AKKE EN DE BUS
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.
It is mei de fersjennings yn Rie krekt as mei de tosken fan âlde Brandte Goaits. Ien foar ien ferdwine se. Falle se út. No moat de bibliobus wer fuortbesunige wurde. Ik bin der al jierren lid fan. Alle kearen as er hjir is, sykje ik in moai boek út, mar dat kin dus aansens ek net mear. Fjirtich jier lyn wie it al better. Dan gie ik even nei Tryntsje Post om in possegel fan in dûbeltsje.
Mar it postkantoar gie ticht. Gelokkich kaam der in agintskip yn é winkel. Oant dat ik opheven wurde moast. Dêr ha wy doe mei syn allen noch flink tsjin protesteard. Ik ha sels noch in nacht yn é sel sitten, op it plysjeburo yn Frentsjer. Yn ‘e winkel koene je doe noch alle boadskippen krije, dêr hoegden je it doarp net foar út. En wa ‘t it sels net helje koe, dy waard it thúsbesoarge troch Eabe. Suteljen hiet dat.
Wa ken dat wurd noch? Der waard doe hiel wat ôfsutele. Sipke Meijer mei de grientekarre, Durk Houtsma, de molkboer. Dat kin allegear al lang net mear út. Woe ik nije klean ha, dan koe ik alle oeren mei de bus nei stêd.
Nije klompen nedich? Even nei Bûne, op ‘e graazjesouder koene je útsykje. Wa ‘t syn âlde noch net fuortgoaie woe, koe der by de smid in kram op sette litte.
Geiser stikken? Oane Draaisma belje, “24-uurs service” (sa lang duorre it foardat er kaam). Achternei wol even de rekken kontrolearje.
Ferbouwinkje? Jan Uldriks wie de timmerman. Trouwens wol moai dat wy no wer in nije timmerman yn it doarp hawwe.
Fervje of behingje? Gebrs. Van Zandbergen stiene foar jo klear.
Lekke bân of lege tank? Even nei Sybren. Ek foar al jo batterijen.
Hier te lang? Gjin probleem foar Jan Kapper.
Geastlike need? Dêr wie dûmny Hoekstra foar. En sa kin ik noch wol troch gean, mar it is allegear al lang foarby en it komt dochs net wer, dus hâld ik no op.
Doe ‘t jierren lyn de buslijn opheven waard, lieten de Riesters it der net by sitte en waard der in bus kaapt, lyk as teroristen doe in protte mei flychtúgen en treinen diene. Dat wie destiids grut nijs. En no moat dus de bibliobus opheven wurde.
Ik ha in plan yn ‘e maak om de bibliobus te kapen, mei mysels als kaper en Durk as bussjaufeur. As se de bus dan noch opheffe wolle, binne wy se foar, want dan baze wy him op.
Durks Akke