AKKE SUR MER
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.
Lêsten lies ik yn ‘e krante oer it plan om Holwerd oan see te lizzen, troch de boel dêr iepen te graven. Sa wolle se dêr wat dwaan oan de krimp en de ekonomy foarút helpe. In geniaal plan. En ik seach it fuortendaliks foar my: dit moatte wy hjir yn Rie ek dwaan. Ried aan Zee.
Foardat der seediken wiene, kaam de see hjir ek oan ta, dus der is neat nijs ûnder de sinne. Sa fier sitte wy hjir himelsbreed ek net by de seedyk wei. By Furdgum de dyk trochstekke, in eintsje grave lâns it Binnenpaad en hup. In moai putsje foar Danny, Frits en Marten. Der sil yn Brussel fêst noch wol ien of oar potsje foar achterbleaune gebieden oer wêze, om dit te bekostigjen.
Stel je foar: de cruiseskippen lizze oan yn’e jachthaven, dan fansels in seehaven. De haven sil, tink, wol wat útdjippe wurde moatte, want sokke seekastielen stekke djip, mar hawar. Der kin moai in boulevard oanlein wurde by de kant fan it Wiid lâns, fan de haven nei de iisbaan. Dêr moatte allegear restaurantsjes, bars, gokhallen en oar fermaak komme.
Tink je ris yn, hoefolle wurkgelegenheid dat opsmyt. Dan de iisbaan. Dy ha wy net mear noadich. Ek dizze winter hat der wer gjin iis yn lein, dat we kinne der wol mei ophâlde om dat ding alle winters ûnder wetter te setten. Hat gjin sin mear. Nee, de iisbaan moat útgroeven wurde. It moat in baai wurde. De Baai fan Rie. Mei in sânstrân. De Beach fan Rie. Wat palmbeammen der om hinne – jo kinne tsjinwurdich hiele echte fan plestik krije – en it is amper mear te ûnderskieden fan in tropysk eilân yn de Stille Súdsee. De toeristen komme yn drommen. En foar ús as Riesters ek ideaal: wy hoege net mear nei it Amelân of de Costa del Sol. Wy kinne der op ‘e fyts komme.
Fansels moat de toer omboud wurde ta fjoertoer, mei mysels as fjoertoerwachter. Ik ha altyd al yn in echte fjoertoer wenje wollen en no hoech ik der net iens foar te ferhúzjen. Durk wol ûnder yn de toer in beachclub iepenje. Hy drinkt al gjin bearenburch mear, mar sangria.
No is ’t mar te hoopjen dat se dit yn Berltsum, Minnertsgea, Tsjummearum en Doanjum net lêze, want we moatte se net op ideeen bringe dêr.
Durks Akke