Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2005


Akke en de keunst fan it boskûnderhâld 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje efter it tredde kloksgat fan ‘toer, ik en myn man Durk. 

Sa, de drokte fan ‘e feestdagen leit gelokkich wer efter ús. Gjin geknal mear fan fjoerwurk, gjin ûntploffende molk- en brievebussen mear. Hearlik. Ik bin trouwens noch raar skrokken, âldjiersdei. Dat kaam troch Durk. 

Hy koe it fansels wer net litte, hy moast ek karbidsjitte. Om it wat rapper wurkje te litten, hie er it ta poeier fermeald. Hy hie it yn in doaske yn ‘e bykeuken delsetten, neist de Omo. Dat hie ik net yn ‘e gaten, doe ’t ik noch gau even in wask draaie woe. Dat ûnder it sintrifugeren hearde ik ynienen in knal, ûnhuers. Ik ha nea witten dat der safolle ûnderdielen yn in waskmasine sitte. 

Myn earste gedachte wie om Durk in oaljebol mei karbid der yn foar te setten, mei in pilske der by, mar ik seach der ek tsjin oan om al dat bloed fan it behang bjinne te moatten, dus ha ik it diskear mar sa litten. Ik ha de lêste tiid oars wer it nedige mei Durk te stellen hân. 

Dat kaam sa. Se fregen fan Doarpsbelang ien om dy moaie nije linebeammen yn de buorren yn ’t model te snoeien. Ik sei stjin Durk: dat is krekt wat foar dy. Do meist altyd al graach by it lyntsje lâns. Wist wat, wy ha hjir langer safolle bosk, ik sil Staatsbosbeheer belje dat wy hjir in filiaal opsette wolle. Durksbosbeheer met Durk de boswachter. No, dat fûn de direksje wol goed, mar hy moast wol earst in wike op kursus yn Appelskea. 

Dat gie poerbêst, al foel it letter pas op dat de Keale Dunen tsjinwurdich twa kear sa great binne. Afijn, werom yn Rie, sei ik tsjin Durk: ik ha in earste putsje foar dy. Wat licht snoeiwurk yn it tredde bosk. Hjir en dêr in takje fuorthelje. No, dat ha wy witten. Menear hie by de Borent in monsterachtige mesine hierd en is dêrmei in dei lang tekear gien. It liket wol as is der in tsunami út it Wiid wei oerhinne gien. Syn folgende projekt binne de nije linebeammen. 

Ik hâld myn hert fêst. 

 

Durks Akke.

februari 2005


Akke Paulusma 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje efter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik ha it hielendal hân mei dy Pyt Paulusma. Alle kearen yn it waarpraatsje seit er dat it nei it wykein begjinne sil te friezen. Mar alle kearen as it wykein om is, is it noch hieltyd teiwaar. Wy binne no sa stadichoan ek te fier yn ‘e tiid om noch winter te krijen. Spitich. 

Ik fyn it altyd in hiele aardichheid, dat ferweech op ‘e iisbaan. Sels bin ik gjin rider, mar as it tintsje der stiet, as de feart sterk is, stek ik dêr graach even oan foar in kopke poeiermolke. Mar dat is no al wer moai wat jierren lyn. P.P. kin wol roppe dat it winter wurdt, ik leau him net mear. 

Ik kin ek wol waarman wurde, ik foarsis gewoanwei standaard teiwaar. En oars Durk wol. As der ien graach yn it waar sjen mei, is hy it. Nee, dan foar Pyt syn tiid. Doe waard der net sa ouwehoerd oer it waar, doe lei om distiid de snie oan ‘e daksgoaten ta en frear it dat it ongele. Tjinwurdich kenne de minsken dat wurd net iens mear. De iisbaan leit der ek mar tryst hinne. Hy wurdt noch wol alle kearen ûnder wetter set, mat it hat neffens my net folle doel mear. 

It broeikaseffekt hat Rie no ek berikt. It soe it bêste wêze en doek de hiele iisbaan mar op. Der is fêst wol in bettere bestimming foar te betinken. Earst tocht ik, meitsje der in tennisbaan fan. Dan ha je der it hiele jier troch wat oan. Mar ja, tennisjen is optheden hielendal út. It is no pylkjegoaien wat yn ‘e moade is en dat kin wol binnendoar. 

Mar doe tocht ik: de iisbaan moat in golfbaan wurde. Dat is trendy. En it lûkt ek in better publyk. Poer geskikt dus foar de ûndernimmersferiening. Ideaal plak om saken te dwaan. It iisklupbestjoer kin gewoan yn funksje bliuwe, se wurde dan it golfklupbestjoer. Der moat noch wol even in klupgebou komme mei in hapje en in drankje, want in tintsje mei poeiermolke is net deftich. 

Ik kin sels wol gastfrou wurde en Durk kin it meanen wol dwaan. De omwennenden in gratis glêsfersekering en we kinne los. 

 

Oan ‘t oare kear, Akke.

maart 2005


AKKE WURDT OANSLEIN

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje efter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ten earste: ik sil tenei net mear krimmenearje dat wy gjin winter mear hawwe en ik sil Pyt Paulusma foardrage foar in lintsje. 

Ten twadde: ik ha de belestingoanslach fan de gemeente binnen. De Gemeente slacht my nochal heech oan. Yn dit stik fan saken spitigernôch al. Dat komt fansels om ‘t ik nochal op stân wenje. En Durk. Wy sitte hjir yn in djoere wenning, wat sis ik, ik tink dat wy it kapitaalste pân fan hiel Rie hawwe. En dan ha wy der noch net iens in swimbad by. Okee, wy hiere allinne mar, mar dan nóch. Ik sil mar net sizze wat wy dokke moatte, want oars is it sneu foar jim, mar ik betelje my skeel. 

As ik mei de tiid as boargemaster keazen bin, is dat it earste wat ik feroarje sil. Ik stel de hichte fan de Ontroerende Goed Belasting ôfhinklik fan de ôfstân ta it gemeentehûs. Dat hâldt yn dat it Hoekhúske, as lizzende op it fuottenein fan de Gemeente, frijsteld wurdt en yn ‘e stêd betelje se de folle mep. 

At ik dit der net troch krij, begjin ik yn Rie foar mysels: Akke de Ka, boargemaster fan de gemeente Riederadiel, oangenaam. Ik nim mar ien amtner yn tsjinst, dan kin ‘k de kosten leech hâlde: Durk. Hy kin it skoffeljen dwaan en ien kear yn de fjirtjin dagen it ôffal ophelje. Hat ien miskien noch in âld bakfyts yn it hok te stean? Dat skeelt de oanskaf fan in Kliko. Hy kin de brot wol stoarte op ‘e âld dwinger by it Wiid, krekt as eartiids. Sa hoech ik ek gjin reinigingsrjocht te heffen. 

In gemeenterie hoech ik ek net, dy lju binne it dochs noait mei-inoar iens. By ien ding spilet jild gjin rol: in nij gemeentehûs. Dat mei wat kostje. It komt op it boerekoallân, efter it gimmestyklokaal. In namme derfoar ha ‘kek al: De Oanset. 

 

Durks Akke, boargemaster i.o.

april 2005


BLOMMEN FOAR AKKE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.

Ik fyn de maitiid de moaiste tiid fan it jier. As alles wer grien wurdt en de earste blomkes begjinne wer tebloeien, dan wurd ik altyd wer fleurich en krij in goed sin. Ik mei altyd graach blommen om my hinne ha. Meastal ha ‘k wol in faaske mei it ien of oar op ‘e tafel te stean. Dy krij ik fan Durk. Om it hurtsje stiet er wer foar my mei in grutte rûker. 

Nee, dus. Wie it mar wier. Dit bart allinne yn myn dreamen. Yn ús hiele trouwen hat er ien kear in pakje goudsjeblomsied foar my meinaam. Dat is alles. Hy is no ienkear net romantysk oanlein. Mar miskien kin ik it der noch ris by him yn slaan.Gelokkich ha wy dan Klaas Mug mei de blomke-aksje. Dan wit je wer dat it foarjier echt oanbrutsen is. Lieuwe kaam by ús mei de hannen fol fioeltsjes. Se seagen der sa moai út, mei sokke geve blommen, it like hast wol plestik. Ik ha in bêste lading kocht. 

De bedoeling is om der blombakken mei te fullen, dy ’t wy dan bûten ûnder de finsterbanken fan de kloksgatten hingje sille. Gesellich. No Durk noch safier sjen te krijen, dat er se foar my ophingje wol.De blomke-aksje fan de keatsklub sil fêst hiel wat opbrocht ha. It is folle makliker om jild út te jaan, as je der wat moais foar werom krije. Ik tocht by mysels, sa soe it mei folle mear dingen moatte. 

Bygelyks, as je te hurd riden hawwe, dat de plysje de boete mei in blomke derby oerhandigt, ynstee fan sa ’n troch de kompjoeter stjoerde brief. Dat skeelt aardich wat hertpasjenten.En belesting betelje docht ek in stik minder sear as Zalm of Balkenende mei in bakje fioeltsjes op ‘e stoepe steane. Mar ja,lyk as mei al myn goeie ideeën, sil hjir ek wol wer neat fan op ‘e hispel komme. 

 

Durks Akke.

mei 2005


AKKE LIT SALT SITTE 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Ik ha de lêste tiid wer in soad mei Durk te stellen hân. Je witte mei him noait wer ‘tje oan ta binne. Ik hie ek wol troud wêze kinnen mei in seehûn: sa sjogge jo him noch en sa is er wer ûnder wetter. It kin wol wêze dat er my dagenlang foar de fuotten rint, omt er net wit wat er útfine sil en it oare momint hat er it iten kwalik oan tiid en sjoch ik him amper of net. Dan hat er meastal wer wat by de ein. De ôfrûne wiken hat er wakker ûnder yn ‘e toer omslein. Ik seach him wol slepen mei grutte buizen en pompen en ik hearde him wol hammerjen en seagjen, mar ik hie der fierder eigentlik gjin acht op slein. Op in stuit begûn der dêr ûnder in moter te draaien en dat gie dei en nacht troch. Ik koe der amper fan sliepe. In pear dagen letter stie myn oanrjocht ynienen fol mei potten en pannen en op it stel stie in grutte tsjettel mei pikelwetter te protteljen. Doe tocht ik, no moat ik dochs mar ris sjen wat er útheeft. Dat ik nei ûnderen yn ‘e toer. Blykte dat er dêr in hiele boarynstallaasje makke hie. De tsjerketoer wie boartoer wurden. De saak waard oandreaun troch de moter út de âlde Messerschmidt van Sybren Sjef. Menear wie fan doel in sâltfebryk te begjinnen, mei himsels as topman. Hy hie himsels in salaries (dêr ’t ik sa ’n wurd om sis) takend fan 4 ton euro. Plus ûnkosten. En hy hie alle gelok fan de wrâld, want troch in speling der natuur sit it sâlt ûnder de toer mar tsien meter djip. Durk hie ek al in bod dien op it hûs fan Tsjisse-en-dy. It swimbad en de sauna woe er brûke foar it febryksproses. Sa sâlt hie ik it noch net mei him fretten. Ik ha fuortendaliks beswier oantekene by de gemeente. En ik ha de sâltwinning definityf stillein troch persoanlik de buis troch te seagjen. De boaiemdaling hie oars net by te hâlden west. Binnen de koartste kearen hie it gêrs foar de kloksgatten stien. Nee, ik lit it sâlt wol sitte. 

 

Durks Akke

juni 2005


AKKE EN DE KOARTE BROEK. 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Lang om let is it dan simmer wurden. It waard sa njonkelytsen ek wol tiid, ik wie al bang dat it dit jier neat mear wurde soe. Soms like it der even op dat it oangean soe mei it moaie waar, mar nei in dei as twa wie it ek sa mar wer gebeurd. Us boppe-buorman, it hoantsje op ‘e toer, hat trouwens wol oan’t mids maaie ta ferkâlden west. Dat hie er al skipe mei dy winter fan begjin maart. Ik doar it no hast wol oan om de winterjas yn ‘e kast te hingjen, mar ik wachtsje dêr altyd sa lang mooglik mei, want ik wol gjin blaasûntstekking. It foel my fan ‘t maitiid op dat, sadree at de sinne ek mar even skynde, elkenien fuortendaliks yn ‘e simmerklean op ‘e lap kaam. Ek al wie it noch mar fjirtjin graden, de klean kamen út. Ik wol hjir foar warskôgje. In goeie wollen boarstrok is in behâld foar de lea. Ik doch mines pas út by tritich graden. Elk moat sels lykwols mar witte wat er mei syn sûnens docht, mar der is wol ien ding dêr ‘t ik oerlêst fan ha. Ik bedoel al dy Riester manlju yn in koarte broek. Hoe âlder at se binne, hoe faker se yn ‘e koarte broek troch it doarp geane. Hearen, dit is net in fraai gesicht, al dy spjochtige skonken. Boppedat docht it my sear oan ‘e eagen, ik bin bytiden heal snieblyn.Ik fyn dat jim op sa’n manier twatûzen jier beskaving wol wat licht op it spul sette. As jim in koarte broek drage wolle, bêst, mar doch der dan even in langen oerhinne, as jim nei bûten geane, sadat ik gjin skokkende bylden te sjen krij. Ik woe hjir op dit plak in oantal nammen neame, mar nei oerlis mei myn abbekaten Dankert en Dankert moar ik dêr fan ôf sjen. No wol ik gjin ûngemakken, dêrom ferlien ik frijstelling as it bûten mear as fjirtich graden is. Earder net. In soad moai waar en in goeie fakânsje tawinske en net út de sweef falle. 

 

Durks Akke.

september 2005


AKKE WURDT OPHOKT. 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Wy krije hjir útsoarte ornaris net folle oanrin. Inkeld Doeke komt hjir gauris, as er de flage útstekke moat. Dan ha wy altyd even in praatsje en krijt er fan Durk in jonkje. Net meat as ien, want oars is it net fertroud op dy wibelige ljedders hjir boppe ús. Mar behalve Doeke binne der net in protte dy ‘t de reis yn ‘e toer op ûndernimme. Dus, as ik op ‘e hichte bliuwe wol fan wat der yn Rie geande is, moat ik der op út. Ik bin dan ek in soad op ‘e lap, kin ‘k wol sizze. Mar no is der ynienen in kink yn ‘e kabel kommen. Dat sit sa: Op in stuit hearde ik gestommel ûnder. Ik sei tsjin Durk: dêr komt ien oan. Wat sille wy no beleve, de flage hoecht hjoed net út. Gean do ris even te sjen, wa ‘t dat wêze kin. Dat Durk nei ûnderen. Hy wie noch net fuort, of dêr wie er ek al wer. Blinder, rôp er, it is Gerryt Dethmers. Ynspeksje! Fluch, smyt do myn set angels út ‘e kloksgatten, dan triuw ik de snoekbearzen gau yn ‘e bôletromp, dêr siket er net. Ik ha Durk noch nea sa hurd yn aksje sjoen. Krekt wie alles oan kant, doe stapte Gerryt al binnen. “No goeie”, sei er, ïk moat even mei jim prate. It giet oer de fûgelpest. Sa ‘t jim witte is dat in tige besmetlike sykte. Dêrom binne alle hinnen al ophokke en omdat jo, Akke, oeral oer de flier komme, moatte jo ek ophokt wurde, Foarlopich meije jo de toer net út. It muoit my wol dat it sa moat, mar ik kin it ek net helpe, sa binne de oarders fan hegerhân. Fan minister Veerman sels. En jo, Durk , binne ek in probleem. Om te foarkommen dat de hiele Fryske hoareka ûntsmet wurde moat, meie jo der ek net mear út. Trouwens, sit dat in bytsje noflik, op sa ‘n bôle tromp?” En dêr gie er wer. Doe ‘t ik wat fan de skrik bekaam wie, ha ‘k earst myn eigen fear-man foar sân stoeren jûn, ek al wie it syn skuld diskear net. Dat hjir sitte wy dan, sûnder nijs. Kin jim ús ek wat op ‘e hichte hâlde? As jim ûnder oan de toer stean geane en goed raze, kin jim ús wol beroppe. 

 

Durks Akke.

oktober 2005


AKKE EN IT FERKEAR 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgatfan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Goed gedrach wurdt net altyd beleanne. Sa hie Durk lêsten, in eintsje bûten Rie, in fototastel yn ‘e berm fûn. Alhiel ûnbeheard. Earlik as er is,at er it meinaam en ynlevere bij Gevonden Voorwerpen op it plysjeburo. De oare deis, op itselde plak, fûn er itselde fototastel wer. Hy der wer mei nei it plysjeburo. En wit jim wat him oerkaam? Hy krige in proses-ferbaal fanwegen it ûnrjochtmjittich ta eigenjen fan rykseigendom, want it wie in snelheidskontrole. No ja, dat moatte je ek mar krekt witte. Durk net, want syn brommer wol net hurder as 30, dat hy wurdt nea flitst. It is oars wol in goede saak dat der no wat dien wurdt oan dat hurde riden hjir troch it doarp. It is bytiden amper fertroud om fan it hiem ôf de dyk op te stappen. Mar ik bin bang dat in fersmellinkje foar skoalle of no en dan in flitskamera yn ‘e berm, of in plysje mei in laserpistoal ferdekt opsteld achter de PTT-bus, net genôch helpt. Der sille drastysker maatregels komme moatte. Wat echt helpe soe, dat binne in pear bêste ferkearsdrompels. Net leger as in meter. Sa slyt it asfalt ek minder, want de auto‘s fleane dan in moai stikje troch de loft. Noch better soe it wêze as der in tunnel kaam fan de iene ein fan it doarp nei it oare. Dan soe de Hoofdstrjitte yn ien klap it grutste doarpsplein fan hiele Fryslân wêze. Mar al dat soarte dingen binne fansels wer fierstente djoer.It probleem kin lykwols ek wol folle goedkeaper oplost wurde, sûnder djoere strjitmakkers. Wat sis ik, it kin wol gratis. Eigentlik wurket it no al. It iennichste wat noadich is, is dat in stik as wat Riesters de auto by wize fan fêst parkearplak op de trochgeande dyk stean litte. Krekt as dy man mei dat kowe-autootsje neist Pyt Visser. Alle ferkear moat dêr ôfremje en it gêrs groeit der al tusken de stiennen. Ik en Durk hawwe ús bydrage oan dit plan ek levere. Hoe ’t dat gien is, fertel ik de oare kear. 

 

Durks Akke.

november 2005


AKKE EN DE FERKEARSREMMER 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

De foarige kear ha’k it hân oer it snelferkear hjir troch it doarp en dat dêr wat oan dien wurde kin troch hjir en dêr in auto op ‘e dyk te parkearen. Ik sei doe al dat ik noch fertelle soe hoe ‘t ik en Durk ús stientsje bydroegen ha oan it ôfremjen fan it ferkear. 

Dat siet sa. Durk hie in brommer. Al jierren. Dat wie sa stadichoan in moai âld lyk wurden en as wy tegearre fuort moasten, rûn ik der mear achter te triuwen as dat ik der achter op siet. Foaral yn ‘e wyn op kamen wy op ‘t lêst hast net mear foarút. Dat ik sei, dit moat oars. Ik sjoch de lêste tiid hieltyd mear fan dy 45 km-autootsjes riden, Gerryt en Gryt ha ek al sa ‘n ding en it foldocht poerbêst. Jo sitte moai droech en sûnder helm bliuwt myn permanent ek yn model. Gelokkich binne dy weintsjes rydbewiis-frij, dat treft moai, want Durk is ek rydbewiis-frij, op bevel fan de rjochter. En Durk moat ride, want sels wol ik it op myn leeftiid net mear leare. 

Durk is trouwens net sa ‘n bêste sjauffeur. Foaral as er ûnderweis oanstutsen hat, wol er noch wolris fan ‘e dyk reitsje. It moat dan ek in off-road útfoering wêze, mei oandriuwing op alle fjouwer tsjillen en sa ‘n grutte stange foarop, sa ‘n wyld-fanger, want it is al ris bard dat wy op ‘e brommer by Nico en Rients yn ‘e grreide bedarren, tusken de kij. 

Afijn, om in lang ferhaal koart te meitsjen, fan ús lêste sparsinten en noch wat ynruil foar de brommer, koene wy in splinternije 45km-SUV keapje. Ik sei tsjin Durk, no parkeare wy him hjir foar de tsjerke op ‘e dyk en dan sille wy ris sjen oft it ferkear ek ôfremmet. It duorre net lang, dêr kaam Loatsma mei it grutte reau om ‘e hoeke en tagelyk kaam fan de oare kant in auto. Ik sei tsjin Durk: let op, no silst it beleve, wylst ik mei de bûsdoek noch even in flekje fan de lak poetste. No minsken, wat der doe barde, dat wolle jim net witte. Loatsma hie ús hiele nije skoetmobyl noait iens stean sjoen en dendere der boppe oer hinne. Finaal plat. Hy koe drekst ôffierd wurde nei Hoeben. Wy hiene der noch gjin kilometer mei riden. En it slimste wie, wy hiene him noch net yn ‘e fersekering. Dat no sitte wy hielendal sûnder ferfier. Ferkearsdrompels lykje my dochs better ta. 

 

Durks Akke.

december 2005


AKKE EN IT STEK

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

No ha wy hjir al grou hûndert jier in stek foar hûs en it wurdt der de lêste tiid net better op. Der falle hiele stikken út, it hinget hielendal foaroer, it is in grutte ruostbult. It tsjerkebestjoer wol it stek graach restaurearje, want sa kin it gjin besjen lije. Mar ik wit net, hear. Doe ’t se lêsten de rommelmerk hiene, frege Durk my oft wy ek noch wat âlde rommel oer hiene. Ik sei tsjin Durk: om my sloopst dat hiele stek der wei en bringst it nei it skoalplein. Miskien smyt it noch in pear euro oan âld izer op. Der is dochs net wer wat moais fan te meitsjen. 

Boppedat, elk hat tsjinwurdich in izeren stek foar hûs. Jo kinne se sa keapje bij de Intratuin of de Ikea., it is al lang net mear wat eksklusyfs. It wurdt tiid foar wat oars. De buorren is de lêste tiid sa opknapt, hjir foar tsjerke kinne wy net achterbliuwe. It sintrum fan it doarp moat mear útstrieling krije. Ten earste wol ik it blik hjir foar de doar wei ha. Elts plak, dat wat foarstelle wol, wart de auto’s út it sintrum. Dêrnei moat der wetter hjir foar komme. 

Dus de hiele strook útgrave. Dan de Havenstrjitte iepen goaie en dêr in grêft fan meitsje, sadat de boatsjeminsken sa fanút de Opslach oant midden yn it doarp farre kinne. Klaas Pekel krijt fan Doarpsbelang gratis in wetterfyts beskiber steld, sadat er fan hûs komme kin. En ek in wetter-rollator, mei sa’n rûndraaiend rêd. Wêr’t earst it stekje stie, moat in boulevard komme, fan Sjineeske natuerstien, noch in slachje djoerder as wat se yn Frjentser brûkt ha. Dêr kin ik dan moai oer op en del flanearje. En der moatte moaie beammen stean. Net fan dy suterige linebeamkes, nee, palmen wol ik der ha. (Durk tinkt dat ik no al in kokosnút op ‘e kop krige ha.) 

 

Durks Akke