hearde dat der in Ufo yn Rie waarnaam wie. Neffens de berjochten soe er landen wêze yn de Rede. Earst tocht ik, it sil wol praatsjes wêze. Se sille Durk wol fleanen sjoen ha, neidat er wer ris tefolle dronken hie. Mar de geruchten waarden hieltyd sterker. Dat doe tocht ik, ik moat dochs mar ris op ûndersyk út. Lit my ris mei eigen eagen yn de Rede sjen. Ik hie der op ’t lêst ek al in hiele tiid net mear west en wie ek wol in bytsje nijsgjirrich nei hoe’t it wurdt. Soene al dy wurklju dêr wol wat út ‘e wei sette, of sitte se foaral oan de kofje mei koeke fan Anneke? Dat ik stuts de dyk oer. De doar stie iepen, elk rûn samar yn en út en net ien sloech acht op my. Sa koe ik moai stiekem dêr wat ombuorkje. 

En ja hear, doe ’t ik yn ‘e grutte seal bedarre, seach ik him. In echte Ufo. Presys sa ’n ien as yn de film. Allinne sa grut net as ik ferwachte hie. Dy aliens kinne net folle grutter wêze as kninen, betocht ik my. Dus dêr hoege je net fuortendaliks benaud fan te wurden. De Ufo fleach noch, want út de raketmotoren kaam waarme lucht. Dat fielde wol lekker, it wie krekt as wie it in kachel. Hy sweefde tsjin it plafond oan. Mar de aliens sels wiene nearne te bekennen. Utnaaid, seker. Of der út bonsjoerd troch Jehannes Rienks, omdat se him foar de fuotten rûnen. 

Want it wurk moat wol trochgean, fansels. De iepening fan it nije doarpshûs sit der al oan te kommen. En dan moat de boel spik en span wêze. No minsken, ik kin jim út de earste hân witte litte dat it prachtich wurdt. Dat ha ’k sels sjoen. Rie kriget it moaiste doarpshûs fan de gemeente. Wat sis ik, fan hiele Fryslân. Nearne ha se sa ’n lúkse akkommodaasje as wy hjir aansens. Mei in theaterseal, dêr kin de Harmonie in puntsje oan sûge. En in bar fan keninklike allure. Ik sjoch Willem en Maxima dêr sa sitten. It liket wol as hiene se jild by de rûs en bin der miljoenen tsjinoan smiten. Wat fansels net sa is, want it moast mei dûbeltsjes, kwartsjes en Rede-bôlen byinoar skrabe wurde. 

Dat der dan dochs sa wat bysûnders ta stân brocht wurdt, dat kin allinne mar yn Rie. Dêr kinne wy as Riesters grutsk op wêze. Wat dy achterlitten Ufo oangiet: dy bliuwt. Hy hinget midden yn ‘e seal oan it plafond. Dat wurdt myn privee-loge as der in foarstelling yn de nije seal is. Set ik de raketmotors oan en sit der lekker waarm by. 

 

Durks Akke.

maart 2018


AKKE EN DE GRIENSTRUKTUER 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Minsken, we ha in nij doarpshûs. Dat ik dit noch meimeitsje mei. En dat net allinnich, we ha no ek in doarpstún. Ik sjoch hjir fan út de toer hoe it âlde skoalplein hielendal op de skeppe giet. Dêrby moat it blykber earst op it slimst, want ik hie yn Rie noch nea sa ’n grutte bende sjoen. 

Mar it skynt aansens hiel moai te wurden. De nije tún slút naadleas oan by de grienbeplanting lâns de dyk. Meikoarten is Rie ien grutte griene oase yn in see fan . . . fan . . . no ja, gêrs. It past hielendal yn de grienstruktuer fan Rie, seit de grienkommisje. Ik hie it sels net better sizze kinnen. Ik bin it der dan ek hielendal mei iens. Oars wurdt it nammentlik in soadsje. Ik bin in grut foarstander fan struktuer. At it no grien, read of blau is. 

Struktuer ha wy nedich yn it libben. Sjoch mar nei Durk. As ik him gjin struktuer jou, dan rekket er hielendal it spoar bjuster. Dêrom woe ik by dizze Durk foardrage as de nije túnman fan de nije doarpstún, want der sil ien komme moatte foar it ûnderhâld. En mei Durk yn dy funksje snijt it mes dus fan twa kanten. 

As it fan frijwilligers ôfhinget, dan witte jim wol hoe it giet. Dan ha wy op den duer in doarpsjungle. Trochgeand ferkear, dat Rie ynkomt, ferdwaalt dan hielendal. Wurde se pas nei twa wiken úthongere wer weromfûn. Is net goed foar ús reputaasje. En jo rinne kâns dat jo gesprekjes opfange, sa fan: “Wat ritselt dêr troch de beammen? Is it in orang-oetan? “ “Nee, dat is Willem Dikken yn it Handenarbeidlokaal.” Moatte wy net wolle. Eigenliks is de namme “doarpstún” wol in bytsje gewoantsjes. It kriget mear de allure fan in park. Of, mei sa’n deftich doarpshûs der midden yn, in landgoed. Om it hielendal ôf te meitsjen, hie der noch in grêft omhinne moatten. Mei in ophaalbrêge. En “Landgoed Redewold” op de homaaije-peallen. 

Mei Durk as túnman en iksels as Lady Akke Chatterley. It binne mar ideeen, grienkommisje, miskien kinne jim se noch meinimme. 

 

Durks Akke.

april 2018


AKKE EN JOOP 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Potferdoarje, minsken, wat hie ik de smoar yn by de iepening fan de Rede. Want wêrom wie ik dêr net foar frege? Ik bedoel, as der ien yn oanmerking komt foar sa’n wichtich en histoarysk doarpsbarren, dan bin ik dat dochs. Ynstee dêrfan litte se sa’n wethâlder opdrave. Dy de selde deis wierskynlik noch twa oare doarpshuzen iepenje moast. 

Nee, dan ikke. Ik hie der wat bysûnders fan makke. Net domwei in taffelkleedsje fan in peal lûke, mar folle mear spektakel. Wat dan? Ja, dat sis ik net, fansels. Hiene jim my mar nimme moatten. Mar wy hiene net iens in offisjele útnoeging krige, ik en Durk. Hoe presteare se it. It sil wol wêze omdat wy neat donearre hawwe. Mar dat wie ûnmacht, gjin ûnwil. Wy ha no ienkear gjin sint te makken. Mar de folgjende kear dat der yn Rie wat iepene wurde moat, doch ik it. Ek al is it in nij húske yn ‘e haven. 

Afijn, it nije doarpshûs is dus iepen en it lûkt in soad belangstelling. Sels fan fierren. In pear dagen lyn seach ik dat der in dikke auto foar de Rede stoppe. Neffens my wie it sa’n RollsRoyce ding en der siet in sjauffeur yn mei in pet op. Ik tocht, soe it de kening wêze, mar dat wie net sa. Der stapte in rizige man út, mei in briltsje en wat krultsjes. En hy rûn wakker troch de rúten te gnúven. Ik moat der mar hinne, tocht ik, miskien hat dit spul wol lúzen. Hy sei: Goedendag, mijn naam is Joop, ik ben theatermagnaat. En wie bent u? Ik sei: ik ben Akke en ik ben torenmagnaat. Derde kloksgat. Wat moet dit hier? 

Wol, it die bliken, hy hie heard dat yn Rie it modernste theater fan it lân boud wie en dêr hie er sin oan. Hy sei: wij moesten maar fuseren. Wat vindt u daarvan, Akke? Ik sei: Schijtmerakels. Ik ben jaren geleden al gefuseerd met Dirk en dat heeft ook niet veel opgesmeten. No, dan woe er it wol keapje. Noem uw prijs, sei er. Tsja, it is wat de gek der foar jout, sei’k. Hy sei: ik bied een miljoen. Ik sei: voor zo’n fooi doen we het hier niet. De prijs is tien miljoen. Voor een uit het Westen is dat nog maar een greeuw, zou ik zeggen. Lykwols, ek nei lang hantsjeklappen binne wy it net iens wurden en is er mei sjauffeur en al wer ôfsetten. 

Dat wy moatte it hjir mei ús eigen artysten dwaan. Dy binne der genôch yn Rie, tocht ik. 

 

Durks Akke.

mei 2018


AKKE EN DE NIJE GYMSEAL 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Noch twa moanne en dan giet de doar op slot. Dan falt it doek foar ús gymnastykseal. Alle war fan de WDG, oftewol Werkgroep Dorpshuis Gymzaal, hat om ‘e nocht west. Oan dizze minsken hat it net lein, dy ha har der genôch foar ynset. Nee. It giet wer ris om de sinteraasje. 

Want it kostet de gemeente grou tweintich tûzen euro jiers. In godsfermogen. Dêr kinne jo hiel wat leuke dingen fan dwaan foar de minsken. Sa’n bedrach is tefolle neffens it gebrûk dat der fan makke wurdt. Want hoewol der sawat alle jûnen wol wat is, stiet it oerdei meast leech. De besetting is te leech mei it each op de kosten, seit de gemeente. 

Dizze redenaasje is gjin spiker tusken te krijen. Ik sil it ûnthâlde as wy meikoarten om in nij bêd útgean. Dan bied ik de bêdeferkeaper in tredde fan de priis. Want ja, dat stiet oerdei ek leech. Ik bin it oars hielendal mei de gemeente iens dat jo gjin grutte sealen delsette moatte, dy mar sa no en dan brûkt wurde. Dat kin je de belestingbeteller net oandwaan. Ik jou in willekeurich foarbyld. 

Stel jo bouwe in grutte nije seal. Stel dat dat yn Frjentsjer is. Stel dat dy seal oan it gemeentehûs fêstboud is. En dan hâlde jo der mar ien kear yn ‘e moanne wat yn. In riedsfergadering bygelyks. Dat kin nea út, dat snapt in bern. Boppedat soe it mjitten mei twa maten wêze. Dêr soe de WNMTMM (Werkgroep Niet Met Twee Maten Meten) fuortendaliks in stokje foar strike. Dus wurdt soks net dien. Wat sizze jo? Der stiet wol degelik sa’n seal? Nee wol? 

Ik tink dat jo dat dan by de ferkearde ein hawwe. Ik tink dat de gemeente ús ferrasse wollen hat. Troch stiekem in nije gymseal foar ús te bouwen. Yn Frjentsjer, dat wol, mar dat kinne wy maklik bereizgje. De doerakken. Wa hie dat tocht? Us hjir mar op ‘e kast jeie mei drigeminten oer sluting. En yntusken. Moai sa, as de seal hjir per 1 augustus ticht giet, ferhúzje wy de hiele ynvintaris dêrhinne. Ynklusyf de ringen oan it plafond. 

Komt der ek in offisjele iepening? Wolle ik en Durk wol in trapeze-act ynstudearje. O ja, ien kear yn ‘e moanne meie de tafels en stuollen der wol even stean foar in fergadering. Dêr kinne ik en Durk wol om trochoefenje. 

 

Durks Akke.

juni 2018


NN en it Jubilieum 

 

Ik bin NN en wy wenje ergens, ik en myn man NN. 

Ja minsken, dat is no de nije privacy-wet. Dy jildt foar elkenien en alles, dus ek foar my en foar de Kattebel. Op fersyk fan de redaksje neam ik myn namme net, oars kinne se yn de problemen komme. En ik skriuw der ek net by dat wy achter it tredde kloksgat fan ‘e toer wenje, ik en Durk. Want as minsken mei ferkearde bedoelings de Kattebel yn hannen krije, dan soene se samar tinke kinne: dy Akke, dy sille wy ris te grazen nimme. Dus bliuw ik unanym en giet myn yndentiteit allinne mysels oan en ha jim gjin idee mear wa dit skriuwt. 

Mei tank oan dorpjeried.nl bin ik tsjinwurdich ek op Facebook te lêzen, mei in grutte foto fan mysels derby. Dat ik gean der fan út dat Marten Sûkerberch yntusken alles fan my wit, al kin ik my foarstelle dat er dêr danich fan yn ‘e war rekke is. Mar dat is no ôfrûn, want ik ha Jelle frege om my tenei in balkje foar de eagen te dwaan, sadat ik ûnherkenber bin. 

 

Eigenlik hie ik it hjir ha wollen oer it oansteande jubilieum fan Klaas Mug. Hûnderttweintich jier wurdt de âld baas al. En hy lêst de krante noch sûnder bril! Mei sa’n leeftiid binne jo ûnder en boppe de wet, dat syn namme mei gewoan neamd wurde. Klaas Mug bliuwt ivich jong, sa liket it wol. Hy is noch altyd it klopjende hert fan it simmerske doarpslibben. Mei as hichtepunt fansels Riester Merke. 

As hikke en teine Riester Ka ha ik al hiel wat jubiliea fan de keatsklub meimakke. Mei weemoed tink ik werom oan de tiden fan foarsitter Molle Stellingwerf, dy it hiele doarp as ien man yn aksje wist te krijen doe de strjitten fersierd en ferljochte wurde moasten en hy in optocht ha woe. En dan tritich jier lyn, mei de grutte reuny en de revue mei iksels yn de haadrol. Noch altyd it hichtepunt út myn karrière.

Tsien jier letter hiene wy fansels it ieufeest, wat je ek gerêst histoarysk neame kinne. En no binne wy alwer tweintich jier fierder. Wy binne allegear tweintich jier âlder wurden, mar Mugje net, as je it my freegje. Ik sjoch mei nocht hoe de Riester jeugd him noch altyd útlibbet op it keatsfjild. It wurdt aansens fêst wer in grut feest. 

Ik ha noch in ideetsje foar it bestjoer: yn Wommels lizze se mei de Freule altyd blommen by har tinkstien. In moaie tradysje. Wêrom net de tongersdeis om te begjinnen in blomke op it grêf fan Klaas Mug te lizzen, hjir rjocht ûnder it tredde kloksgat? Dat soe dochs it minste wêze dat wy de man ferskuldige binne foar alle nocht en wille dy er ús de lêste hûnderttweintich jier besoarge hat. 

Ofpraat? 

 

NN’s NN

september 2018


AKKE EN DE PAPOEA’S 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Sûnt de simmer sjoch ik geregeldwei in bus troch Rie riden. Mei Bertus achter it stjoer. Gemeente Waadhoeke stiet der op. Op de bus, bedoel ik. Ik tocht, stapt de gemeente yn it gat dat Arriva hjir falle lit? Dat soe al te moai wêze. 

En ja, doe ’t ik noch ris goed seach, seach ik dat der allinne mar bern fan de legere skoalle yn sieten. En dat in pear kear yn ‘e wike. Dy bern gean ek mar faak op skoalreiske, tocht ik. Mar doe foel ynienen it kwartsje: sa wurde se no fansels nei de gymnastyk brocht. No ’t it doek fallen is foar de gymseal, moatte se alle kearen nei Tsjummearum brocht wurde. En wer werombrocht. Soe Bertus ek meigymnastykje? Wie net ferkeard. 

Afijn, dus wer in foarsjenning minder. En dat yn in tiid dat it elts wer foar de wyn giet en de huzen net oan te slepen binne. Hearre jim noch wol ris ien oer de krimp? Ikke net mear. Wat is it folgjende? De skoalle? As dit sa trochgiet, is der aanst neat mear oer. Dan hat by wize fan sprekken it earste it bêste Boskjesmanne-doarp yn de Congo mear foarsjennings as Rie. We geane sa ieuwen werom yn de tiid. Wat sis ik, wy wurde sa stadichoan de Papoea’s fan Fryslân. 

Miskien leit dêr wol de oplossing. As de gemeente ús net helpe wol, dan moatte wy it hegerop sykje. Den Haach. Wy moatte ús as Papoea’s gedragen gean. Want dan falle wy ûnder it Ministearje fan Ûntwikkelingsgearwurking en dêr besunigje se net op. Ik stel foar dat der in sendeling diskant opstjoerd wurdt, op ekspedysje. Mei kraaltsjes en spegeltsjes. 

It is mar goed dat wy tsjinwurdich sokke hite simmers ha, want wy moatte ús fansels ek as Papoea’s klaaie, oars traapje se der net yn. Ale hat noch wol in sek mei kowe-hoarnen, hearen, dat dêr kinne jim telâne. 

Och heden, sille se yn Den Haach tinke, de stakkers. We moatte se helpe. Wêr ha se ferlet fan? In postkantoar? Nee, want se kinne ommers net lêze en skriuwe. Dan moatte wy de skoalle mar stypje. Wy moatte se opfiede. Opstjitte yn de faart der folkeren. Net allinne geastlik, mar ek lichaamlik. It iene kin net sûnder it oare, dus moat der in gymnastyklokaal komme. 

Us minister Sigrid Kaag sil it heechstpersoanlik iepenje. Dy sprekt allerhanne frjemde talen, dus mei dat Fryske gebrabbel fan dy ynboarlingen sil se har ek wol rêde. No, dat treft, dames en hearen fan it Ministearje, want ik wit noch wol in moaie kavel derfoar. Pal neist de skoalle. Der stiet no noch ien of oar âld gebou op, mar dat giet meikoarten dochs tsjin de flakte. 

 

Durks Akke.

oktober 2018


KICK OUT AKKE 

 

Meidieling fan de redaksje: Yn it ramt fan hjoeddeiske ûntwikkelings yn de wrâld om ús hinne ha wy besluten om de rol fan ús fêste kolumniste, Akke de Ka, neier tsjin it ljocht te hâlden. Se mei dan wol yntusken al fjouwerentritich jier by dizze krante yn tsjinst wêze, mar dat wol net sizze dat se ûnder en boppe de wet stiet. 

It falt net te ûntkennen dat se swart is. En dêrmei ûntstiet der in probleem, want wy witte allegear wol dat alhiel swarte fantasij-figueren, lyk as Swarte Pyt en dus ek Akke de Ka, wat langer wat mear yn in kwea deiljocht komme te stean. Resintlik is de redaksje hjiroer benadere troch in oantal foarútstribjende Riesters, dy har ferienige ha yn de aksjegroep Kick Out Akke. Se binne fan miening dat de Kattebel har net langer in poadium biede mei, omdat se mei har opruiende taal hieltyd wer bepaalde befolkingsgroepen op it harspit nimt. Kear op kear kinne jim yn har stikjes lêze hoe se minsken ûnterjochte diskriminearret en besteande foaroardielen befestiget. Benammen de groep fan gemeente-amtners fielt him hjirtroch kwetst. En dat binne dochs gjin mindere Nederlanners as wy, allinne omt se by de gemeente wurkje? 

Dit kin sa net langer, seit de aksjegroep en dêrom roppe se de Riesters op ta in blokkade fan it Tsjerkepaad, om Akke sadwaande de foet dwers te setten. De redaksje wol de eagen net slute foar dizze tanimmende politike korrektens en is fan miening dat der ien lijn lutsen wurde moat: gjin Swarte Pyt, dan ek gjin Akke. 

En sa ’t yn ‘e Swarte Pite-diskusje de roetfeech-pyt de oplossing is, sa ha wy besluten om tenei dizze kolumn skriuwe te litten troch Eabele Ekster. Ut de kastanjebeam foar de âld pastorij. Hy hat tasein om him net al te swart-wyt op te stellen. 

Ek wolle wy dêrmei al fêst safolle as kin rekken hâlde mei de gefoelichheden fan ús nije boargemaster, Marga Waanders, dy yn Dokkum mooglik slim traumatisearre rekke is troch dit hiele gedoch. Lykwols binne wy der net gerêst op dat Akke echt it fjild romje sil, want wy hearden dat se drekst neidat se hjir lucht fan krige, se ôfsetten is nei Skingen, nei Wim en Jantien. 

Wy binne bang dat se Wim Anker yn ‘e earm nimme sil en dat se der in rjochtsaak fan meitsje wol. En mei sa’n abbekaat stiet se fansels sterk yn ‘e skuon. Anker en De Ka skine al útnoege te wêzen foar DWDD en der wurdt ek in crow-funding aksje opset. 

Takom moanne sille wy sjen wa de striid wûn hat. 

 

De redaksje fan de Kattebel.

november 2018


AKKE EN IT AMC 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ’e toer, ik en myn man Durk. 

At ik de krante leauwe mei, dan ha wy hjir yn de doarpen fan ús gemeente in protte lêst fan Arbeidsmigranten. Se sitte mei syn allen yn húzen, dêr ’t folle better eigen minsken yn wenje koene. Sadwaande is der foar eigen jeugd gjin wenning te krijen en bliuwe dy mar by heit en mem wenjen, wat net goed is foar de sfear thús. 

It is ek net goed foar it doarpslibben yn it algemien, want dy Poalen bemuoie har fansels nearne mei. Se witte net wannear it âld papier ophelle wurdt, of wannear hokker kontener by de dyk moat, it wurdt in soadsje. Se stoke in kampfjoer yn ‘e foartún en as se itensiede, dan rûkt it hiel frjemd. 

Dêrom hat de gemeente bepaald dat der mar ien prosint fan de huzen troch dizze minsken bewenne wurde mei. Ik wit it net krekt, mar dat komt foar Rie del op oardel hûs, skat ik. Yn werklikheid binne it lykwols folle mear, mar dy minsken binne hurd nedich om de ekonomy op gong te hâlden. Dus sit de gemeente no mei it probleem dat harren eigen belied net útfierber is. Fan in kreatieve oplossing is driuwend ferlet. De wethâlder hat sein dat der in oare tinkrjochting komme moet en dat se yn iepen gesprek mei de ynwenners wol. No, wêthâlder, dan binne jo by my oan it goede adres. 

Alle kanten op tinke hat altyd al myn sterke kant west. Ik ha dus yn in oare rjochting tocht. Yn dit gefal nei ûnderen. Wa ’t wol ris by my op ‘e thee komt, dy wit dat jo earst in stik of trije tuskensouders yn ‘e toer omheech moatte, ear ’t je by my op ‘e klokssouder binne. Dy ferdjippings hjir ûnder my kinne maklik omboud wurde ta appartemintsjes foar Poalen. 

En dat kin yn alle doarpen, want der is gjin belied op it maksimale persintage tsjerketuorren. Mei wat ynskikken kinne der per ferdjipping gau tweintich man wenje, oerdei binne se dochs oan ‘t wurk. Probleem oplost. Ik stel Durk oan as húsmaster, docht dy einlings ek wat nuttichs. 

En sels hâld ik der wol wat tasicht op dat de goede kontener op de goede dei oan ‘e dyk stiet. En alwer rinne wy yn Rie foarop, diskear mei it earste Arbeids Migranten Centrum, ofwol AMC fan de gemeente. 

 

Durks Akke.

december 2018


AKKE SKÔGET 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ien kear yn it jier doch ik in doarpsskou. Ik gean dan mei bestjoersleden fan Doarpsbelang troch it doarp en ik wiis se op misstannen. Bygelyks as minsken harren foartúntsjes net netsjes binne, dan sizze wy der wat fan. It kin ek wêze dat der in lantearnepeal skeef stiet of in putsje ferstoppe en dêr sprekke wy de gemeente dan op oan. En wa ’t syn hûs of hok fersloere lit, dy wurdt dêroer ek op it festje spuid. 

Dit is nedich, want wy wolle der yn Rie kreas op stean en dêr passe gjin boufallen by. Ordnung muss sein. Ik moat sizze, it like dizze kear hielendal net raar, Riesters binne bêst wol himmele lju. Mar op ‘e Peinserdyk dêr stiet in bouwurk, dêr springe jo de triennen by yn ‘e eagen. Ik bedoel fansels it âlde gymnastyklokaal. 

As it fan my wie, dan hie ik it allang plat goaid. Want oars soe ik my der foar skamje. En it docht net allinnich sear oan ‘e eagen, it docht ek noch sear oan it hert. Bulldozerje, sa gau mooglik. Dêr siet ik dus oer te prakkesearjen, nei ’t ik de krystbeam optúgd hie. En doe ik sa nei dy moaie grutte rûne ballen yn ‘e beam seach, doe snapte ik it ynienen: alles giet yn sirkels. 

Earst – lang lyn – wie der gjin gymseal, doe wie der in gymseal en no is der wer gjin gymseal. Sa giet it mei alle foarsjennings. Earst wie der gjin strjitferljochting, doe wie der strjitferljochting en meikoarten is it der wierskynlik net mear, want it wurdt te djoer. Boppedat hat elts wol in bûslamp-app op ‘e tillefoan, dus it hat ek gjin sin mear. Alles giet rûn yn sirkels. It is net te kearen. Tiden hawwe tiden. 

In pear hûndert jier lyn wie de dyk troch Rie in modderpaad. Doe kaam der jild om klinkers te keapjen en straks is it jild wer op. De minsken dy har no drok meitsje om al dy hurdriders en dy betonblokken op ‘e dyk ha wolle, kinne har de muoite besparje. Der falle aansens fansels gatten yn ‘e dyk en tsjin dy tiid is der gjin jild mear foar wegenûnderhâld. Knappe jonge dy dan noch te hurd rydt. 

Us bern en bernsbern libje letter yn in doarp mei wer in modderreed. Mar se meitsje harren der net drok oer, want yn pleats fan in auto ha se allegear in drone op ‘e oprit. Behalve ik en Durk dan útsoarte. 

 

Durks Akke.