Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2011


AKKE EN IT WEK FAN RIE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Eigentlik hie it in geheim bliuwe moatten. Mar ik moat der no wol mei yn it iepenbier komme, want jim ride my yn de tsjillen, sûnder dat jim der erch yn ha. Foardat it op Wikileaks stiet, kom ik der sels mar mei. Akkeleaks, dus. Foarige winter gie alles neffens plan, allinne kaam der doe gjin alvestêdetocht. Dêr rekkenje ik dizze winter al op en dêrom moatte jim no even goed oplette. 

Jim moatte ophâlde mei jim protesten tsjin it einewek by de brêge. Dat wek leit der mei sin. Ik ha mei de minsken út it hûs by de brêge regele, dat se de einen dêr safolle mooglik fuorje en dêr moatte jim net trochhinne fytse. Ik kaam op it idee nei de lêste alvestêdetocht. Doe hie ik al in hiel skoft op ‘e wâl stien út te sjen en doe ’t se der einlik wiene, gie it sa hurd, dat ik amper wat seach. Ik knippere in kear mei de eagen en doe wiene se al yn it Kleaster. It tillefyzjeferslach waard Rie net iens yn neamd. Dat komt omt der hjir op it rjochte ein tusken Boer en Berltsum neat te beleven is. Se ride hjir allegearre sa lâns, se ha net iens yn ‘e gaten dat hjir in doarp is. 

Dat moat tenei oars. Rie moat op de kaart, kwa alvestêdegekte. Wy moatte yn ien azem neamd wurde mei it brechje fan Frjentsjer, Bartlehiem en de Bonke. It Wek fan Rie moat in begrip wurde. It wek der wekken fan de tocht der tochten. Us doarp sil net mear ûngemurken passeard wurde. De Hel fan it Noarden begjint tenei yn Rie. De riders moat it tin troch de broek rinne, as de namme neamd wurdt. Dat wurdt klunen, of gong setten en springen. Spektakel en drama lizze foar it opskeppen. 

De NOS kin der net omhinne en set hjir in batterij kameras del. It wek ôfsette mei linten dogge wy net, sadat der moai wat ynploempe. Desnoads in lyts buordsje mei “EINEWEK”. Wa’t net Frysk lêze ken, hat dan pech hân. De tocht wurdt sa allinne noch mar legendarysker, dus it bestjoer mei my wol tankber wêze, mar ik doch it graach. Dêrom, doarpsgenoaten, as it aansens wer hynste-iis friest: allegearre mei jim âlde bôle nei de brêge. 

 

Durks Akke

februari 2011


Sellemoanne 2011 AKKE EN IT PLAKNAMMEBOERD 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It giet mar troch mei de krimp op it plattelân. No wer op de Berltsumerdyk. Dêr hat de gemeente it buordsje fan de beboude kom in hiel ein ferset. It is wol hûndert meter nei binnen ta opskood. Ja, op sa ’n manier giet it hurd fansels. Noch even en wy binne it Madurodam fan Fryslân. Aansens steane de buordsjes mei Rie der op hjir by my op it Tsjerkepaad. 

Yntusken is de maksimum snelheid omleech gien fan fyftich nei tritich kilometer yn it oere. Dat, as it goed is, ride de auto’s net sa hurd mear troch de buorren, al binne inkelde autoriders al wat traach fan begrip. Mar jo dogge der dus langer oer om troch Rie hinne te riden. En dan is it krekt of is it doarp grutter. As se de snelheid ferlege hiene nei tritich kilometer yn ‘e wike, dan hie it hjir wol Amsterdam like. Dêrom snap ik no wêrom dat boerd opskowe moast. 

Oars reitsje jo alle besef fan romte en tiid kwyt. De gemeente hat in masterset dien. Rie is lytser wurden, mar it liket grutter. It is sis mar firtueel groeid. Dit is fansels dé oplossing foar de krimp. Firtuele groei is it nije krimpen. Mei de hjoeddeistige techniken is alles mogelik. As ik hjir bygelyks in beamer op ‘e toer ynstalleard krij, dan projektearje ik sa in nij doarpshûs op it skoalplein. Trije kear sa grut. 

Op ‘e iisbaan projektearje ik in nijbouwyk. Kompleet mei firtuele Riesters. Jim kinne allegearre wol in dûbeldgonger krije. Dat is mei kompjoeteranimaasje mar in grap. Sa wurdt it hjir noch drok op ‘e dyk. Woene jim in tennisbaan? Ik druk op de knop. In Albert Heijn? F1 + Enter. Lâns de kant fan it keatslân sette wy in spegelwand. Is it yn ien klap twa kear sa grut. Lâns de keale side fan de Doanjumerdyk woe ik it noch wer oars oanpakke, mear yn Hollywood-styl. 

Dêr kin wol in rige fan dy houten nep-gevels komme, krekt as yn westerns. De Ranch stiet der al, dat dêr kin noch moai in Saloon by en in Drugstore. Fierder dy kant op noch in Bank en, en dan binne wy sawat by Albert en Rommert-en-dy foar, noch in Jail. Moatte beide mannen sels mar útfjochtsje wa at sheriff spylje mei. Sa kinne wy wat weinich is, dochs hiel wat lykje litte en dêr giet it hjoeddedei mar om. 

 

Durks Akke.

maart 2011


AKKE EN DE MUNTAUTOMAAT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Foarige wike wie ik nei de fergadering fan de Begraffenisferiening. It wie al wer in tiidsje lyn dat ik yn ‘e Rede west hie, dat ik seach raar op fan dat grutte knipperjende, izeren bakbeest dat dêr oan de muorre hinget. Ik tocht dat der in UFO by de landing yn ‘e muorre stykjen bleaun wie, mar it is dus de nije automaat foar de konsumpsje-munten, dêr’t wy tenei yn ‘e Rede mei betelje moatte. Wat in loeder fan in ding, sis. Fort Knox is bernespul by dit gefal. 

Ik woe him ris útprebearje, dat ik pakte in bryfke fan tweintich út ‘e beurs. Ik wie noch oan it sjen wêr ik dat yn triuwe moast, doe hie it apparaat it my al út de hannen sûgd. Earst barde der neat, dat ik wie al bang dat ik myn jild kwyt wie. 

Mar doe begûn er te soemen en te rocheljen en hy spuide in hiele lading munten út. It wie krekt as hie ik de jackpot yn it kasino wûn. Dat ik fielde my suver ryk. En it is sa handich as wat, ik hie neat gjin drokte mear mei ôfrekkenjen. Dat is no it moderne gemak. En ik ha ûntdutsen dat it noch folle handiger wêze kin. Lêsten hie ik in kollekte oan de doar en myn lytsjild wie op. Ha ik in munt yn ‘e kollektebus goaid. Itselde ferhaal by Saapke yn ‘e winkel. Sa ’n munt is krekt likefolle wurdich as in hiele brune bôle. Jou my mar sa’n munt, sei Saapke, dan kin ik der yn de Rede wol wer ris in kear mei betelje. Dat ik betelje by Saapke no alles mei Rede-munten. 

Soms hoech ik net in hiele, mar kin ik wol mei in heale bôle ta. Dan knippe wy sa’n munt trochmidden, by wize fan wikseljild. En as jo in heale trochknippe, krije jo twa kwartsjes, ek o sa handich. Durk drinkt graach in kola-bearenburch, dat foar him ha ik se twa oan twa op inoar plakt. Al mei al moat ik no wol gauris nei de Rede ta om in nije foarrie munten en de bûsen puolje my út, dat ik sil it bestjoer freegje at se ek moaie lytse bryfkes drukke litte kinne, as in soarte fan tegoedbon foar fiif of tsien munten. Dat is noch wer handiger. Ik fyn it in ideaal systeem. 

Unbegryplik dat soks noch nea earder útfûn is. 

 

Durks Akke

april 2011


AKKE WEEFT OF MEI HURDRIDERS 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

No is ’t wol wat. No moat der besunige wurde op it leger. Alle tanks wurde ôfdankt. Ivich sûnde fan dy djoere dingen. Boppedat fiel ik my straks net feilich mear yn Rie. Ik bin noch út de tiid fan de Kâlde Oarloch, sjoch, dat ik fertrou dy Russen hielendal net. 

Dêrom ha ik de help ynroppen fan myn militêr adfiseur, de hear Eding. Dy naam alle tiid foar my en sadwaande wit ik no wat my te dwaan stiet. Eding sei tsjin my: Akke, it sit sa, wêr de oerheit it ôfwitte lit, moat de boarger der sels ynstappe. Privatisearring hjit soks. Wêrom begjinne jo gjin privee-leger? Gadaffi en sokke mannen dogge dat ek, dus wêrom jo net. Jawis, sei ik, dat sil wurde. 

Ik begjin in ienpersoans leger foar de ferdigening fan Rie. Dy tanks sille meikoarten wol foar in sacht priiske op Marktplaats komme, dan slaan ik fuortdaliks myn slach. Dus jim moatte net raar opsjen as ik hjoed as moarn yn myn Leopard troch Rie ryd. Twa kear deis sil ik in slach troch it doarp dwaan en neat ûntgiet my. As de Rus komt, dan stean ik him op te wachtsjen. 

Allinne op tongersdeitejûns bin ik nei de bingo. Mar yn fredestiid kin ik my yn myn tank lykwols ek al nuttich meitsje. No is de buorren hjir sa kreas opknapt en ferkearsfeiliger makke en no ride se hjir noch altyd fierstente hurd. Sels de nije lantearnepeallen deun op ‘e dyk skrikke net genôch ôf. No stiet Ruurd Deelstra syn pleats ek moai deun oan ‘e dyk. 

Ik stel my ferdekt op achter de skuorre. Yn hinderlaach. Komt der wer ien oanskeuren, dan rôlje ik krekt op dat stuit in pear meter nei foaren en wals de hiele auto plat. Sageseid hie ‘k even net útsjoen. Wolle se dan noch net om lyk, dan nim ik se even foar de loop en desnoads sjit ik se in grouwe granaat foar de par. Dat sil se leare. In bytsje rigoureus miskien, mar wol probaat. 

At se dat op oare doarpen no ek sa dogge, dan bringe dy tanks harren jild yn elts gefal noch wat op. O ja, en ik ried jim ek oan om tenei jim hûn net mear op ‘e stoepe skite te litten binnen myn skoatsfjild. 

 

Durks Akke.

mei 2011


AKKE WOL EK SA ’N STEK 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Selsdimmende strjitferljochting. Wa hie tocht dat ik dat noch meimeitsje soe. Ik ha noch noait sokke lúkse lantearnepeallen sjoen. Se steane trouwens wol hiel deun op ‘e dyk. Ik ha mei Durk de weddenskip, dat as fan ’t simmer de kombinen op ‘e lap komme, dat de helte dan binnen in wike omleit. Se sille sa wol delsetten wêze om it ferkear ôf te remjen. 

Hie se dan midden op de dyk setten, soe ik sizze. Al slalomjend falt it net ta om hurder as tritich te riden. Alles mei alles is de buorren de lêste tiid gâns opknapt. Moaie bestrating, moaie beplanting, moaie ferljochting, it liket wol in boulevard. Ik stel dan ek foar om de Hoofdstraat om te doopjen ta de Champs Elysees. Fan út myn Eiffeltoer ha ik moai it sicht der op. 

En no is it oansjen fan it doarp der noch fierder op foarút gien mei it nije houten stek om it keatslân. De mannen fan Klaas Mug dogge hjirmei in boppeslach, al sis ik it sels. Al wiken binne se der mei yn it spier. Neffens my is der nearne boppe de grutte rivieren in stek te finen dat sa wetterpas stiet as dit. 

Wat sis ik, yn ‘e hiele wrâld net. En it sit ek sa kreas yn ‘e ferve. Gjin rinnerke te bekennen. Ik hoopje no mar dat de keatsers gjin pineholle krije, as se de bal tusken dy wite planken op ‘e kuer hâlde moatte. In pripper is aansens net mear te sjen. It is in moaie, tradysjonele kleur, dat wyt, mar as de sinne skynt, krije jo der wol seare eagen fan. 

Miskien kin de keatsklub by de yngong sinnebrillen útdiele. Mar ja, no bin ik suver wat ôfgeunstich. Hjir by de tsjerke moat ik it al hûndert jier dwaan mei itselde, âlde izeren stek. As der net om tocht wurdt, is it samar in ruostbult. En it falt amper op. Dat no ha ‘k in fraach oan de stekbouwers: kin ik hjir om ‘e tsjerke ek sa ’n stek krije. It hoecht net drekst. At it foar de merke mar klear is. En at jim dan fuort ek it tsjerkepaad sa moai bestrate wolle as it dêr by it keatslân no is. 

Bij voorbaat dank. 

 

Durks Akke

juni 2011


AKKE EN IT UTSICHT 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Kin ien ek wat oan myn útsicht dwaan? Ik bedoel de âld skoalle. De boel fertuteazet hieltyd fierder. Der sit amper noch ferve op de kezynen en it ûnkrûd stiet in meter heech. It is werklik gjin gesicht mear. It wurdt heech tiid om troch te pakken. Ik stel foar om de âlde kleuterskoalle alfêst plat te goaien en it plak te asfaltearjen. Dan krije wy in moai grut doarpsplein. Grut genôch foar in parkearterrein, of foar in pelote-wedstriid of om de merke del te setten. 

De Handenarbeid wurdt dan wol ferballe fansels, mar dy kinne wol telâne yn ien fan de âlde skoallokalen achter de Rede. Dêr bliuwt noch sêd romte oer om it doarpshûs grutter te meitsjen. Noch moaier soe it wurde as de keatsklub ek dy kant op ferhúzje woe. Dan sit alles yn Rie prachtich moai byinoar. Boppedat soe Klaas Mug yn ien klap in man yn bonus wurde kinne. 

Hoe? No, se moatte earst soargje dat se it keatslân foar in euro fan de gemeente keapje kinne. Neffens my wol dy der wol graach fan ôf. Dan moat Frits komme mei de kraan en in grutte feart grave, dwers troch it keatslân hinne, fan de haven oan de dyk ta. Dan moat Danny komme om der riolearring yn te lizzen en om te straten. Dan moat Jan komme om it keatslân as boukavels te ferkeapjen. 

Wonen aan de Elfstedenroute met uw jacht voor de eigen deur. Der binne fêst wol in pear rike Hollanners te finen, dy dat prachtich fine. Mei in kante-meter-priis fan twahûndert euro smyt dat al gau in miljoen op foar Mugje. Yn ’t westen fine se sa ’n priis noch heal fergees. It nije keatslân moat dan komme op it lege bouterrein by de nije skoalle. Ik ha begrepen dat de Wenningstichting dêr bouwe wol, mar dat einet as in pod op ‘e kluten. Se stinne der al sa lang oer, dat it wol op neat útdraaie sil. Sloege soe ek, mar hy stoar earder, sei ús beppe al. 

Dat is op ‘e nij wurk foar Frits en Danny en sa wurdt it lokale bedriuwslibben ek noch stipe. Boppedat binne dizze mannen net djoer, dat it grutste part fan it miljoen bliuwt oer. Kin der ek noch wol keunstgêrs ôf. Sa wurdt Klaas Mug net allinne de rykste keatsklub, mar ek de deftigste. 

 

Durks Akke

september 2011


AKKE EN DE SKULDEN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It is my wat mei dy skuldeboel, minsken. Dy Griken meitsje der in soadsje fan. Om noch mar te swijen fan de Itaaljanen en de Spanjerts. Dêrom hie ik al tsjin Durk sein, wy geane dit jier mar net nei dy lannen op fakânsje. Net dat wy dat oars wol dien hiene. Wy geane nea op fakânsje, want Durk moat de toer sjen kinne, dat sadwaande. Wy kinne dat trouwens ek hielendal net betelje. Sterker noch, wy hawwe ek skulden. 

Dat komt troch Durk, eigenlik binne it Durk syn skulden. Dy hat altyd al better west yn útjaan as yn fertsjinjen. Mar goed dat Durk syn skuldeberch net oan ‘e grutte klok hinget, want dan hiene Merkel en Sarkozy drekst wer by elkoar komme kinnen foar spoedoerlech. Dan hiene se de euro fuortendaliks ôfskaft bin ik bang. Dochs bin ik der net gerêst op. Ik bin bang dat it mei de euro aansens berchôf giet. En dan binne jim jim sparsinten kwyt. En de Nederlânske regearing stiet derby en sjocht der nei. 

Wy sille it as Riesters wol wer sels dwaan moatte. Dêrom hie ik betocht, wy moatte ús eigen muntienheid ynfiere, om de problemen foar te wêzen. In nije munt, allinnich foar Riesters. Gjin eu-ro, mar in eu-rie. Jim kinne al jim euroos ynruilje foar likefolle euries. As it dan yn Grikelân, Itaalje, Frankryk en wêr ek noch mar út ‘e klau rint, binne wy yn hâldershân. Wy hoege net te dokken foar al dy skulden, want wy hawwe gjin euroos. 

It is krekt as mei Switserlân, dy sitte ek nearne oer yn mei harren franken. De wearde fan de eurie is ek sa stabyl as de frank, want hy mei net útliend wurde oan net-Riesters. Dat mei allinne oan eigen doarpsgenoaten, want dy dogge der gjin gekke dingen mei. 

Behalve Durk, mar dy kriget se net yn hannen, dêr soargje ik wol foar. Fansels moat der ek in Sintrale Bank komme, om de foarrie oan euries te bewarjen. Dat kin moai hjir ûnder yn de toer. De muorren binne wol in meter dik, feiliger kin net. Ik ha mysels al beneamd ta direkteur fan DRB (De Riester Bank). 

Der giet gjin eurie de doar út sûnder myn tastimming, sadat jim tenei net mear wekker hoege te lizzen fan de skuldekrisis. 

 

Durks Akke

oktober 2011


AKKE EN DE PLAKETTE

 

 Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Foar de âld skoalle stiet no in buordsje op in pealtsje. Ik hie it earst net iens stean sjoen, want it is mar wat in lijerich pealtsje, mei in oegryslik tin stikje plaat derop skroefd, dat ik bin benijd hoelang it stean bliuwt, foardat ien it ompisset, mar dêr giet it no net om. It is in plakette, dames en hearen. In offisjeel monumint ta eare fan dat de dyk der foarich jier út west hat. En der ek wer yn lein is, mar dan krekt in bytsje oars as earst. Dit hjit mei in djoer wurd “herinrichting”en dat stiet dus ta oantinken op dat buordsje. Ik bedoel, op dy plakette. 

In bytsje oerstallich, soe ik tinke, want dêr sûnder kinne jo it ek wol sjen, mar hawar. It sil wol moatten ha fanwegen de subsydzje. Sa ’n subsydzje-jouwer wol fansels al witte dat it oan him te tankjen is, dat it der yn Rie no sa kreas hinne leit. En de ûnthulling fan sa ’n plakette is fansels in moaie oangelegenheid foar in gemeentlike pommerant om himsels op it boarst te slaan. Eins soene wy soks folle faker dwaan moatte. Sa´n plakette der by sette, as der wat boud is, bedoel ik. Ek sûnder subsydzje kinne je der wol grutsk op wêze. 

Wêrom stiet der eins net in plakette by it nije stek om it keatslân? “Mede mogelijk gemaakt door het bestuur van Klaas Mug”. En wêrom skroeve wy net in plakette op ‘e Rede-muorre? “Uitsluitend mogelijk gemaakt door vele vrijwilligers, zonder een cent subsidie”. De redaksje fan ‘e Kattebel kin wol in plakette om ‘e nekke krije. “Iedere maand brengen wij weer het krantje tot stand”. 

It hoecht fansels net op te hâlden by saken foar de mienskip. As jo in nije serre oan it hûs boud ha, kin dêr ek bêst in plakette by stean. “Door zwart werken tot stand gebracht”. Of as it húske in nije ôffier krige hat. “Herinrichting WC-werken met dank aan Danny v.d. Berg”. It wurdt heech tiid dat ik sels ek in plakette krij. Hjirûnder, foar de toer. Mar dan net sa’n skiterich pealtsje, graach. 

Nee, ik tink mear oan in bêste klampe Belgysk hurdstien, mei ynbeitele tekst. Wat dêr dan op stean moat? “Akke de Ka, beroemdste inwoner van Ried”. 

 

Durks Akke

november 2011


AKKE EN DE WINKEL 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Dus. Saapke giet ticht. Nei twahûndert jier, of hoe lang as it ek mar wêze mei, straks gjin winkel mear yn Rie. Dat sil foar in soad minsken wol even wennen wêze. It sintrale punt yn it doarp ferdwynt. Net allinne it plak foar in boadskip, mar ek it plak foar in praatsje en it lêste nijs. Dat dàt ophâldt is hast noch wol it slimste. Saapke is it ANP fan Rie. Sa koene wy op de hichte bliuwe fan de wederwaardichheden fan ús doarpsgenoaten. 

By Saapke wie it nijs faak al bekend, doe ’t it noch barre moast. Sa snel is sels it ynternet net. Foar my wurdt it der ek net better op. Ik ha al jierren in eigen hotline mei de winkel en dy wurdt aansens ek opheven. Straks moat ik mar by de doarren lâns om te hearren at der noch nijs is. Sûnder dat ik wit wat der yn Rie geande is, kin ik fansels ek wol slute. Ik ha noch even tocht om dan sels de winkel mar oer te nimmen. Durk hie dan moai fakkefuller wurde kinnen. 

Mar ja, as Saapke it al net folhâldt, hoe soe ik dat dan wol kinne. Nee, dat wurdt neat. Binnen de koartste kearen hie ik hielendal gjin klanten mear oer, bin ‘k bang. Untefreden klanten ha ik gjin geduld foar, sa ’t in winkelman dat heart te hawwen. Ik soe se mei de harsens op de toanbank slaan. Geseur oer taaie koeken kin ik net oer. No, en in oar sjoch ik it ek noch net oernimmen. It is net mear fan dizze tiid om altyd mar iepen te wêzen en noait ris frij te hawwen. 

De lytse doarpswinkel hat syn tiid hân. It hat moai west. We kinne de foarútgong dochs net keare. Menear Heijn en menear Poiesz lûke oan it langste ein. Wy meie as Riesters Saapke wol tankber wêze dat se salang foar ús klear stien hat. It is dat wy yn de buorren al in standbyld hawwe, oars hie dat in moai earbetoan west. Eareboarger fan Rie dan mar. Dat liket my in goed plan. 

 

Durks Akke.

december 2011


AKKE STAPT DERYN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It Doarpsbelang hat te min bestjoersleden en dêrom sykje se om fersterking. Der sil net folle Riesters mear wêze, dy der noch net foar frege binne. Mar net ien doart it oan, want it hat nochal wat om ‘e hakken. In protte fergaderje, yngewikkelde rapporten lêze, drege brieven skriuwe oan de gemeente, dan wer in visie opstelle of beammen plantsje, der is altyd wol wat. At net ien oars it dan docht, sa tocht ik, dan moat ik der sels mar ynstappe. 

Dus jim moatte net raar opsjen as ik aanst opdûk as foarsitter fan Doarpsbelang. Ik wol hjirby al fêst warskôgje dat ik de saken oars oanpakke sil. Ik wol drekst risseltaat sjen en net earst oeverloas fergaderje. Dêrom feroarje ik Doarpsbelang yn in religieuze sekte. Dêr kin de oerheid nammentlik net omhinne. Dêr binne se krekt wer achter kommen, doe’t se it rituele slachtsjen ferbiede woene. Frijheit fan godstsjinst, h’n. Doarpsbelang sil him bekeare ta de Fryslam. Dat is in stokâlde Fryske godstsjinst, dy de measte minsken al lang fergetten binne, mar dy yn Rie noch frijwat oanhing hat. 

De stichter fan dizze godstsjinst, Molle – Mo foar freonen – Hamstra, waard yn it jier 1001 berne yn in plaggehut oan ‘e ein fan de Havenstrijitte. Lange tiid rûn er der net sa út tusken de gewoane Riesters, oant er ris op in Riester merke op sneintejûn moai yn ‘e tinte sitten hie. Al dat bier moast der wer út en wylst er achter de tinte stie te pisjen, krige er in fisioen. Doe ’t er de oare deis by it ledekeatsen ek noch ris in spul achterinoar boppe sloech, wist er dat in hegere macht him roppen hie. 

Mo Hamsta skreau syn gedachten op yn in hillich boek, de Ranko, dat noch altyd yn ‘e klûs yn tsjerke bewarre wurdt. Alde Riesters binne hjir noch mei opbrocht. Dy libje ek net yn 2011, mar yn 1010, want se telle fan Mo Hamstra syn bertejier ôf. Wa it net leaut kin it neifreegje by Pyt fan Molle, want dy stamt yn rjochte lijn fan de profeet ôf. Dat jim begripe dat de sâltwinning op slach ûnmooglik wurdt. Dat binne ommers de hillige sâlten út Mo syn miich. 

De gymnastykseal mei ek net mear sluten wurde, want dat is de tempel, wêr de Riesters harren rituele meneuvels útfiere moatte. En sa kin Doarpsbelang dus tenei alles ôfdwinge. 

 

Groetnis, Durks Akke