Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2009


AKKE EN DE FRJEMDE FUGELS 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It klimaat feroaret minsken, dêrmei fertel ik jim neat nijs. Wy meie dan no wer ris wat echt winterwaar meimeitsje, mar ek yn Rie slacht de opwaarming ta. De natoer feroaret mei. Wat my de lêste tiid opfalt, is dat hjir steeds mear frjemde fûgels delstrike. En it liket wol oft se allegearre út it oasten komme. It tilt tsjinwurdich bygelyks op fan ‘e turkse toartels. Dy wiene hjir froeger net. Doe hiene je hjir ús soarte, de ka-en, en der wiene eksters en dat wie it wol sawat. Okee, dy eksters, dat binne opskeppers, mar wy koene mekoar en wy wisten wat wy oan inoar hiene. Mar no sit ús fiere femylje út it oasten, de flaamske gaaien, hjir ek al. Wat moatte se hjir. Se roppe en raze en se wolle har net oanpasse. Miskien komt it wol fan al dat bosk dat hjir no is. Dat wie destiids net sa. En boskfûgels binne oars as greidefûgels, dat is no ienkear sa. Ik ha it der net op. Helaas tinkt Durk der net sa oer. It wie my al in hoartsje opfallen dat er gauris yn it tredde bosk wêze moast. En hy sei der nea by, wat er dêr no krekt te dwaan hie. Op in stuit wie er der hast alle dagen. Dat ik tocht, hjir moat ik mear fan witte. Dat ik him stikem achternei. En wat tinke jim? Menear sette regelrjocht nei in nêst yn in holle beam. En wat wenne dêr? In moai, leaf, lyts bûnt spechtsje. In moai swartwyt fearepakje, moaie fearkes op it kopke. Mukkes wie der as in blok foar fallen. Soks raast dochs oan ‘e protters, minsken. Myn eigen man giet frjemd mei sa ’n frjemde fûgel. Doe ’t er lang om let wer thúskaam, ha ‘k him fuort op it harspit hân, mar dêr joech er neat om. Hy fertelde deagemoedereard dat er fan har hâldt. Se is syn dreamfrou, sei er. En ik moast myn kop hâlde, want hy fûn my in pestfûgel. Wat ha ik yn ‘e godsnamme ferkeard dien? Hy kriget alle dagen syn iten op ‘e tiid, wat wolle je dan noch mear. Dat komt der no fan mei al dy bûtenlânske fûgels. 

Mar ik nim wraak. Ik sil him dreame litte. En dan wurdt Durk in pechfûgel. 

 

Durks Akke

februari 2009


AKKE FYNT JILD FOAR DOARPSHUS 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

In skoftke lyn stie yn ‘e krante dat de doarpshuzen yn Frjentsjerteradiel jild krije fan de gemeente. Aha, tocht ik, no kin it hinnegean mei de ferbouwing. Better let as net. It sil al in hiel skoft en der bart neat. Mar no giet it oan. No sil it heve. No sil de bûter jild jilde. No komme de pipen út de sek. Doe lies it noch ris goed en och heden, giet it mar om in bedrachje fan 582 euro. Zegge vijfhonderdtwee en tachtig. Wat keapje jo dêr hjoed oan de dei noch foar? De oeren dy it op it gemeentehûs koste ha om dit út te rekkenjen, ha grif djoerder west. Dat ik tocht, ik moat sels mar wer, lyk as sa faak. It giet der om dat der in flinke slompe subsydzje op it kleed komt. Krekt as by de âlde Fryske tsjerken. Sjoch hoe moai as de tsjerke fan Boer wurden is. Sa moat it by de Rede ek. Dat de muorren dan knalread moatte, nimmme wy wol op de keap ta. Mar ja, in doarpshûs is gjin tsjerke. Tensij wy der in tsjerke fan meitsje. Dat hoecht net dreech te wêzen: wy sette in krús op ‘e naal, hingje de bar-bel oan de gevel en fan lege kratten bouwe wy in preekstoel. Voila. In oargel wurdt wat lestiger, mar by need freegje wy Hyltsje op de akkordeon. Mocht it jild sadwaande net begjinne te streamen, dan ha ik noch in plan B.Ynstee fan yn in tsjerke feroarje wy de Rede yn in bank. Buordsje oan ‘e muorre: “de Rede-Bank. Voor al uw bankzaken”. Klinkt fertroud. Dan skriuwe wy in bryfke oan Wouter Bos dat de Rede-Bank yn in finansjele krisis sit. Hy moat daliks byspringe, oars falt de bank om. At Wouter per ommegeande ek even in miljard oerboeke kin, dan binne wy earst wol rêden. Mei freonlike groetnis, etc. etc. 

Sa sjogge jim mar dat jo allinne mar in bytsje fantasy nedich ha om alle problemen op te lossen. 

 

Durks Akke

maart 2009


AKKE AS FERKEARSDESKUNDIGE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik wie lêsten nei de fergadering fan doarpsbelang oer Openbare Veiligheid en Doarpsverfraaiing. Fantefoaren hie ‘k betocht: stjoer Durk it doarp ut, dan ha we beide doelen berikt, mar sa simpel blykte it net te wezen. Der moatte deskundigen oan te pas komme. Ik ha dy jûns wer in soad opstutsen, lyk as sa faak op de fergaderingen fan doarpsbelang. It gie oer de totaalvisie op it deelgebiet fan de doarpskern, oer de hoofdverblijffunctie en oer optyske fernauwings. Dêr kin ik no dus ek oer meiprate en wurd net mear foar dom oansjoen. Der moast in wurkgroep komme om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. Auto’s ride te hurd troch it doarp en dêr moat wat tsjin dien wurde. Ik ha my drekst mar foar dy wurkgroep oanmeld, want ik hie al wol wat goede ideeën. Der waard by sein dat it net om drompels en stekken gie, want dy binne ut de moade. Ek flitspeallen en knipperbuorden mei gesichtsjes, lyk as no yn Menaam, binne net mear fan dizze tiid. Dat snap ik perfekt. Sjoch, wy as ferkearsdeskundigen binne gewoane minsken altyd in stap foar. Wy fine dat it no allegear dien wurde moat troch it doarp moaier te meitsjen. As autoriders sjogge hoe moai de buorren is, litte se fansels it gas los. Mar hoe meitsje je it doarp moaier? Fan wat ekstra grien giet de foet net fan it gas. Dêrom ha ik ûndersyk dien. Earst ha ‘k mjitkabels oer de dyk spand. Jim ha se wol lizzen sjoen. Doe ha ik myn konklúzje lutsen. De beste manier om tagelyk it doarp moaier en it ferkear flink trager te meitsjen is bleate froulju. Om de 25 meter moatte der grutte billboards oan de dyk komme mei foto’s fan bleate Riester froulju. Dat hellet de gong der wol ut. Alle Riester froulju, teminsten de moaie, moatte hjirfoar oantrede. En net skytskoarje dames, it is foar de goede saak. Ik ha Durk oansteld foar de seleksje, want sels fal ik allinne op manlju. Soe it mislearje, dan ha ‘k noch ien terror-maatregel achter de hân: ik gean sels neaken op it earste boerd stean. Dan keare se allegear om. 

 

Durks Akke.

april 2009


AKKE HAT FISY 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik bin optheden drok dwaande yn de Kommisje foar de Totale Fisy foar de Doarpskearn, oangeande de Feilichheit en Oanpassings (Kommisje TFDFO). Wy stribje nei in totale fisy, wêryn de auto te gast is yn it doarp en alle foarsjennings goed berikber wêze moatte en bliuwe. Dus. It moat feiliger en leefberder wurde. Ik doar wol te stellen dat myn ynbring yn de kommisje TFDFO trochslachjouwend is by de byldfoarming en dat myn ideeën der yn gean as in preek yn in âlderling. Myn oplossing is tunnelje. Der moat in tunnel ûnder it doarp troch komme. Dan ha wy gjin lêst mear fan al dy auto’s. Mar in tunnel hjir yn de weake klaai is wol in risiko. De brot moat net fersakje. Sjoch mar hoe it yn Amsterdam en sokke plakken giet. It iene nei it oare gebou stoart yn. Dat moatte wy hjir net ha. Dêrom wol ik de tunnel gewoan op strjitnivo hâlde. En dan de buorren opheechje mei modder. Sis mar it terp-idee fan froeger, mar dan yn in modern jaske. It hoecht net folle te kostjen, de grûn kinne wy gratis krije yn Winsum. Dêr ha se in hiele gelûdswâl oer. Frachtauto’s binne te djoer fansels, dêrom moat der kroade wurde troch frijwilligers op sneon. It kin in pear ieuwen yn beslach nimme, mar it is in koopje en goed foar de kondysje. Fansels moatte dan wol alle huzen mei omheech, dat is net oars. Kwestje fan de boel goed oanstampe en dan nij bouwe. Dit kin maklik betelle wurde fan de mearwearde dy sokke lúkse nije terpwenningen hawwe. It is sneu foar Hegebeintum, mar Rie wurdt sa de grutte toeristyske trekpleister. En as de seediken it al net mear hâlde kinne, sitte wy heech en dreech. Minsken dy net meidwaan wolle moatte it sels mar witte. Dy bedobje wy mei hûs en al. Wat dat oangiet steane de noazen yn de kommisje TFDFO deselde kant op. As it oan my leit komt de grûn oan ‘e kloksgatten ta. It is dan wol wat in lullich gesicht mei de toer, mar foardiel is dat jim moai by my en Durk foar de rúten lâns rinne kinne. 

 

Durks Akke

mei 2009


AKKE HAT MASTERPLAN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ha jim bytiden ek sa weinich druk op de kraan? Ik moat soms ûnder de dûs hinne en wer springe om skjin te wurden. Ik tocht dat wy de wetterrekken net betelle hiene, mar dat wie it net. Ik bin bang dat se by de tariedings foar it nije fytspaad earne tusken Rie en Doanjum de wetterlieding lek stutsen ha. No ja, it is altyd noch better om smoarch en feilich nei Frjentsjer fytse te kinnen as om skjin fan ‘e fyts riden te wurden. Lang om let krije wy dan it fytspaad, dêr ’t wy al sa lang om freegje. Dêr meie wy bliid mei wêze. It is wol even lestich dat de dyk nei Frjentsjer der foar ôfsluten wurde moat. De gemeente sil wol tocht ha: wy wolle dy Riesters net mear yn Frjentsjer ha, want it oare paad nei de stêd, oer Skalsum, is ek noch altyd ôfsluten. Spitigernôch hawwe de plannemakkers net goed genôch neitocht. It hie nammers wol folle better kinnen. Mar ja, ik ha ek maklik praten fansels, mei myn ynterlekt. Wy hiene wol twa miggen yn ien klap slaan kinnen. Wat sis ik, wol trije. Wy hiene nammentlik tagelyk, foar itselde jild, ek in nij doarpshûs ha kinnen en de maksimum snelheid tusken Rie en Doanjum flink omleech brocht. Hoe dan? Foar ien mei harsens, lyk as iksels, is soks simpel. De deskundigen moatte der earst moannen oer stinne en sizze dan dat se in masterplan opsteld ha, mar ik ha it gewoan betocht ûnder in bakje kofje mei in glad-van-achteren. It jild foar it fytspaad hie brûkt wurde moatten om in nij doarpshûs te bouwen by it keatslân. Neffens myn kalkulaasjes hie dat aardich lúks wurde kinnen. In nij fytspaad hie net nedich west, want ik woe de besteande dyk dêrfoar brûke. Auto ’s meie der dan net mear oerhinne. Stel je ris foar hoe ’n riant fytspaad at je dan hawwe. It kin wol in fjouwerbaans fytspaad wurde. It âlde doarpshûs wurdt ôfbrutsen en it pún wurdt yn ‘e berms fan de dyk stoarten. Dêr meie de auto’s dan oerhinne hobbelje. Gegarandeard dat it mei in gonkje fan tweintich, tritich wol ophâldt. Sels dy jonge mantsjes mei petsjes op yn fan dy Golfkes sille it dan wol út de holle litte om te hurd te skeuren. 

 

Durks Akke

juni 2009


AKKE EN DE NIJE BANK 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Dit stikje giet oer de âlde manne-bank. Of eigentlik moat ik no sizze: de nije manne-bank. Alhoewol, it binne noch deselde âlde manlju, dêr is neat nijs oan. Spitich genôch. Ik woe wol dat der ek ris wat lekker jong guod by siet. Mar de bank is wol nij en it liket wakker kreas. Sa moai hat it dêr noch nea west. In strak design, in moaie bestrating en in leaflike beplanting, it liket Paleis Het Loo wol. It is safier dat ik my dêr no ek wol doar te fertoanen. Earder prakkesearre ik der net oer. It wie my dêr te fiis en te wiet. It lei der fol mei peuken en sigare-eintsjes en it stonk der nei prúmkejarre. Om fan dy plassen wetter mar te swijen. Ik soe mar wiete fuotten krige ha, of blaasûntstekking. Dochs siet it my net lekker dat ik dêr miste, want ja, it is dochs it ANP fan Rie, net wier. Dat no hie ‘k tocht, ik moat tenei mar tusken de hearen sitten gean en meiprate. Ik hoopje al dat jim praat dan wat netsjes is, want ik bin in fatsoenlike frou, fansels. Ik kin lykwols min oer dat hurde hout oan myn achterwurk, al hoe moai it ek is, dat ik bin fan doel om de nije bank earst te beklaaien mei wetterfêste kessens. Mei blomkemotyf, want dat fyn ik gesellich. Fierder mei ik graach mei de fuotten omheech sitte, dat der komt ek noch in fuottebankje by te stean. Dan is it sa dat ik net graach yn ‘e rein sit, want myn hier mei net wiet wurde, dus komt der in luifel boppe de bank. Ik kin ek min oer sigen, dêrom woe ik fansiden gerdinen ophingje. Dat klaait it tagelyk moai oan. Dat keale, dêr hâld ik net fan. Fandêr ek dat ik tsien blompotten mei geraniums besteld ha om de boel noch wat fierder op te fleurjen. Thús ha ‘k noch in moaie steande skimerlampe, dy ferhuzet nei de bank. It breidzjen nim ik ek mei en ik hie tocht dat ik ek wol in bakje thee foar jim sette kin. As it echt gesellich wurdt, kinne wy miskien wol ferskesjonge meiinoar. Of spultsje dwaan. 

O ja, ien ding, der mei foartoan net mear rookt wurde, ik wol dy lucht net yn myn gerdinen ha. No, wat tinkt jim der fan, manlju. Manlju? Hallo? Wêr is yderien? 

 

Durks Akke

september 2009


FIIFENTWEINTICH JIER AKKE 

 

Ik bin Akke de sulveren Ka en wy wenje noch altyd achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ja minsken, it is no op ‘e kop ôf fiifentweintich jier lyn dat ik begûn bin om alle kearen myn stikje te skriuwen yn ‘e Kattebel. Dus ik jubelear. Ik wol mysels dan ek fan herte lokwinskje en ik hoopje dat ik it noch lang folhâlde mei, al tinkt net elkenien der sa oer. Ik hoechde der destiids net lang oer te stinnen, doe se my fregen, omt ik wol troch hie dat it sûnder my neat wurde soe mei dy nije doarpskrante. Hy gie der dan ek in stik op foarút, al sis ik it sels. Dat komt omt ik fan in soad dingen faak earder op ‘e hichte bin as de minsken dy ’t it oangiet. Ut de toer ha wei ha ik ommers in goed útsicht op jim allegear. En omt ik altyd foar alle problemen yn it doarp wol in oplossing wit. Dêrtroch ha ik al in soad ellinde foarkomme kinnen, ek al is dat net altyd like maklik mei ien as Durk om je hinne. Afijn, ik hie betocht, sa ‘n jubeleum mei net ûngemurken foarby gean, want hokker kolumnist bliuwt hjoeddedei noch sa lang by deselde krante. Soks moatte de Riesters al witte en it wurdt tiid dat ik de eare krij dy my takomt. Dêrom hie ‘k útfûn, ik moast mar yn ‘e koets troch it doarp, krekt as Beatriks mei Prinsjesdag. En dan mei Lyts Begjin foarop. Desnoads op eigen kosten, want by it krantsje ha se gjin jild, fansels. By de manege yn ’t Kleaster koe ik wol in hynder en koets hiere, mar in sjauffeur hiene se net. Mar gjin noed, dat koe Durk wol dwaan. Kin dy ek noch wat yn de eare diele, hy hat op ’t lêst faak genôch meiholpen om dizze bledside fol te krijen. Ik soe yn it Frysk kostúm en Durk yn it swarte pak, mei hege hoed. Ik sei tsjin Durk, wy moatte earst al even oefenje, dat hynder moat ûnderweis net skrikke en op ‘e rin slaan. Dat wy okkerjûns mei it reau nei de Swarte Reed, beide yn fol ornaat. No, it gie bêst, ik wie krekt it wuiven oan it oefenjen, doe ’t Durk ynienen in reekbom ôfstuts. Hy hie op tillefyzje sjoen, dat se dat foar Prinsjesdag ek sa diene. It hynder skrok him wyld en die in raam. Durk skeat fan ‘e bok en ik waard ek lanseard. Mei in grutte plons eindigen wy beide yn ‘e Ald Mear. It wie my daliks oer mei sa’n rûnrit, da ’s mear foar keninginnen en PC-keningen. 

Ik hâld tenei wol resepsje oan hûs. 

 

Durks Akke

oktober 2009


AKKE EN DE KRIMP 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik ha it sels lêzen yn ‘e krante: de befolking fan Noardwest Fryslân krimpt. Dêr kinne wy net langer omhinne. Earst fernuvere ik my der wakker oer, want ik sjoch hjir hieltyd mear dikke minsken. Mar doe begriep ik dat se bedoele dat der hjir minder minsken komme te wenjen. De lju wolle leaver yn ‘e stêd wenje, want dêr is fan alles te krijen en hjir hast net. Ik soe sizze: neat nijs ûnder de sinne, want doe ’t jierren lyn it kafee yn Rie tichtgie, woe Durk ek prompt nei Frjentsjer ferhúzje. Dat ha ‘k ferbean, want ik sei, wy binne Riesters en wy bliuwe Riesters. Ek al bliuwe wy as lêsten oer en moatte wy it ljocht útdwaan. Dat soe ek wat wêze, dat Rie noch mar twa ynwenners hie, ik en Durk. Dan moast ik allinne it hiele Kattebeltsje fol skriuwe. En dan wie Durk de iennichste lêzer. No, dêr soe ik it net foar dwaan, want hy lêst noait in krante. De gelearden sizze dat wy binnenkoart ús foarsjennings diele moatte mei oare lytse doarpen, oars is it net mear op te bringen. Mei de skoalle witte wy al net better en ik tink dat it mei ús doarpshûs dy kant ek mar op moat. As Peins en Rie by inoar stappe komt der miskien einliks in nij doarpshûs. Fraach is dan wol wêr ’t it komme moat, yn Rie of yn Peins. As wy der net út komme moat it mar op healwei, by de Ald Mear, krekt as yn Skingen-Slappeterp. En sa moat it tenei. Saapke moat in filiaal begjinne yn Peins en Klaas Mug en Piter Jellema moatte fusearje. 

Ho. No gean ik in stap te fier, leau ‘k. Yn it keatsen binnen Rie en Peins wetter en fjoer, dus dat wurdt neat. Uteinlik moatte Rie en Peins ien doarp wurde, mei ien skoalle, ien doarpshûs, ien winkel en ien tsjerke. Op ien ding nei: der moatte twa tuorren bliuwe, want ik wol net mei dy Peinser roeken yn ien toer wenje. 

 

Durks Akke

november 2009


AKKE EN DE JEUGDKEET 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

De jeugd fan Rie hat it net maklik tsjinwurdich. Se hawwe gjin plak mear om by elkoar te kommen. En se wolle jûns net by mem thús sitte, dus hingje se no mar wat op ‘e dyk om. Dêr kin net folle goeds fan komme, bin ik bang. Foarhinne wie it net sa ’n probleem. De jeugd tikke ergens in âld karavan op ‘e kop en sette dy hjir of dêr yn ‘e berm del. Fleach er yn de fik? Hindere neat, der stie sa wer in oare. Mar ja, it rûn wol ris wat út de hân mei drank en lawaai, want de jeugd moat noch in soad leare. Dan is der altyd wol ien dy der lêst fan hat. En it is langer sa dat as de boarger him net gedraacht, dat de oerheit drekst yngrypt. Want wy sille yn ’t gareel bliuwe, blinder. Foar ús eigen bestwil, uteraard. Dus de karavan moast fuort en dêrtroch ha ik ek in probleem. Dat komt troch Durk. Dy mocht ek altyd graach yn ‘e karavan sitte, ek al is er folle âlder. It gie om de sûperij fansels. Dus Durk sloech ek alle dagen op ‘e dyk om en dêr hie ik skjin myn nocht fan. Dat ik sei tsjin him: doch der wat oan. Ik bedoelde dat er jûns mei my op ‘e bank oan de tee sitte soe, mar it pakte oars út. Hy krige it ynienen tige drok op syn manier. Ik fertroude it net en doe ’t ik op ûndersyk út gie kaam de moart út. Menear wie in jeugdkeet oan it ynrjochtsjen hjirûnder yn ‘e toer. Der stie al in âld bankstel en der hongen fisknetten oan ‘e souder. Hy hie in grutte muzykynstallaasje oantúgd en de kratten bier stiene al twa meter heech opsteapele. Ik knapte sawat út myn fel, mar koe it noch krekt opbringe om him te freegjen wat dit te betsjutten hie. No, sei er, dit wie it ideale plak foar in jeugdkeet. Gean mar nei, sei er, fan de minsken om ús hinne ha wy gjin lêst en sy net mear fan ús. Boppedat binne de muorren in heale meter dik. No minsken, dat wie mar goed ek, want sa ha jim gelokkich net hearre kinnen wat foar raar guod at ik tsjin him spuid ha. 

 

Durks Akke

december 2009


AKKE HAT WER NEITOCHT

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It hat even duorre, mar lang om let is it no by de nije skoalle mar tige kreas wurden. De Peinserdyk leit der mar moai by en de nije oanplant kin besjen lije. Ik stel foar dat wy de namme omdope ta Peinser Avenue. En in lúks parkearterrein, net te ferjitten. No moat it keale stik lân derneist noch in bestemming krije. Of sa ’t planologen sizze: it moat noch ynfuld wurde. No wie ik froeger op skoalle goed yn ynfuloefeningen, dat ik woe hjir ek mar meitinke. Trochdat ik goed oerdwers tinke kin, kom ik miskien mei in orzjinele oplossing, dêr ’t oars gjinien by stilstiet. De Wenningstichting wol hjir wol huzen bouwe, neidat earst de lytse bejaardewenninkjes tsjin de flakte gien binne. Dat is wol wat skande fan dy huzen, BranteGoai soe har omdraaie yn har grêf, mar ja, hjoeddedei wolle de minsken mear lúkse. Ik freegje my ôf, oft der wol minsken foar dy huzen te finen binne, want de befolking krimpt ommers. Huzen bouwe is bouwe foar de leechstand. Nee, it moat oars. Der moar wat komme dat libben yn ‘e brouwerij bringt. Ik ha in idee. Ik wie lêsten ris in kear nei de grutte stêd, nei Grins. Dêr ha ‘k fan it earst fan myn libben yn de IKEA west. Minsken, minsken, de eagen rôlen my sawat út ‘e kop, sa ha ik my dêr fernuvere. Wat wie it dêr grut. En wat wie it dêr drok. Ik tink dat der wol tûzen man wiene. Der wie ek in restaurant by, dat wie wol fiif kear sa grut as de Ranch en it siet oan ‘e harsens ta fol. Sa’n winkel lukt in smite folk. Soks ha wy hjir noch net yn Fryslân, dus kin it moai yn Rie komme. Hoege wy ek net mear nei dy stomme Grinzers ta. Fansels krije wy wol wat parkearproblemen, al dy minsken komme natuerlik mei de auto. Dat it nije terrein stiet samar fol. Mar gjin noed, se kinne wol by Pyt en Sellie op it hiem stean, foar tsien euro per auto. Miskien kinne alle Riesters har hiem sa wol ferhiere. In moaie ynstruier. Allinne by mysels op it hiem wurdt al lestich. Om der dochs ek better fan te wurden stel ik Durk oan as parkearkontroleur. En fansels komt der in bankstel yn de Riester IKEA, mei de namme Akke. En in WC-pot, model Durk. 

 

Durks Akke.