DE GOUDEN KLOK FAN KLEASTER ANJUM
In krystferhaal fan Akke de Ka
Doe ’t Arjen Bouma lêsten yn “Voor het blok gezet” op ‘e tekst wie, neamde er ek de gouden klok fan it kleaster, dy ’t dêr neffens de ferhalen earne yn ‘e grûn sitte moat. Dat brocht my it ferhaal yn ’t sin dat ik jierren lyn ris heard ha oer dy klok en wêrom as dy dêr bedobbe leit. It is my destiids ferteld troch Oane Wibes, op ‘e leugenbank, doe ‘t er al moai âld wie. Hy hie it by oerlevering fan in noch folle âlder mantsje, dy ‘t yn syn jonge jierren boere-arbeider yn ’t kleaster west hie. Dy hie der by sein dat it wurd foar wurd wier wie, want hy hie it sels heard fan syn pake, dy wer de soan wie fanneh . . . fanneh . . . Afijn, it is de legende fan de gouden klok fan it Kleaster Anjum.
Lang, lang ferlyn stie der yn ‘t kleaster it âlde en foarname kleaster fan Sinte Marije. Dêrom hjit it dêr fansels no ek noch sa. Der is no neat mear fan te sjen, mar ea wie it in machtich bouwurk fan tsjûke kleastermoppen, mei in hege muorre der omhinne en in grutte kleastertsjerke, mei in toer dy folle heger en moaier wie as de Riester toer. It lei op in hege terp, dêrom waard it Sinte Marije Berch neamd. Wa ‘t boppe yn ‘e toer stie, koe fier oer it gea sjen en sa fier as it each rikte, leine de lannerijen fan it kleaster. Der waard it bêste fee fan Fryslân op weide en it boulân brocht alle jierren rynske frucht op. Sadwaande waarden de muontsen al riker en riker. Se fersierden harren tsjerke mei prachtige bylden en in gouden altaar. Se droegen djoere gewaden, fan de moaiste stoffen dy ‘t der mar te krijen wiene. Dy lieten se mei goudtried bestikke en se behongen harsels mei skitterjende jewielen. It wurk lieten se dwaan troch earme boeren, sadat se sels alle tiid hiene foar feestmielen en drinkgelagen. Mar noch koene se harren weelde net op. Se tochten, wy wolle wat ha, dat net ien oars op ‘e wrâld hat: in gouden klok yn ús toer. En dy kaam der. Net sa ‘n skiterich angelusklokje, nee, in mânske tsjerkeklok fan klearebare goud. Mei in lûd, sa suver en helder, dat it net lang duorre of it hiele lân hie der fan heard. Rillegau berikte it ferhaal fan de rykdom fan it Kleaster Anjum en de gouden klok ek Rome, wêr ‘t it de paus as lij wetter yn ‘e earen rûn. It noaske de Hillige Heit mar neat dat der earne yn dat fiere, kâlde Fryslân in pear wiene dy him yn pracht en praal nei de kroan stutsen. En it wie him ek min nei ‘t sin dat se harren godtsjinstige plichten fersaken troch al dy feestfierderij. Hy spruts: “Delenda est badia de Agno”, ofwol: it kleaster Anjum moat mei de grûn gelyk makke wurde. Hy stjoerde berjocht nei syn maat, de kening fan Spanje, dy ‘t it hjir yn dy tiid foar it sizzen hie. Kening Filips tocht drekst: dy gouden klok is foar my. Hy hie nammentlik altyd ferlet fan jild, omt er de gewoante hie mei eltsenien oarloch te meitsjen. Hy skeakele fuortendaliks syn setbaas Caspar de Robles - de Stiennen Man – yn. Robles liet der ek gjin gêrs oer groeie, syn soldaten woene wol wer ris in fersetsje en binnen de koartste kearen wie der in Spaansk legerke ûnderweis nei Anjum.
It sil jim faaks net fernuverje dat dêr yn ‘e toer ek in Ka wenne. It wie Diederik de Ka. Hy wie net troud, want dat kin net yn in kleaster, no. Hy moat noch famylje wêze fan Durk, allinne hie hy wól foaroan stien, doe ‘t de harsens útdield waarden. Broeder Diederik wie in útfiner. Sa is er de skiednis yngien as de útfiner fan it twade tsjil. It earste tsjil wie fansels al folle earder útfûn, mar oant dan ta wisten se einlings net sa goed wat se der mei moasten. Fierder wie er de útfiner fan it kleaster-stopjern. Syn tredde útfining wie it buskrût, mar dat is nea bekend wurden, om reden fan it folgjende. Broeder Diederik de Ka wie krekt yn ‘e toer oan it eksperimentearen mei swefel en salpeter, doe ‘t de Stiennen Man foar de poarte stie. Op hege toan easke er de skatten fan it kleaster foar de kening fan Spanje op. No, dat wegere de abt, Arjanus, fansels. Mar it leger fan Robles batste sa nei binnen en begûn alles te rôvjen wat los en fêst siet. Abt Arjanus, broeder Bernardus, broeder Petrus, de broeders Boukus, Keesus, Abus en Fritsus en alle oare kleasterbewenners waarden yn ‘e krypte smiten en opsluten. Op ‘t lêst moasten se noch ien ding ha. De Gouden Klok. Dat se klommen mei syn allen om it hurdst yn ‘e toer op. Dêr hie Diederik se al oankommen sjoen. Hy tocht: dy klok sille se nea krije. Dan leaver de loft yn. En hy hâldde de oaljelamp by syn nijste útfining. De klap wie ferskriklik. De klok waard withoeheech de loft yn slingere. Net ien hat him wer delkommen sjoen, want Robles-en-dy en ek Diederik binne mei de loft ynflein en der is nea wat fan har weromfûn.
De ear fan de útfing fan it buskrût is letter nei in Dútse muonts gien, mar jim witte no dus dat dy eigenlik twade wurden is. De muontsen fan Anjum kamen ta ynkear en joegen har goud wei oan de earmen. En de gouden klok, dy moat dêr noch altyd earne lizze. As de ploech ris even heakket, dan springt Arjen gau fan ‘e trekker om te sjen, mar alle kearen is it wer in kleastermop. Dat hy sil wol nea wer fûn wurde. Mar as it nije moanne is en it is in stille nacht, rin dan dy kant ris op fan it Hoekhúske en lústerje goed. Yn ‘e fierte hearre je dan súntsjes it beierjen fan de Gouden Klok fan it Kleaster Anjum.
Noflike krystdagen en in lokkich nijjier fan Akke en Durk.