AKKE EN DE FERKIEZINGS
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.
Dus. Noch even en dan wenje wy yn Waadhoeke. Ik moat sizze dat ik noch net wyld entoesjast bin oer de namme. It klinkt krekt as stean wy hjir altyd oan de ankels ta yn it wetter.
Wêrom net wat flitsenders. Wat moderns, kommersjeels en ynternasjonaal klinkend. Great Wide Open Country, bygelyks. Mar nee, wy wenje tenei yn in klamme hoeke. Ik bin wol benaud dat Rie aansens hielendal weiwurdt yn dy nije grutte gemeente.
Durk hat it foar my útrekkene, mar wy binne mei minder as ien prosint fan de ynwenners. Dat wy hoege nearne mear op te rekkenjen. Dêrom tocht ik, wy kinne better ússels mar rêden gean. Rie moat ûnôfhinklik wurde, krekt as Kataloanië.
Dêrom sil ik in referindum hâlde. Meikoarten krije jim allegearre in stimbryfke yn ‘e bus, wêrop jim dat oanjaan kinne. In fakje mei NEE stiet der net op, want wy ha gjin oare kar mear. En ik wie fan doel om mei te dwaan oan de gemeenteferkiezings, mar dat is misbeteard.
Earst hie ik my oanmeld as Partij Van Durks Akke, ofwol PVDA, mar sa’n partij blykte al mei te dwaan. Dat doe waard it de RÛP, ofwol de Riester Ûnôfhinklikens Partij, mei mysels as listlûker en Durk as listtriuwer. Oare kandidaten ha wy net, want as ik keazen wurd, kin ik my der sels wol mei rêde.
Mar blykber krigen se dêr yn it Kremlin lucht fan, want it duorre net lang of der waard allegear nep-nijs oer my ferspraat. Der stie ynienen op dorpjeried.nl dat ik ûntuchtige handlings útfierd ha soe mei de boargemaster. Se woene my swart meitsje. No, ten earste bin ik dat útsoarte al en ten twadde, ik hâld sokke dingen altyd ûnder de pet. Dat it kaam seker net by my wei en de boargemaster sil der ek nea wat oer loslitte. En ik soe polityk asyl oanfrege ha yn België. Kloppet allegear gjin hout fan, mar it kwea wie al dien de RÛP waard fan de list skrast.
Nee, dy Poetin, dy sit hjir achter. De Russen ha ús doarpssite hackt. Ik snap it wol, want hy is skitene benaud foar my. Hy tinkt, as dy Akke it dêr foar it sizzen krijt, dan is foar my yn Fryslân neat mear te ferstriken. En dat is ek sa. Ik fertink se lykwols fan noch folle mear. Miskien ha se de kompjoeter fan de Kattebel ek wol kreake en stiet dit krantsje fol mei nep-nijs. Miskien sels wol op dizze blêdside. Miskien bin ik it sels wol net iens, dy dit skriuwt.
Poetins’s Akke.