AKKE DOCHT CAN CAN
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.
Gonzales is werom nei Meksiko en it kafee is no in Amearikaansk barbekjoe-restaurant wurden. De Can Can Ranch. De sombrero is ferruile foar in koboy-hoed. Jo kinne der no in fjouwer-oeren arranzjemint krije. Dat betsjut dat je fjouwer oeren ûnbeperkt ite en drinke kinne, foar in fêst bedrach. Mei dessert nei.
Doe ’t ik hjir lucht fan krige, ha ik drekst Durk by my roppen en him ferbean om dêr tenei in stap binnendoar te setten. Neffens my wurdt de doar der noch net plat rûn, dat ik tocht, miskien kin ik wat betinke dat der wat mear flecht op ‘e koai komt, Wat mear libben yn ‘e brouwerij.
Dat doe ’t wy lêsten mei de Frouljusferiening ôfpraatten om meiinoar wer ris wat gesellichs te dwaan, sei ik: dames, wy gean nei de Can Can Ranch. En wy sille soargje dat wy de namme dêr ear oan dogge. Wy sille mei syn allen de can can dûnsje. As wy de rokken optille, moat der ek wat te sjen wêze. Dêrom sil ik by de Hema foar ús allegearre in string helje. Dêr komt grif wol folk op ôf. En wy hiere ek sa ’n rodeo-bolle. De deis tefoaren sei ik tsjin Durk: regelje do even sa ’n bolle. Hy stapte fuort op ‘e fyts. Ik sei: wêr silst hinne? Hy soe nei Ale van der Ploeg.
Uteinlik koe ik him oan it ferstân krije dat ik in elektryske bolle bedoelde, fan in ferhierbedriuw. No, it ding waard keurich op tiid besoarge en alle froulju wiene presint, klaaid sa as wy ôfpraat wiene. It wie smoarfol. De stimming siet der al gau goed yn en de rokken fleagen wit hoe heech.
Durk siet achter de knoppen fan de bolle en hy hie it wakker drok. Op in stuit tocht ik, ik wol ek even op dat ding. It is oars neat foar my, op myn leeftiid, mar dat kaam troch de feeststimming. Dat ik klom derop en ik sei tsjin Durk: tink derom, net heger as stand 1, oars giet it fierstentemâl. Ik hie it witte kinnen, dames en hearen, mar hy sette de knop op 10. De bolle die in raam en ik waard de loft yn slingere.
Ik bedarre op ‘e kont op ‘e bar. Ik hie safolle feart, dat ik de hiele bar oer skeat en op ‘e oare ein op ‘e grûn delplofte. Dêr lei ik. Yn myn string. En mei skroeide billen. Der hinget no in plakkaat yn de Can Can Ranch: Wanted: Durk the Kid Dead or alive $10000.
Durks Akke.