AKKE YN EUROPA
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.
Ik wit net hoe ’t it by jim is, mar by ús thús is de krisis noch net oer. It is skraabjen om ‘e kant, ik wit sa stadichoan ner mear wêr ’t ik noch op besunigje kin. Wat mear ynkomsten soe dan ek moai wêze. Ik besykje optheden wer út alle macht om foar Durk in baantsje te finen, mar net ien skynt him brûke te kinnen.
No ha ik lykwols in nij plan dat it jild binnenstreame lit: ik wurd lid fan it Europeeske Parlemint. Sa dreech kin sok wurk net wêze, wat yn ‘e noflike stoel sitte en sa no en dan de hân opstekke. En dy lju fertsjinje wol achttûzen euro yn ‘e moanne. Skjin. Safolle útkearing barre wy kwalik yn in jier. En dat is noch net alles.
Se krije ek noch wol in kear safolle ûnkostefergoeding. Jo kinne it sa gek net betinke of it wurdt fergoede. En se hoege der net iens bontsjes fan yn te leverjen, stie yn ‘e krante. Ideaal. Dêr sil ik goed gebrûk fan meitsje. Ik moat fansels in twadde wenning ha yn Brussel. Dat kin net in gewoan appartemintsje wêze, ik bin hjir thús wend oan in ferbliuw op nivo. En sa ’n toer dêr is prizich, mar it kin net oars. Reiskosten ha ik ek noch al wat. Mei de bus kin net, dat is ûnder de stân fan in parlementariër. Boppedat ride der yn Rie gjin bussen.
Omdat ik as ka sijnde wend bin oan ferfier troch de loft, reizgje ik mei de helikopter. Oanslute by in besteande partij doch ik net, dan belânje ik ûnder oan de list. Ik rjochtsje myn eigen politike partij op, mei mysels as listlûker. De namme soe earst Partij Van Durks Akke, oftewol PVDA, wurde, mar ik kaam der achter dat der al sa’n partij bestiet. Doe tocht ik, dan wurdt it Partij Voor Vogels, mar dêrmei hie my ek al ien foar west. Ik ha noch tocht oan Vogels Voor Democratie of Centrumpartij Durks Akke, mar dat fûn ik ek net orizjineel.
Dat no wurdt it de PZN (Partij Zonder Naam). Us programma is: wy binne standert oeral tsjin, útsein it opheegjen fan it lean fan europarlementariërs. Om keazen te wurden ha ik it folgjende betocht: wa’t op de PZN stimt, kin meidiele yn de winst. Ik skroef gewoan de ûnkosten wat fierder op. Ik moat fansels wol bewiis ha, dêrom moatte jim yn it stimhokje wol even in selfie meitsje en dy nei my stjoere.
Durk is nûmer twa op ‘e list, dus by genôch animo giet it dûbeldop.
Prachtige útfining, dy demokrasy.
Durks Akke