AKKE EN DE BERNE-OPFANG
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan’e toer, ik en myn man Durk.
Ik sjoch hjir út de toer wei it ferkear noch alle dagen fierstente hurd troch it doarp riden. Neat hat oant no ta holpen om de feart der út te krijen. En it iennichste dat wol holp, dat mocht net. Ik bedoel de konteners op ‘e dyk ynstee fan op’e stoepe.
Doarpsbelang hat oeral oankloppe foar bettere maatregels, maar se wurde fan it kastke nei de muorre stjoerd. De gemeente wiist nei de plysje en de plysje wiist nei de gemeente. Anneke Hiemstra hat der sa stadichoan in puntholle fan. It is wachtsjen oant it in kear mis giet en der in bern ûnder de auto rekket. En dat moatte wy dan mar akseptearje. Of net?
Miskien moatte wy foar de bûtenwacht wol krekt dwaan as dat wy it goed fine. Sabeare. Ik sil jim útlizze hoe ik dat bedoel: Alle Riesters moatte krekt dwaan as is it de normaalste saak dat auto’s mei hûndert troch de buorren skeure. It heart by it libben. En krekt sa’t je swimmen leare om net te ferdrinken, sa moatte de Riesters fan jongs ôf ek leare te berne-opfangen.
Ferplichte. Dus, as in bern troch in auto yn folle feart skept wurdt, moatte je, as je yn’e buert binne, leard ha hoe je sa’n bern feilich opheine kinne. Damage Limitation hjit dat. Doarpsbelang moat hjirfoar sageneamd in offisjele kursus organisearje, mei in echt diploma berne-fangen. Alle Riesters stelle harren dan op lâns bygelyks de Berltsumerdyk en de bern gean midden op’e dyk stean. Dan rydt in dikke auto fol gas de dyk del. Ynstrukteurs leare ús dan hoe je de bern opfange moatte. En dit alles sa serieus mooglik.
Miskien is it better om gjin gebrûk te meitsjen fan echte bern, mar fan poppen. Fantefoaren litte wy dit útlekke nei de media. Dy fine it fansels prachtich, want sensaasje. Se komme der manmachtich op ôf. En dan fertelt Anneke mei in stielen gesicht foar de kamera’s dat wy dit de gewoanste saak fan ‘e weareld fine. It A-diploma is foar guon dy it bern noch in kear stuiterje litte en wa se mei de flecht fangt kriget it B-diploma. En dat is dan allegear te sjen by Omrop Fryslân, Hart van Nederland en CNN en sa. Watte, it giet de hiele wrâld oer. Dan wol ik wol ris sjen hoe gau as der maatregels nommen wurde.
Durks Akke