Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2008


AKKE FERMIST 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man. 

It is al wat oan de lette kant, mar ek fan my noch de bêste winsken foar it nije jier. Ik bin bliid dat wy al dy feestdagen wer achter de rêch ha, moat ik sizze. Dat is de skuld fan D. Ik kin it optheden net ferneare om syn namme folút te skriuwen, mar jim witte wol wa’t ik bedoel. Helaas moat ik lâns dizze wei myn ekskuus oanbiede foar it gedrach fan D. mei âld en nij. Hy paste alhiel yn it lanlike byld. Alkoholmisbrûk, fandalisme, yllegaal fjoerwurk, you name it. Hy hat himsels âldjiersjûn sa klem sûpt, dat er no yn Goutum op ‘e list fan gefaarlike stoffen setten is. As it syn tiid is, hoege wy dêr net mear mei him oan te kommen. Op lêst fan ‘e brânwacht. Dat wurdt begrave hjir by de toer. 

Nijjiersdei hie ik him trouwens drekst wol begrave wollen, mar no bekomt it al wer wat. Wiken fantefoaren wie er al oan it eksperimentearen mei molkbussen, karbid en gasbranders. Doazen fol mei flinterbommen stiene ûnder yn de toer. Ik hie der de senuwen fan. No, wy hawwe it witten mei de jierwiksel, dames en hearen. Der is amper in ferkearsboerd heel bleaun, brantsje stoke midden op ‘e dyk en de earen sûzen my trije dagen letter noch fan it geknal. Omt D. de hiele jûn op ‘e dyk omsloech, siet ik allinnich. Dat ik tocht nei tolven, ik moat mar ris even yn ‘e tinte sjen. Mar doe ’t ik bûten kaam, seach ik gjin flerk foar eagen, sa damp wie it. Gelokkich koe ik op de muzyk ôfgean, dat ik hie de tinte gau fûn. 

De weromreis lykwols, wie in oar ferhaal. It wie noch mistiger wurden, ik hie amper in meter sicht. No hie ik it paad wol goed yn ‘e holle: op ‘e hoeke rjochts en dan nei hûndert meter links ôfslaan nei de toer. Op ‘e taast fûn ik myn wei en sa bedarre ik te plak. Teminsten, dat tocht ik, want doe ’t ik nijjiersmoarn wekker waard, kaam it my net bekend foar. It die bliken minsken, dat ik yn ‘e Peinser toer siet. Ik wie út de tinte wei de ferkearde kant opgien, omt ik fergetten wie oan hokker kant fan ‘e Peinserdyk as er stie. Doe hie D. my yntusken al as fermist opjûn en sirkele der al in helikopter boppe Rie. No snap ik ek wêr ’t it wurd fermist wei komt. 

 

D. ‘s Akke

februari 2008


Akke en Bea 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Jim ha fansels allegearre wol meikrigen dat Beatrix op keninginnedei yn Frentsjer har pretsje hâldt . No dat is moai, tocht ik. Earlik is earlik, it is yn ‘e stêd de lêste jierren wol opknapt, dêr kin in keninginne har mei goed fetsoen wol fertoane. En der binne genôch moaie en goedkeape winkels, dy ’t ik Hare Keninklike Heechheit wol oanrikkommandearje kin. 

Minder moai is, dat dit grapke noch al wat kostje moat, at ik it goed begrepen ha in foege trije ton. Per oere, wol te ferstean, want langer duorret it net. De boargemaster sil wol tocht ha, it kostet in pear sinten, mar dan ha je ek wat. Ik tink dat je foar sa’n bedrach noch wol wat mear waar foar je jild krije kinne, de Rolling Stones bygelyks, of Marco Borsato en dan krigen je ek noch wikseljild. It begruttet my suver, sa’n slompe jild. Kin de gemeente dit wol huffe, no se krekt wer wat by de wâl opklaud binne? Of moatte wy it aansens wer belije? Ien oerke Beatrix en tsien jier gjin nij doarpshûs yn Rie? Dat moat net. 

Dêrom ha ik in alternatyf plan, dat finansieel better te behappen is. Myn begrutting komt út op 300 euro. De keninklile famylje komt yn Rie op besite. Iksels bin gastfrou, ik bin dochs sa’n bytsje de boargemaster fan Rie. Ik en Majesteit meitsje in kuier troch it doarp, mei Lyts Begjin foarop. Dat treft moai, want op keninginnedei is der yn it doarp dochs al in soad te rêden. Wy dogge even mei oan it Draaiend Rad en Willem-Alexander oan it paraplu-hingjen. Alle ferienings jouwe demonstraasjes. Klaas Mug is oan it baltsje-bedriuwen, de Handerarbeid oan it nifeljen, Willem van Haren docht in stikje, de Soas is oan it rummykuppen, de gymnastyk springt op de trampoline, de begraffenisferiening graaft in gat en Lokaasje 17 sjongt ús ta.Kostet allegear neat. Wy geane in slach om ’t Hôf en as wy de neije skoalle foarbij komme, iepenje wy dy noch even offisjeel, wêrnei ’t wy einigje yn de Rede, wêr ’t Doarpsbelang sit te fergaderjen. 

Hjir regelje ik en Bea even dat de 299.700 euro dy oer is, bestimd wurdt foar it doarpshûs. Wer ’t dy 300 euro dan foar binne? Foar it sop en de broadsjes en in pear kratten bier foar Willem-Alexander. 

 

Akke de keninklike Ka.

maart 2008


AKKE HALDT DE DIEF 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It spyt my wol, dames en hearen, mar ik moat it op dit plak helaas wer ris in kear oer Durk hawwe. Ik hie stille hoop dat er mei it âlder wurden einliks ris wat wizer wurde soe. No stel ik fêst dat it in ferlerne saak is. Alles wat ien mei sûn ferstân wol út syn holle lit, dat pakt Durk op. Hoe yllegaler, hoe better, liket it wol. Mar goed dat de plysje en de Keamer fan Keaphannel net witte wat er allegear úthellet. It komt by him op as skiten. Ynienen is it dan ien en al aksje, of hy docht samar hiel stiekem en temûk. 

Okkerdeis wie it wer raak. Op in dei fûn ik in kassetterekorder en in takel op ‘e keukentafel. En alle kearen op it hele oere, dan ferdwûn er mei dy kassetterekorder en efkes letter, dêr wie er wer. Ik tocht, wat hat er no yn godsnamme wer by de ein, ik snapte der neat fan. Op in stuit seach ik him mei in grut bosk tou slepen. Doe, in pear dagen lyn, waard ik midden yn ‘e nacht wekker. Ik hearde de klok trije oere slaan. It wie krekt as hearde it lûd fan de klok oars as oars. As je der al sa lang tichtby wenne hawwe, hearre je soks. Tagelyk hearde ik op de klokssouder in bulte gestommel. 

Ynbrekkers? Ik soe Durk wekker meitsje, mar dy wie der net. Blinder, tocht ik, hy sit se al achternei, ik moat him helpe. Dat ik nei de klokssouder. No minsken, wat foar tafriel ik dêr seach. De triennen sprongen my yn de eagen. It wiene gjin ynbrekkers, it wie Durk. Menhear hie de klok demonteard. Hy hong al yn ‘e takel, hy soe him krekt troch it kloksgat nei ûnderen sakje litte. Ik sei, wat sil dit? Wol, it die bliken dat er de klok ferpatst hie, fanwegen de wearde fan it koper. Koperdieverij ûnder myn eigen dak! Troch myn eigen man! Wylst ik begûn him it leksum te jaan, sei er ynienen: ho even. Hy drukte de kassetterekorder oan. Hy sei: it is healwei fjouweren, de klok moat slaan. Sa tocht er dat net ien yn ‘e gaten ha soe, dat de klok fuort wie. Afijn, ik ha drekst de plysje belle en dy ha him meinaam. En de klok hinget wer te plak. Ik hoopje dat jim der neat fan murken hawwe. 

 

Durks Akke.

april 2008


AKKE, DE MUSICAL 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

No, de koegel is dan dochs troch de tsjerke. It hat swier kealle, mar it doarpshûs sil no dan dochs ferboud wurde. We sille mei syn allen wol even flink de skouders der ûnder sette moatte, mar dat is gjin probleem, want ik ha Durk al opjûn as frijwilliger. En dan foaral foar it hak- en brekwurk. As it op slopen oankomt hat er syn gelikense net. It is wol saak dat ik him op tiid weromlûk, oars bliuwt der gjin stien op de oare. 

As alles aansens klear is, kinne sawat alle ferienings harren gerak der krije. Dan wurdt it oanpakken foar de frijwilligers fan de Rede, mei al dy drokte. It is de fraach of dy har frije tiid der allegearre yn stekke wolle en kinne. Miskien wurdt it tiid foar in behearder. Dy ha ik al fûn. Iksels. Dat hat my altyd al moai wurk talike. Durk kin de technyske tsjinst wol dwaan. Ik ha ek al neitocht oer de feestlike iepening, strak at alles klear is. 

It nije doarpshûs moat iepene wurde mei in spektakelstik, mei mysels as behearder yn de haadrol. Akke, it boek en Akke, de revu ha wy al hân, dit wurdt Akke, de musical. It wurdt in ko-produksje fan Willem van Haren, Lyts Begjin, Lokaasje 17 en de Walburga-sjongers. Mear in ka-produksje yn dit gefal, dus eigentlik. Helaas ha ik sels te folle lêst fan plankekoarts, dat ien fan jim moat my spylje. Hjirfoar organisearje wy de Riester talintejacht Op Zoek Naar Akke. Iksels sit yn de sjuery, mei Roel Slofstra en Doeke bij de Leij. 

It fel-realistyske ferhaal giet oer in âld doarpshûs dat fan in amtner fan ‘e gemeente ticht moat, omdat it net oan de easken foldocht. Mar troch manhaftich optreden fan de behearder (ikke dus) komt it allegearre dochs noch goed. Oare rollen dy ’t noch ynfold wurde moatte binne it Rede-bestjoer (meie ek harsels spylje), Durk (sil net tafalle ien foar te finen) en in oannimmer (wurdt apart oanbestege). Byrollen binne der foar de boargemaster, fiif plysjes en Pyt Paulusma. Bliuwt der foar de takomst noch ien projekt oer: Akke, de film. Miskien wat foar Geart Wilders? 

 

Durks Akke

mei 2008


AKKE EN KENINGINNEDEI 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

It is al wer in hoartsje lyn, mar ik moat jim dochs noch even fertelle wat my lêsten mei keninginnedei yn Frjentsjer oerkaam is. Fantefoaren hie ik betocht, hjir moat ik al by wêze. Sa faak krije je de kâns net om sokke djoere minsken yn it echt te sjen. Boppedat ha ik der it mier oan as dingen sûnder my troch geane. Der kin net in kat strûpt wurde, of ik moat in poat beethâlde, seit Durk wol ris. En der wie yn Rie dochs neat te rêden. Dat ik belle mei de organisaasje yn Frjentsjer en ik sei, ik bin fan de partij op 30 april. Sis mar wat ik dwaan moat. No, der stiene allegear âld-Hollânske en âld-Fryske spultsjes op it programma, dêr koe ik wol oan mei dwaan. It sekrinnen, koeke-happen en keatsen hiene se al guon foar, mar noch net ien foar it kloatsjitten op ‘e Foarstrjitte. Ik sei, okee, skriuw my dêr mar foar op. De man fan ‘e organisaasje woe noch witte oft ik myn eigen kloat meinaam. Jawis, sei ik, dy komt mei. Wy geane altyd oeral tegearre hinne. Hy wol Maxima graach in tút jaan. In misferstandsje, sei de man fan ‘e organisaasje, mar dat hindere neat, want ik mocht wol ien fan syn kloaten brûke. Dat ik siet de moarns fan keninginnedei al ier en betiid by Durk achter op ‘e brommer, ûnderweis nei Frjentsjer. Foar in better sicht op ‘e kloat hie ik spesjaal in nije sinneklep oantúgd. Sa ’n witenien. Mar by de Doanjumerpoarte wie it ho. Wy waarden opkeard troch in hiel stel fan dy bewakers. Fan dy figueren mei in soad spieren en in bytsje harsens. Der wie tsjin harren sein dat se hjoed hiel belangryk wiene en dat hiene se goed yn ‘e earen knope. Der waard hielendal gjin motorisearre ferkear trochlitten. Dat noaske my neat, dus ik rôp: Oan ‘e kant, ik wol der lâns, in naam der koningin, ik wol kloatsjitte. No, dat pakte net goed út, want se sloegen my yn ‘e boeien en ik waard ôffierd nei it plysjeburo, wer ’t ik de hiele dei sitten ha. Se tochten nammentlik dat ik in oanslach plege wollen hie op Willem-Alexander. 

 

Durks Akke.

juni 2008


AKKE IS DER KLEAR FOAR 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Dy âlde Klaas Mug is net kapot te krijen. Dit jier fiert er al syn alfte kroanjier en de ein is noch net yn sicht. Wat sis ik, de ôftakeling is noch net iens begûn. Noch lang net. Syn lichem mei hjir dan op it hôf lizze, syn geast libbet as in hert. Sûnder ús keatsklub soe it hjir simmerdeis mar in deade boel wêze. Ik bedoel, wat is Rie sûnder de merke. En wat soene wy de gesellichheit op it keatslân misse. Nee, ik hoopje dat Mug it noch lang úthâldt. Fêste prik by in jebeleum binne fansels de optocht en de strjitfersierings. Wat dat oanbelanget hat Rie in reputaasje op te hâlden. Foarsitter Molle wie destiids de trendsetter, de âldere Riesters witte it noch wol. Der sille net folle sokke lytse doarpkes wêze, dy oan ús tippe kinne. Rûnom yn it doarp binne de tariedings al oan ‘e gong. Uteraard allegearre yn it grutste geheim. Mei de Haadstrjitte binne wy ek al drok dwaande. Natuerlik is it top secret wêr ’t wy mei komme sille, mar ik kin ’t net litte om jim in bytsje yn fertrouwen te nimmen. Op ús wein sil it Brasiliaanske karnaval te sjen wêze. Rio yn Rie. Fansels komt der in schaars geklede dame, mei in allinne in pear strúsfûgelfearren oan, boppe op te stean. Iksels ha my hjirfoar beskikber steld en ik ha der sin oan. Ek yn de oare strjitten is it optheden in drokte fan belang, mar alles tige temûk en sa ûnopfallend mooglik. Sa is it by in sekere Mr. X oan de Doanjumerdyk alle woansdeitejûnen in kommen en gean fan minsken mei allerhande ark en spul. Werfoar? Gjin mins dy ’t it wit. By in sekere Gerryt D. oan de Berltsumerdyk itemditem. Net ien wit wat se dêr dogge, sels de AID net. En by Ali Baba oan de Fiterringerstrjitte fan ’t selde lekken in pak. Kosten noch muoite wurde sparre. It skynt dat sels komplete weinen út oare doarpen opkocht wurde. Ik bin benijd wer ’t Rie aansens mei foar it ljocht komt, ik bin der wis fan dat it wer wat bysûnders wurde sil. Allegearre in ûnferjitlik feest tawinske en in moaie fakânsje. 

 

Durks Akke

september 2008


AKKE SA’T SE WIE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ha jim it boek fan Rie al, Rie sa’t it wie? As hikke en teine Riester hie ik der al in hiel skoft nei útsjoen. Fier fan te foaren hie ik de sinten al oermakke en op’e tongersdeitejûn fan Riester merke wie ik der drekst by. Ik skuorde it boek út ‘e hannen fan it Comité wei en bin der fuortendaliks yn begûn te blêderjen. 

It jout neat, mar de minsken fan it Comité ha in bêst stik wurk levere. Ik hie nea tocht dat der noch safolle foto’s fan froeger wêze soene. En sa dúdlik allegear en mei in soad útlech derby. Hartstikkene lúks en foarsafier ik sjen kin sûnder fouten, wat ek noch net maklik is. It rûkt ek noch lekker. Nee, it Comité kin grutsk op him sels wêze. De tentoanstelling yn ‘e Rede wie de muoite ek wurdich trouwens. Ik ha der trije kear west. Minsken, wat in boel âlde bekenden op dy foto’s. Ik trof der ek noch ferskeidene âld-Riesters, it wie suver wat in reuny. 

Sels stean ik ek in pear kear yn it boek. Heare, heare, wat in ferskil mei no. Akke is net mear sa’t se wie. In protte fan de minsken op dy âlde foto’s, dy je wol kend hawwe, binne der al net mear. Sa witte jo mar wer ris, dat je âlder wurde. Ik hie it der fan ‘e wike ek noch oer mei Durk. De lêste tiid binne der in hiel stel âldere Riesters ferhuze nei it rêsthûs. BûneKlare, DurkeRicht, ManusAnne ensafuorthinne. Minsken dy’t sawat in libben lang yn Rie wenne ha. 

Mar ja, op in stuit giet it net mear en moatte je wol ferkasse, ek al soene je nea út Rie wei wolle. Dat ik sei tsjin Durk, miskien moatte wy ús ek mar ynskriuwe litte. Wy binne de jongsten ek net mear. Wy kinne ús no noch wol aardich rêde, mar it is hjir boppe yn ‘e toer no net drekst geskikt foar bejaarden. Dan is it boppe yn’e Froonacker-flat fêst in stik nofliker wenjen. 

It like Durk wol wat ta, mar ik wit it noch net. Ik sjoch mysels noch gjin stikjes skriuwen oer de Frjentsjerters yn de Franeker Courant. Dat wy moatte ik hjit foarlopich noch mar even úthâlde. 

 

DurksAkke

oktober 2008


AKKE EN DE UNTFOLKING 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik kin optheden de tillefyzje net oansette of de krante iepen slaan, of it giet oer krisis. It is kredytkrisis foar en kredytkrisis nei. No, ik kin der net wekker fan lizze. Ik en Durk ha al jierren kredytkrisis, dat ik bin der al lang oan wend. Ik wit net better. Mar wêr ik wol wekker fan begjin te lizzen, dat is dat der yn Fryslân hieltyd minder minsken komme te wenjen. 

As dat allinne yn oare plakken sa wêze soe, dan hie it my noch net safolle skele kind, mar neffens my is it yn Rie ek geande. Der binne de lêste tiid in soad ynwenners fuort gien, foaral âlderein. Fansels binne der ek altyd wol wer nije lju, mar dochs. Ik fyn it foaral spitich fan dy âldere Riesters, want dy ha faak in protte bining mei it doarp. Dat dêrom ha ik in plan betocht om dy âldsjes yn Rie te hâlden: ús eigen Riester Bejaardehûs. 

It pand stiet der al. De âlde skoalle. Yn tsjinstelling ta oare plannemakkers ha ik it finansjele plaatsje earst rûn makke. It sit sa: op ‘e souder kinne moai wat appartemintsjes timmere wurde. In lift deryn en klear is Kees. De Riester âlden fan dagen kinne der sa yn. De ferhier leveret genôch jild op om op ‘e begeane grûn de Rede tiptop te ferbouwen. Foar de Soas is it ideaal. Even mei de lift nei ûnderen en jo binne der. Foar de wurkgelegenheit yn it doarp is it ek goed, want der moat fersoarging wêze en itensiederij fansels en dêr moat persoaniel foar oannommen wurde. Dy kinne dan ek moai tusken de bedriuwen troch it doarpshûs runne. 

Is ’t net in útfining? De kredytkrisis mei noch sa slim wêze, mar alle banken sille yn ‘e rige stean om dit finansiere te meien. De namme fan de Rede kin wol bliuwe, it wurdt dan Bejaardehûs De Rede. Dat sil de ûntfolking yn Rie wol keare. Ik ha alfêst in plakje reservearre. 

 

Durks Akke

november 2008


AKKE DIELT YN 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

De kranten steane de lêste tiid fol fan gemeentlike heryndielings. Yn it súdwesten ha se al besluten om de lapen gear te smiten en ik bin bang dat it hjir meikoarten ek sa fier komt. It soe my gjin nij dwaan as aanst Frjentsjer, Harns en it Bildt ek by inoar stappe. Ik tink dat it der dan foar Rie yn sa ‘n grut gehiel net better op wurdt. 

Wy sitte no al aardich op it fuottenein en straks noch mear. Dat moat net, dêrom tocht ik, Rie moat him mar by Menameradiel oanslute. It Kleaster falt dêr al ûnder en dat foldocht goed. As ik dy kant op gean en ik kom by it Hoekhúske, dan stiet der in boerd “Wolkom yn Menameradiel”. Dat komt better oer as wat ik lês, as ik wer werom gean. As ik dan de gemeentegrins passearje, wurd ik drekst warskôge dat Frjentsjerteradiel jûns net de muoite nimme kin om te struien as it glêd is. No, dat seit genôch. 

Mar ja, hoe lang bliuwt Menameradiel noch bestean? Wurdt dat aanst opslokt troch Ljouwert? Miskien kinne wy it bêste mar foar ús sels begjinne, mei ús eigen gemeente. Riesteradiel. Kinne wy eindelik ús eigen saken regelje. In djoer gemeentehûs hoege wy net. Der kin wol in loket by Saapke yn ‘e winkel. In leger amntners is nergens foar nedich. Mei it jild dat dêrmei útsparre wurdt, kin de Rede riant ferboud wurde. 

De gemeente Riesteradiel docht net moeilik oer de hier fan it keatslân, of it meanen, of ferkearsremmers en fytspaden, want Oane van der Ploeg is oansteld as direkteur fan Gemeentewurken. Durk is de Plantsoenetsjinst. Hy docht it skoffeljen en hy wol jim foartúntsjes ek wol even meipakke. Fansels kin ús gemeente net sûnder in betûft bestjoer. In pear tûke wethâlders ha ‘k al op it each. Albert van der Voorn wurdt wethâlder fan finânsjes. Juf Elly wethâlder fan ûnderwiis. Romtlike oardening is foar Bartele. Ferbouwinkje? Dakkapeltsje pleatse? 

Gjin probleem, want prosedueres dogge wy net oan. De leges foar in boufergunning is in flesse bearenburch. O ja, dat soe ik hast ferjitte: de boargemaster. No, dat is dúdlik. Gjin priis foar wa ’t dat goed riedt. 

 

Akke de Ka, by keninklik beslút boargemaster fan de gemeente Riesteradiel

december 2008


AKKE IN IT ENGLISH 

 

My name is Akke the Crow and I live behind the third clockhole of the tower, me and my husband Durk. 

Yes, you reads it good, this time I writes in it english and not in it frysk, as I always do. That is because I have clean my nocht from always that frysk. It is time for change. Peoples in Fryslân are much to mad with it frysk. It hits nowhere up. 

The other day there was even somebody from the gemeenterie, who wanted to pay money to peoples who writes fryske pieces in the village newspapers of this gemeente. Well, if I had got paid for every time I wrote it in the Catbell, the gemeente would be broke. But I have not a red cent. So I shoot nothing up with it frysk. Too few peoples can it. 

After Wolvegea, no brains understands it anymore. I am for it frysk, but we must not overdrives it. However, many peoples do. The drip, that does the bucket run over for me, is that they have begun to set over english songs in frysk and then put them on a CD. Songs from Leonard Cohen. “Cohen yn it Frysk”. It looks nowhere up. And it spites me to say, that even peoples from this village have a hand in it. This is completely nowhere for necessary, because everybody can understand the english. It is shame of the cents and nobody sits to wait on it. 

No, ladies and gentlemen, english has the future. And as you will have marked, I speaks it very good. So, from off now, I shall use more english. I speaks it also to Durk, although he does not understand a homosexual of it, but I will learn it him. There is another reason why I writes in english: my stories in the Catbell are also to read on the internet, on the website of dorpjeried.nl. This is a big honour to me. It is even so that they stand sooner on the site than in the paper. 

So everybody in the whole world can now read about Durks Akke from Rie. 

 

Merry Christmas and a Happy New Year!