AKKE WOL FYTSPAAD IEPENJE
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.
Ik bin wol gau ris even nei de stêd, foar in boadskipke of om in kopke tee te drinken yn it rusthús by in âld-Riester. (Foar alle jonge minsken: at ik it ha oer de stêd, dan bedoel ik Frjentsjer.) Ik gean dan altyd op myn Spartamet, want ik ha it autoriden noait leard. En by Durk yn ‘e auto stappe, derfoar ha ik myn libben te leaf. Boppedat ha se syn rydbewiis wer ôfpakt. Dus dan mar mei eigen ferfier, al hie ik der wol in hekel oan mei tsjuster op in paad te wêzen, want it wie bytiden net fertroud tusken al dat autoferkear troch. Mar de lêste tiid bin ik fertroud ûnderweis, op ús nije fytspaad. It is in útkomst, kin ‘k wol sizze. It is miskien in bytsje oan de smelle kant, mar better smel as net. Fansels moat it fytspaad noch wol offisjeel iepene wurde. Soks bart ornaris troch ien of oare VIP, de boargemaster bygelyks. Mar wy ha krekt in nije boargemaster, dy ken noch gjin ien, dus dat makket gjin yndruk. Nee, ik wit wol in bettere kandidaat. Iksels. Ik hie betocht om sels de offisjele iepeningshanneling te ferrjochtsjen troch mei in fersierde Spartamet it fytspaad del te riden. Uteraard rydt in VIP net sels, dus Durk wurdt myn sjauffeur en ik sit achterop en wuif nei it publyk lâns de rûte. Om alles flekkeleas ferrinne te litten, woe ik tefoaren al even oefenje. Dat ik sei tsjin Durk, gean do nei de Markthal om wat slingerboel en fersier dêr myn Spartamet mei. En hingje ús Fryske flagge oan de biezem en byn dy oan it stjoer. Sa sein, sa dien. Wy stapten op, Durk op ’t sadel en ik op de pakjedrager. Ik sei: fol gas, maestro. En dêr tuften wy hinne, nei Doanjum. Durk stjoere en ik wuive. Wy slingeren al wat, Durk hie in pear op, mar it paad wie krekt breed genôch. Dat it gie bêst. Mar doe, wy wiene krekt by Kees en Nine foar, sloech ynienen sa ’n slinger fêst yn it foartsjil. Dy sukkel fan in Durk hie se net goed fêstsetten. It achterein fan de Spartamet wipte omheech en ik waard al wuivend lanseard. It wie in raar gesicht, minsken, lokkich hie net ien it sjoen. Durk hinge te kermjen oer it stjoer en ik lei gestrekt op it fytspaad, mei de flagge om ‘e nekke. Dêrom lit ik de iepening dochs mar leaver oan de boargemaster oer.
Durks Akke.