Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2013


AKKE EN DE YNBREKKERS 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It is my wat de lêste tiid mei al dy ynbrekkerij hjir. Sa gau as it donker wurdt sit ik tsjinwurdich nei bûten te sjen at ik ek ien om ‘e toer hinne strunen sjoch. En ik doar jûns amper mear fan hûs. As it al moat, dan doch ik safolle mooglik lampen oan en ik lit de tillefyzje ek oan stean. It skynt dat ynbrekkers sokke huzen oerslaan. 

Ik prakkesearje der no oer om in alarmsysteem oanlizze te litten. Dan kin ik teminsten nachts wer rêstich sliepe. Want as ik no midden yn ‘e nacht bûtendoar wat hear, dan bin ik klearwekker en krij dêrnei gjin wink mear yn ‘e eagen. Dat moatte jim ek dwaan, sa ’n alarmsysteem. Dat kin helpe om se te pakken te krijen. It slagget de plysje net om se yn de kraach te gripen, dat we sille ús sels der wol mei rêde moatte. We moatte der gewoan foar soargje dat se Rie net mear útkomme kinne. Dat is net sa moeilik as wy de diken ôfslute. 

Jo kinne Rie mar oer fjouwer diken yn en út. En hokker dyk as jo ek nimme, jo komme altyd oer in feart. As wy no fan de brêgen oer it Wiid, de Doanjumerfeart en de Ald Mear yn ’t Kleaster ophelbrêgen meitsje en de dûker yn de Peinserdyk ek dêrtroch ferfange, dan ha wy se te pakken. 

Dy brêgen moatte automatysk koppele wurde mei alle alarmen. Giet der in alarm ôf, dan floepe drekst alle brêgen omheech en sitte se as ratten yn ‘e fal. Ik stel foar om alle alarmsystemen ek te ferbinen mei de tsjerkeklok, sadat dy ek fuortendaliks begjint te lieden. Dan wit elkenien dat er nei bûten moat om te sjen at der ek in frjemde auto omrydt. Dat moatte se dan wol wêze. In knappe ynbrekker dy it dan noch weaget om Rie as syn wurkterrein út te kiezen. 

Durk biedt him by dizze oan as nachtwaker. Hy is dochs al faak by nacht en ûntij op in paad. Dus as der tenei jûns by jim ien achterhûs omslacht, sjoch dan earst even at it Durk is, foardat jim alarm slaan. Der sit mar ien swak plak yn myn plannen en dat is as de dieder út Rie sels komme soe. Of dat it Durk is. 

 

Durks Akke.

februari 2013


AKKE FOAR PAUS 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

De iene nei de oare troansitter hâldt der optheden mei op. Earst wie der al it nijs fan keningin Beatrix en no is it wer de paus dy der de brui oan jout. Mar ja, de man hat de leeftiid der ek neffens, sille wy mar tinke. It jongste is der wol ôf. No moat der fansels in opfolger komme. 

Dat is by in paus noch net sa maklik. Beatrix hat sels ien op ‘e wrâld setten, mar in paus moat altyd de broek oan hâlde. Dy sit mei it selibaat. It is net in spultsje fan heit op soan. Der sil oars wol de nedige liefhebberij foar wêze, want as paus sijnde kinne je bade yn weelde. It is allegear goud wat der blinkt oan syn klean en hy hoecht it ek net bepaald te dwaan mei in gemeente-wenninkje. 

Dêr siet ik dus sa ris wat oer nei te tinken, doe ’t ik my ôffrege hoe it wêze soe as ik de nije paus waard. Wêrom net. Se sizze, it wurdt tiid foar in moderne paus. En wat is no moderner as in frou. In pauseuse. Koartwei pause. Dan bin ik dus pause Akke. Of nee, gjin Akke. Ik neam mysels Benedicta. De earste. En ik ferruilje de Riester toer foar de koepel fan de Sint Piter. Dat liket my skoan ta, al wie it allinne mar om it klimaat. Sa dreech kin sa’n baantsje ek net wêze, as je it ta je fiif en tachstichste folhâlde kinne. Net lykas stukadoar of strjitmakker. En de lekkens útdiele ha ik romme erfaring mei. 

Ik regear Durk al fjirtich jier, dus in ploechje fan dy kardinalen ha’k de gek mei. Jim meie trouwens gerêst ris op audiynsje komme as jim yn yn ‘e buert binne. Ik sit noch wol wat mei Durk, want in paus mei fansels net troud wêze. Ik soe fan him skiede kinne, mar ik bin dochs bang dat ik dan op in eigenaardige manier ûnwennich fan him wurde soe. Dat dan meitsje ik him wol kardinaal. Kardinaal Theodorus. 

Wat him binnen de muorren fan it Fatikaan ôfspilet, dat is in goed bewarre geheim, dat as de paus en de kardinaal harren even weromlûke wolle, dan kraait dêr gjin hoanne nei. Alhoewol, wêr ha we it oer. Ik en Durk libje al jierren selibatair, dat sil Benedicta I en Theodorus wol net oars fergean. 

 

Durks Akke

maart 2013


AKKE HEFT OP 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Sille wy oer in pear jier yn Rie noch in skoalle ha? Ik bin der net gerêst op. As it regear syn sin kriget, moatte alle skoallen mei minder as hûndert learlingen ticht. Dan kinne wy it hjir wol shake, want dêr sitte wy no al ûnder. En der komme ek gjin mear bern by, is de ferwachting, earder oarsom. 

Tensij der in stroomsteuring komt natuerlik. Mar dy moat dan wol fiif jier duorje. Ik kin my muoilik foarstelle dat Rie gjin skoalle mear hat. Dy hat der altyd west. Wy wurde weromsmiten yn de midsieuwen. Oan de oare kant, in skoalle is meikoarten dochs in achterhelle konsept. Straks krije bern mei seis jier in chip ymplanteard, dêr ’t alles op stiet wat je op de legere skoalle leare. En mei tolve jier in chip dy yn it plak komt fan de middelbere skoalle. En wa dat wol, kin dêrnei noch in professor-chip krije, al moat je dêr wol wat in grutte holle foar ha. 

Yn Japan binne se der al mei oan it eksperimintearen. It is fansels wol in ferlies foar it sosjale libben yn it doarp. Der bliuwe sa stadichoan hielendal gjin foarsjennings mear oer. As de skoalle slút, giet fansels ek de gymnastykseal ticht en de bibliotheek. As dy foar de tiid al net fuort binne. Troch de jierren binne wy it iene nei it oare kwytrekke. It is fyftich jier lyn al begûn doe ’t plysje Smeding fuortgie. Doe Tryntsje Post, de molkboer, de grienteboer, de bank en sa kin ik wol trochgean. 

Alle kearen wurdt der wer in hiele striid tsjin fierd, mar by eintsjebeslút lûke wy dochs wer oan de koartste ein. It momint komt tichterby dat se fan hegerhân beslute om echt troch te pakken. De jildpine is der grut genôch foar. Ik bedoel dat se dan net mear nei eltse foarsjenning apart sjogge, mar dat se yn ien kear in opheffingsnoarm ynstelle foar lytse doarpen. Minder as tûzen ynwenners? Jammer dan. Opheffe dat doarp. Moatte je ris sjen wat je dan besparje. De bewenners wurde fuortjage. 

It idee is net nij, lang ferlyn wiene der al Folksferhuzings en sokke mannen as Stalin draaiden har hân der ek net foar om. 

 

Durks Akke

april 2013


AKKE EN DE NIJE KENING 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Noch in pear dagen en Willem Alexander kin oan ‘e slach. Dat is dan teminsten ien jongere dy wurk fûn hat. No de rest noch, want dat falt net ta yn dizze krisistiid. It is by in famyljebedriuw fansels ek wat makliker om der by yn te stappen. Soe er earst ek yn ‘e proeftiid komme, lykas elkenien? 

Ik tink dat Beatrix foarlopich alle toutsjes noch net slûpe lit. Dat sjochst faak, dat de âld-baas alle dagen noch even op ‘e saak komt, om de boel troch it gat te sjen. Persoanlik bin ik wol bliid dat Beatrix der no mei ophâldt, want dan kin ik no eindelik ris in lintsje krije. Ik wit net wat se op my tsjin hie, mar alle kearen mei Keninginnedei wie ik der wer net by. Hoe faak at ik it ek oanfrege, gjin inkelde kear woe it Hare Majesteit behage. 

En as der no yn Rie ien is, dy in keninklike ûnderskieding fertsjinnet, dan bin ik dat wol. Mar no mei Willem Alexander pak ik it fuortendaliks goed oan. Ik ha by bakker Wynsma in oranjekoeke besteld, mei in grutte foto fan mysels derop en dy nei Willem-en-dy thús stjoerd. Mei in bryfke der by, dat as er ris yn ‘e buert fan Rie is, dat er gerêst even delkomme mei foar in bakje thee of in bearenburchje fan Durk. 

Mar ik hie der ek noch in oar bryfke by dien. Want de nije kening moat fansels al wat om hannen ha, kwa linteknipperij en sa. Al jierren sjoch ik my de gong fan saken mei ús nije doarpshûs oan. Wachtsje, ik sil de foarige sin even ferbetterje: al jierren sjoch ik my de stilstân fan saken mei ús nije doarpshûs oan. It soe dochs moai wêze as it dizze ieu noch wat waard. 

Dus stie op dat oare bryfke in útnoeging om op 30 april 2014 nei Rie te kommen om it nije doarpshûs te iepenjen. En hy hat my witte litten dat er fan plan is te kommen. Dat no moat de gemeente wol snel yn aksje, want jo stean der as boargemaster dochs raar op, as der op dy dei in grutte swarte bolide mei AA-kenteken it âlde skoalplein opdraait en dat Sijne Majesteit der mei de skjirre yn ‘e oanslach útstapt en dat er dan foar dy âlde klinteboel fan no stiet. 

It liket potdoarje Eastdútslân wol. As de boargemaster der no ynienen mei oan is, dan wol ik it noch wol foar him ôfsizze. Mar allinne as er my foardraacht foar in lintsje. 

 

Durks Akke

mei 2013


AKKE WURDT TREKFUGEL 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Binne jim ek sa siik fan it kâlde waar dizze maitiid? It liket wol as is de folgjende iistiid oanbrutsen. It soe wêze kinne, dat tsjin de tiid dat jim dit lêze, dat it tritich graden is, mar ik bin bang fan net. Meastal leit it oan de Gemeente as der wat net nei myn sin is, mar ik leau diskear net dat ik se de skuld jaan kin. It sil de klimaatferoaring wol wêze, al hie ik dêr fan begrepen dat it just waarmer wurde soe. 

Net dus. Dat ik sei tsjin Durk, wy moatte mar trekfûgels wurde. Us soarte is gewoanwei honkfêst, mar ik kin dy lange winters net langer ferneare. Tenei fertrekke wy nei waarme lannen. Wy gean de sweltsjes achternei nei Afrika. En as it yn Rie tweintich graden is, komme wy dy kant wol wer op. It idee koe Durk ek wol bekoare. 

Ik lit in webcam yn ‘e toer sette, dan kin ik yn myn winterferbliuw dochs sjen wat der by jim bart. En myn stikjes foar de Kattebel kin ik wol watseppe. Yntusken ha wy hjir de oannimmer oer de flier, dat sil jim net ûntgien wêze. Net allinne wurdt de bûtenboel opfrist, ik krij ek in balkon op it suden, oan it kloksgat. As it dan in dei moai waar is, kin ik teminsten bûten sitte. 

En ik krij ek dûbele ruten yn de kloksgatten. Ik sei tsjin Sytse Douwe, dy sigerij winterdeis moat oer wêze. Ik krij der rimmetyk fan. Regelje it mar mei myn húsbaas. Wy ha der net mear as rjocht op, nei al dy jierren dat wy hjir op de saak past ha. Neidiel is wol dat dan de tsjerkeklok net mear te hearren is, want dy ruten isolearje enorm. 

Dêr ha ‘k it folgjende op fûn: yn de epstoar is meikoarten in nije ep te krijen fan de toer. Op de hele en de heale oeren hearre jim dan op jim tillefoan de klok slaan. Sa is de Riester klokslach oer de hiele wrâld te hearren. Mei in live byld fan de toer derby. Ideaal foar Riesters dy ûnwennich wurde, as se de toer net sjen kinne. Der heart ek in Riester ringtoan by, mei myn stim. 

Ik rop: “Tillefoan, tillefoan! Oppakke dat ding!” En dat tweintich kear achter inoar, hieltyd lûder. 

 

Durks Akke

juni 2013


DURK FREKT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik bin bang dat Durk it wer op ‘e heupen hat. Foarige wike betrape ik him derop dat er in gat oan it seagjen wie, midden yn ‘e klokssouder. De oare deis wie er oan it slepen mei grutte buizen en dy kamen yn ‘e toer te hingjen. Hy hat hjir in boarynstallaasje makke. 

Wy wenje no yn in boartoer, dames en hearen. Hy boarret rjocht ûnder de toer de grûn yn. En myn Spartamet stiet op ‘e klokssouder foar de oandriuwing. Hy sit al op sânhûndert meter djip, seit er. Ik sei, wat sil dit betsjutte? Silsto sâlt winne? Dat dogge se fierderop al. Mar nee, ik krige te ferstean dat er oan it frekken wie. Dat ferbaast my neat, sei ik. Do frekst dyn hiele libben al fan alles, dat sil wol net mear feroarje. Alle kearen at ik dy freegje om wat foar my te dwaan, dan frekst it. Ik ha dy altyd al in frekkeling fûn. 

Mar dit wie in oar soarte frekken, sei er. Dit wie foar gaswinning. Want it docht bliken dat de boaiem ûnder Rie fol sit mei skaaljegas. En dat kinne jo maklik nei boppen helje, at je mar frekke dus. Froeger koene se der net by komme, mar mei de nije frek-technyk no al. Der sit mear gas as wy ea op kinne. 

Dus rûkt Durk hannel. Hy wol in gasbedriuw begjinne, spesjaal foar Rie. De liedings fan ‘e Gasunie doppet er bûten it doarp ôf en dan pompt er syn eigen gas yn ‘e buizen. Foar de helte fan de priis fan de grutte gasbediuwen. En dan hat er noch hûndert persint winst, hat er útrekkene. 

Boppedat rekkent er gjin BTW en sa, as jim him ûnder de tafel betelje. Dus Riesters, draai de thermostaat tenei mar wer flink omheech en skuor dy sinnepanielen mar wer fan it dak, want dan besparje jim noch by it leven. Wynmounen en wit ik wat foar oare alternative enerzjy opwekking kinne ek yn it âld izer. Dat is hopeleas âlderwetsk. 

Frekke is de takomst. Bykommend foardiel is dat dy hinderlike bult yn ‘e buorren, dy terp, dat dy stadichoan ferdwynt, want Durk ferwachtet in boaiemdelgong fan omtrint twa meter. Wol moat yn de rin fan de jierren de toer hieltyd wer in stikje ophege wurde, want oars stekt nei fiifentweintich jier allinne de hoanne noch boppe de grûn út en dat soe wol wat in snoad gesicht wêze. 

 

Durks Akke.

september 2013


AKKE HALDT TOERREDE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Lêsten, mei Prinsjesdag, tocht ik, ik moat de Troanrede mar even sjen. Want ik wie nijsgjirrich wat ús nije kening der fan bakke soe. Wylst ik sa foar de tillefysje siet, tocht ik, wat hy kin, kin ik ek. Sa moeilik kin dat net wêze, fanút de noflike stoel fan in bryfke oplêze hoe it lân der by leit. Dat hie ik ek noch wol kinnen. 

Sterker, ik doch it. Want it komt hjir op del: wat Willem-Alexander is foar Nederlân, dat bin ik foar Rie. Ik ha hjir ek de heechste posysje. Ik wenje hjir yn’e toer as in foarst. En sa’t Willem-Alexander de regearing yn Den Haach hat, sa ha ik Doarpsbelang om foar my it bestjoerlike wurk te dwaan. Dat tenei hâld ik eltse tredde tiisdei fan oktober myn Toerrede. 

Wy sette de bank foar it kloksgat en dêr gean ik dan pontifikaal op sitten, mei Durk oan myn side, neist my op ‘e bank. En sa fertel ik dan hoe’t it Rie it kommende jier fergean sil. Earst tocht ik, ik hâld it yn it doarpshûs. Mar dan soe it in Rederede wurde en dat bekt net lekker. Ik ha al in earste ferzje fan myn taspraak klear. 

It giet sa: “Leden fan Doarpsbelang, doarpsgenoaten. It binne drege tiden foar ús doarp. Al fiif jier duorret de krisis en in protte ynwenners hawwe mouite om de eintsjes oan inoar te knoopjen. Ek myn Doarpsbelang rêdt it net mear op om de begrutting slutend te krijen. Dêrom wurdt jim kontribúsje ferhege en krije jim der minder foar werom. 

Mar der binne ek ljochtpuntsjes. De huzeferkeap lûkt wer oan. Dit jier binne der al trije huzen ferkocht. Ek mei de bousektor giet it wat better, no’t Hein en Froukje oan it ferbouwen slein binne. En wy besunigje net op ûnderwiis, want de skoalle kin gelokkich iepen bliuwe. Ek foar ynfrastruktuer ha wy noch in potsje fûn, dat meikoarten kinne jim feilich op ‘e fyts nei Peins en Berltsum. 

De tiden feroarje. It is net mear sa dat Doarpsbelang alles foar jim regelt. Jim moatte tenei mear sels dwaan. Jim moatte partipisearje. Net mear fan: wêrom docht Doarpsbelang hjir neat oan, mar: wy sette mei ús allen de skouders der ûnder. Sadwaande kin Rie it earste partipisaasjedoarp fan Nederlân wurde. Danke foar jim oandacht.” 

Graach op 15 oktober middeis om healwei twaen allegear by de toer stean. 

 

HKH Durks Akke

oktober 2013


AKKE DIELT YN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It is wer krisis, dus de steat hat minder jild om hannen en dêrom moat der wer in gemeentlike weryndieling komme. Ik kin my de foarige noch skoan heuge. Dat wie mei de krisis fan begjin tachtiger jierren. Doe moasten Frjentsjerteradiel en Frjentsjer ien wurde. Doe krigen wy ynienen de stêd der by. En heale Barradiel. 

Wy waarden ien grutte gemeente Hartkamperadiel. Mei in nij djoer gemeentehûs, dêr ’t je hast noait telâne kinne en dan allinne noch mar as je earst in nûmerke lutsen ha. Dan wit je mar wer dat je neat mear binne as in nûmer, hjoeddedei. En no krije wy dus straks ien grutte gemeente Westergoa. No ja, sûnders de Harnzers, want dy wolle harsels losstekke fan ‘e fêstewâl. 

Ek foar dizze nije gemeente moat fansels wer in nij djoer gemeentehûs boud wurde, want oars soe it net earlik wêze foar de oaren, as it in al besteand gemeentehûs wurde soe. Sa trochtinkend skat ik yn dat wy by de folgjende krisis yn de gemeente Fryslân wenje sille. Mei in nij djoer gemeentehûs neist it Provinsjehûs yn Ljouwert. 

Dat meitsje ik, tink ik, noch wol mei. Ik bin der foar om no even troch te pakken en om yn ien klap alle gemeentes mar op te heffen. Dan hoege wy al dy diskusjes ek net, oer hokker doarp wêr by hearre moat. Moat Rie no nei Ljouwert, of by Frjentsjer bliuwe? Wolle wy leaver troch de hûn biten wurde, of troch de kat? Dat makket ek al neat út. Binne wy ek ôf fan dy kromme teannen dy je fan de gemeentepolityk krije. Boppedat binne der dochs gjin minsken mear te finen, dy yn de gemeenterie sitte wolle. 

En wês no earlik, wêr ha wy hjoeddedei no noch in gemeente foar nedich? Us ôffal wurdt ophelle troch Omrin, de plantsoenen dien troch Empatec. De diken kinne wol ûnderhâlden wurde troch sokke mannen as Danny-en dy. Is it faaks ek noch goedkeaper en minstens sa goed. En hoe faak moat je no op in gemeentehûs wêze? Ik ha gjin rydbewiis en gjin paspoart, dat ik kom der noait. Boppedat kinne je sokke dokumenten tsjinwurdich ek al fia ynternet oanfreegje. 

Dus ik woe mar sizze. Tiden feroarje en as dingen harren tiid hân ha, moat je se ôfdanke. It rychje wurdt hieltyd langer: typmasine, fideorekorder, SRV-man, postkantoar . . . gemeente. 

 

Durks Akke.

december 2013


AKKE EN IT DOARPSHÛS (diel 1783) 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik ha it net neiteld, mar ik skat yn dat dit ûngefear de 1783ste kear is, dat ik it op dit plak ha oer it nije doarpshûs. It einet as in pod op ‘e kluten. No skine de nijste plannen wer net te stroken mei DE VISIE. Want dêryn stiet dat der bepaalde sichtlijnen troch it doarp rinne moatte en ferdomd, it nije doarpshûs soe krekt op sa ’n lijn komme te stean. 

Tsjongejonge. It hoecht hjir de Sjamps Elysees net te wurden en it doarpshûs gjin Paleis Het Loo. Der is yn Rie mar ien sichtlijn belangryk en dat is dy fan út de toer. Sadat ik alles goed sjen kin. En foar de rest kin alles wol stiiffol boud wurde. Wurdt it der ek noch wat smûker fan, hjir op ‘e klaai. De gemeente wol noch hieltyd wol oer de brêge komme mei jild, dat falt my net iens ôf. 

Want úteinlik wenje der yn sa ’n doarpke as Rie net mear minsken as yn in gemiddelde strjitte yn ‘e stêd. Sa besjoen is it wol in hiele lúkse dat wy én in eigen skoalle én in eigen sportterrein én in eigen doarpshûs der op nei hâlde kinne. Mei elk syn eigen eksploitaasje. En dat yn dizze krisistiid. Dat soene se yn de Jan Reitsmastrjitte yn Frjentsjer ek wol wolle. 

Mar we sille wol de nedige “zelfwerkzaamheid” leverje moatte. Dat is it biedwurd, hjoeddedei. Dat Durk falt ôf, want dy wurket út himsels noait. Allinne as er hiten wurdt en dan noch net fan herte. Dus, bij de gemeente is mear mooglik troch selswurksumheid. Dat is ynteressant, want dan sjoch ik wol mear mooglikheden. Sa soene wy as boargers, troch selswurksumheid, bygelyks ek wol de funksje fan boargemaster ynfulle kinne. 

Dat om ‘e bar ien fan ús in dei de boargemaster is, yn syn frije tiid. Iksels soe eltse twadde tongersdei fan ‘e moanne wol kinne, dan ha’k dochs neat oars om hannen. 

As jim wat fan de gemeente gedaan krije wolle, ried ik jim oan om op dy dagen even del te kommen, dan regelje wy it ûnderinoar wol. It earste wat ik doch, is dy VISIE fan tafel faaie. 

Sadwaande kin der flot en kosteneutraal in nij doarpshûs komme. Och, as ik der dochs ek net wie. 

Wurdt ferfolge. 

 

Durks Akke.