Akke de Ka, 

column uit It Kattebeltsje

januari 2003


Enquete fan Akke 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Foar jo leit in enkête, dy ‘t ik de ôfrûne tiid ûntwikkele ha. Dizze enkête is noadich om in takomstfisy op te stellen oangeande myn stikjes yn ‘e Kattebel, sawol foar de de koarte, as de middellange termyn. De útkomsten binne myn leidraad om te sjen hoefolle draachflak der foar myn stikjes is en foar myn beliedsfoarming. 

Ik hie earst 75 fragen op papier, mar ik ha der in pear by weilitten, om’t it ynfullen oars tefolle frege is. 

Graach ynleverje foar nije wike sneon ûnder oan de toer. 

 

  1. Wat fine jo fan de kwaliteit fan myn stikjes yn ‘e Kattebel? 
    o Goed      o Better      o Bêst 
  2. Moat Durk ek mear oan it wurd komme? 
    o Nee      o As er nuchter is 
  3. Moatte der mear yntime details yn de ynformaasjefoarsjenning? 
    o Ja      o Nee      o Dêr giet myn frou oer 
  4. FYTSPADEN. Moat ik it ha oer nije fytspaden? 
    o Ja      o Nee      o Myn fyts is stellen 
  5. PARKEARBELIED. Moat ik oanstean op mear parkearplakken? 
    o Ja      o Wy ha de brommer altyd yn it hok 
  6. FERKEARSFEILIGENS. Hokker Riesters kinne neffens jo better it rydbewiis ynleverje? 
    1. …………    2. ………...    3. ………...    4. ………... 
  7. JEUGDBELIED Moat ik mear kommentaar op de Keet jaan? 
    o Ja       o Ik wie noch net oan opromjen takommen 
  8. VANDALISME. Moat ik mear oandacht jaan oan vandalisme? 
    o Ja o Nee, wy ha al genôch te stellen mei Durk 
     


De keukentafel gesprekken ha ‘k skrast, want ik wol net ha dat der ûnder iten praat wurdt. Ik sil no wurkje oan in enkête dy ‘t ik sels ynfulle moat oer it funksjonearjen fan Durk yn ús houlik, dit mei it each op myn langetermyn fisy op him.

februari 2003


Akke en it Leugenbankbelied. 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

De nijsfoarsjenning is optheden wat yn ‘e war. Dat komt troch de kealslach by de Leugenbank, lêsten troch de mannen fan Westergo. Der stie sa’n moaie, grutte tichte sparrebeam, wêr ‘t ik alle moannen tsjin tolven even stiekem yn sitten gong om it lêste nijs op te fangen. Farsker as by de Leugenbank kinne jo it nergens krije. Dejingen dêr ‘t it oer giet, witte it faak sels noch net iens. Mar no ‘t ik my net mear ferdekt opstelle kin, falt it net ta om op de hichte te bliuwen. Ik ha noch besocht om achter de bank te krûpen, mar doe ferstie ik it mar heal en ik wol jim gjin heale wierheden fertelle, dat binne jim ommers net fan my wend. Trouwens, ik sjoch de mannen der oars de lêste tiid hast noait mear sitten, ik tink omdat se der no weisige, sa keal en kâld is it dêr wurden. Fan noad steanne se no by westewyn achter de konnefearen op it parkearterreintsje by it keatslân en by eastewyn steane se te heukerjen by it tillefoanhokje. Dit is fansels anno 2003 in ûnhâldbere sitewaasje, sels asylsikers wurde better opfongen, dêrom ha ik fuortendaliks kontakt opnommen mei de gemeente. Ik sei: Wy moatte hjir in min-waar-akkommodaasje ha foar dy mannen.Kin jim net wat subsydzje jaan yn it ramt fan it Leugenbankbelied, foar in glêzen oerkaping of sokssawat? Mar de amtner dy ‘t ik oan de tillefoan hie woe der neat fan witte. Hy woe ynstee subsydzje fan my ha, sa min liket it mei de gemeentlike sinten. Fan dy kant is der dus neat te ferwachtsjen, dêrom moatte wy it sels mar wer opknappe. Myn idee is: Goai de Leugenbank plat en set der in âld karavan del. Kacheltsje deryn, eventueel in bar en se bin der net wer wei te slaan. Troch it kachelspypke kin ik dan wer moai hearre wat der bepraten wurdt. Mocht it út de hân rinne en soene se foar tefolle oerlêst soargje, dan freegje wy Frits oft er mei de trekker it hiele saakje even nei it ein fan de Swarte Reed slepe wol. Wa wit ergens noch in âld sleurhutte of molkkarre te stean?

maart 2003


Akke, voor al Uw snippers 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

Wat in keale boel, net. Ik bedoel op ‘e Berltsumerdyk. Wat liket dat oars, no ‘t de beammen der wei binne. Doe ‘t ik der foar it earst wer lâns kaam, wist ik suver net wêr ‘t ik wie. It wie mar goed dat ik it plaknammeboerd stean seach, sadat ik lêze koe dat ik in Rie/Ried wie. 

It skynt dat Arnold Bos syn hûs no “Dorpzicht” neame wol. Ik bin bang dat it noch wol even duorret, foardat ik der oan wend bin. Se ha der ommers sawat in minskelibben lang stien. Durk is der oars net rouwich om, dat dy beammen der wei binne. Hy mei nammentlik graach even oanstekke yn Berltsum en op ‘e weromreis hie er altyd muoite om rjocht tusken dy twa rigen troch te fleanen. Hy hat withoefaak yn de berm lein te sûzeboljen. 

Dy houthakkers dy makken dêre hiele grutte bulten mei houtsnippers. Doe ‘t ik dat seach, tocht ik, ik stjoer Durk der even hinne om te freegjen oft wy hjir ek in karke fol fan dat spul krije kinne, want it is om de toer hinne wol ris wat sompich. Mar moatte jo miene, man. Der wie safolle fraach, dat ik moast op ‘e wachtlist. En lang foardat it oan my ta wie, wie de brot op. Der lei oan de hiele Berlstumerdyk gjin snipperke mear. Dat doe tocht ik, dit is in gat yn ‘e merk. 

Ik begjin myn eigen snipperhannel. “Houtsnippercentrale Akke. Heden versgemalen snippers!!” Fyftich euro de kuub wurdt myn priis en thúsbesoargje kostet ekstra. Ik hie noch in âld snijbeanemole, dy ‘t ik net mear brûk. Sûnt wy gjin folkstún mear hawwe, ha ik alles fan Hak. Ik sei tsjin Durk: Set dyn brommer op in skammel en helje de bân fan it achtertsjil. Om de felling goaie wy in V-snaar en dy koppelje wy oan de snijbeanemole. 

Ik gean op ‘e brommer sitten en jou fol gas en do stekst de takken der yn. Mar ik siet krekt, doe betocht ik my dat wy gjin grûnstof hiene. Dat ik koe wer ôfstappe. No, ik koe sa gau de helm net ôfsette, of ik hie de oplossing al betocht. Der binne yn Rie genôch moaie túnen, fol beammen. Dus, as jim nachts in kettingseage hearre mochten: neat oan ‘e hân, jim dreame noch fan dy houthakkers oan ‘e Berltsumerdyk. 

 

(Houth)Akke.

april 2003


Akke en it Systeem 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

De Wrâld wurdt hieltyd yngewikkelder. Om noch wat greep op it libben te hâlden, wurdt sa stadichoan alles fêstlein yn prosedures en systemen. As ik in de Poi in ûns ljirre keapje, dan kin ik presys útsykje, wa syn ko as it west hat, wat er iten hat, troch wa as er slachte is en noch folle mear dingen, dy ‘t ik hielendal noait iens witte wol, oars smakket it my net mear. Foar elts ûns fleis is der in kilo papier. 

As ik betink dat it wol fris stean soe en fervje de bûtenkant fan de toer giel, dan moat ik by de gemeente earst in Artilel 19-prosedure opstarte Mei wat gelok kin ik dan nei in healjier yn behanneling west te hawwen, Durk de kwast yn ‘e hannen drukke. Mar nei sa ‘n hoart is myn sin al lang wer oars, dus begjin ik der mar net oan. Linkendewei begjinne wy allegearre hieltyd mear op amtners te lykjen. Alle kearen as der by Wildeboer-en-dy in ko skyt, fulle se dêr in formelierke yn. En wa ‘t in kninehok yn ‘e tún sette wol, hat minstens in stik as seis fergunnings noadich. 

Dochs sitte der oan al dy systemen ek wol goeie kanten. Dat ha se by Doarpsbelang skerp yn de gaten. Dêr ha se it Dorpenvolgsysteem. It DVS. As der in sleat úthekkele wurde moat, beammen plante of in fytspaad oanlein, dan hoege se it mar op de list fan it DVS te setten en it wurdtt dien.

Perfekt. Dat ik tocht, doch my ek mar sa ‘n DVS. Ik bedoel in Durkvolgsysteem. Foarhinne hie ik der net sa ‘n ferlet fan. As ik him kwyt wie, dan seach ik even yn it kafee en dêr siet er dan. Mar sûnt it kafee ticht is hinget er oeral en nergens út. Dan sit er wer yn Doanjum, of by Bertus en Afke yn Menaam, ik ha der gjin doel mear oer. Dêrom ha ik hege ferwachtings fan it DVS. Hy krijt in mikro-stjip ymplanteard ûnder syn sturt en fia de satellyt kin ik him dan altyd peile. Ideaal, dames. 

Kin er tenei itenstiid thús wêze. It is krekt itselde systeem as de Amerikanen yn Irak brûke. Ik ha de oanfraachproseduere ynmiddels opstart by it Ministearje fan Definsje. It is wol saak dat ik alle formelieren goed ynful, oars goaie se miskien in bom op syn kop, as ik trochjou dat it iten klear is. 

 

Durks Akke.

mei 2003


Akke oan de keukentafel 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

No, wy ha keukentafelgesprek hân. Fan Doarpsbelang, fan de enkête. Fan de Hoofdstrjitte ha wy by my om ‘e keukentafel sitten. Durk woe der ek by wêze, mar dat hie ik ferbean. Ik sei: do hast noch nea wat sinnichs útbrocht, ik wol my net foar dy skamje. Sjoch mar even op it keatslân of op de folkstúntsjes, of sa. Dat ik hie in cake bakt, kofje en thee set en om healwei achten hie ik de keuken fol sitten. De foarsitter hiet ús allegearre fan herte wolkom en hy wie foaral bliid dat iksels der wie, omt bekend is, dat ik foar in protte problemen wol in oplossing wit, dat sadwaande. En dat ik dus in grutte steun bin foar Doarpsbelang. Doe setten wy puntsgewiis útein. Earst gie it oer Wenjen. It die bliken dat in protte Riester jeugd wol yn Rie wenjen bliuwe wol, mar dat der gjin goedkeape huzen beskikber binne. Boppedat meie der fan de Provinsje oan 2010 ta hielendal gjin huzen bij boud wurre fanwegen it Kontenent. Streng ferbean. Oarders fan hegerhân. Deputearre Steaten beslisse. (It skynt dat Saddam Hoessein foarich jier noch frege hat at er dêr ek staazje rinne mocht.) Ta oermaat fan ramp bemuoit de Gemeente him der ek noch mei. Dy wol ynienen gjin nijbou mear achter it Suderom, want sokke pûsten mei wite skimmel oan ‘e doarpen binne út de moade. Dus gjin Suderom 2. Net útbreidzje, mar ynbreidzje. Want de tsjerke moat yn de midden bliuwe. No, as Durk ynbreidzje wol, dan smyt ik him in amer kâld wetter oer de kop, mar dêr giet it no net om. Doe ‘t dit probleem sa op tafel lei, wie elkenien der mei oan, behalve ik. Ik sei: a) Wy ferpleatse de stjerke nei de Fiterringerstrjitte en b) Wy meitsje fan Suderom 2 in wenweinkamp. Wenweinen binne moai goedkeap, yn alle kleuren leverbaar, dus gjin skimmel en se telle net mei by de provinsje. Boppedat komt der dan op it Suderom wat mear libben yn ‘e brouwerij, mei al dy jongelju dêr. Der wenje guon, dy fine it dêr no fierstente rêstich. Spitegenôch wie de jûn om, doe ‘t wy dit punt behannele hiene. Dat, as wy dit tempo folhâlde, moat ik noch fiif caken bakke, want der wiene noch fiif punten. Myn oplossing foar it ferkear en de jeugd ensafuorthinne hâlde jim dan ek noch te goed. 

 

Durks Akke.

juni 2003


Akke hat ek ien 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

No, ik ha no ek ien. It koe ek net oars mear. Al myn freondinnen hienen him al. Allinnich ik dus noch net. Ik skamme my sa stadichoan dea as ik besite krige. En dit slacht no ris in kear net op Durk, mar op myn kofjesetapparaat. Ik hie altyd noch in gewoane kofjesetter. Mar no ha ik in echte Senseo. Ut de stêd. Ik tel wer mei. Mei ien druk op de knop servearje ik myn gasten in hearlik kopke kofje, fol fan aroma en mei in lang finger. Kom my net mear oan mei gewoane kofje, dat fyn ik krekt sleatswetter. By de Poi ha ik alle ferskillende smaken dy ’t der binne ynslein, de hiele kast is fol. Ik ha him krigen fan Durk, op ús troudei. Ik hoegde him der mar twa kear oan te herinnerjen, wêrfan allinne de twadde kear mei geweld. Dy skat. Wy ha dit jier jubeleum. It is 30 jier lyn dat ik en Durk inoar troffen ha. Dat wie op Riester Merke. Durk wir optriuwer by de sweef fan Panbakker en ik mocht graach sweve. Op ‘t lêst wie it safier, hy triuwde allinne my noch mar op en de oare bakjes stuts er gjin hân nei út. Dat sadwaande. Ik tocht, ien dy ‘t him sa foar my útslooft, dy moat ik ha. Letter bin ‘k wol mei him op de kofje kaam, mar ja, doe wiene wy al troud. Ik en Durk ha betocht dat wy, ta eare fan ús jubeleum, mar wer ris âlderwets merke fiere sille. Wy sille meidwaan oan de Zeskamp. Eartiids die ik ek altyd al mei mei de Volksspelen. Meastal wûn ik, want ik wie hiel goed yn Volksspelen, al sis ik it sels. Ik hie wol meidwaan kinnen oan de Wrâldkampioenskippen. Ek mei de Stoelendans siet ik altyd yn de prizen. Sneins sille wy by it keatsen sjen en merkemoandei stoarte wy ús yn it matinee. Ik tink dat ik dan wer dronken wurd, krekt as tritich jier lyn. Mar mei in pittich bakje út myn Senseo knap ik dêrnei samar wer op. Alfêst in noflike merke en in moaie simmer tawinske. 

 

Durks Akke.

september 2003


AKKE UT IT LEAD 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. En, hoe ist ? Goeie simmer hân ? Noch dronken west mei de merke ? Noch fuort west ? No, Durk it earste en ik it lêste. Ik ha fjirtjin dagen nei it Amelân west. Durk woe net mei, want hy wie bang dat er sars oprinne soe yn it luchtferkear. Jim ha hjir ek moai waar hân, ha ‘k wol begrepen. Net folle reinwetter en in soad waarmte. Ik koe it op in stuit hast net mear ferneare, dy hite golf. Sjoch, útsoarte bin ik swart, dus ik lûk de waarmte ek noch ris in kear oan. Sa no en dan hiene wy hjir troch de kloksgatten noch in lyts sigentsje, dan gie it noch wol. Mar bytiden moast ik middeis ûnder de kâlde dûs, om ôf te kuoljen. Allinne hiene wy op ‘t lêst hjir boppe yn ‘e toer hast gjin druk mear op ‘e wetterlieding. Troch it wettertekoart. Ik seach it út ‘e toer wei ek wol. It wetter yn de jarrefeart by Deelstra sakke alle dagen fierder. Op ‘t lêst stie er droech. Ik hie dêr oars net sa bot by stilstien, as ik net op in jûn in bakje tee ynskonken hie. It stie foar my op ‘e tafel en de tee rûn oan ien kant oer de râne ! Ik tocht, it sil wol komme omdat it in oar merk is, mar by Durk syn bb-stje wie it krekt sa. Wy seagen krekt op it sjoernaal nei al dy fersakjende diken en ynienen skeat it troch my hinne. As sokke diken fersakje kinne, hoe sit it dan mei de terpen. Soene dy ek net….? Se binne al sa âld, de garânsje is der al lang ôf. Dat ik sei tsjin Durk: wy moatte dit wittenskiplik oanpakke, wy sille in mjitting dwaan. Ik ha hjir de koekepanne. Dy lit ik by de toer delsakje oan in kleaune fan myn jern. Do giest ûnder stean en mjitst de útwiking. Sa geseid, sa gedaan. De earste kear bruts de tried, doe ‘t Durk der krekt ûnder stie, mar úteinlik ha wy fêststelle kinnen dat de toer al twa hanbreed út it lead stie. Ik ha berekkene dat by sa ‘n tempo wy op 22 septinber de Aldehou foarby binne en op 17 oktober like skeef stean sille as de toer fan Pisa. As der neat feroaret, wurde wy op 10 novimber moarns wekker yn de tún fan Ruurd en Akke. Mar safier sil it, sa ‘t it no liket net komme, want ik ha onmiddellijk Durk syn drankfoarrie nei ien kant skood en no is de saak aardich stabiliseard. 

No Durk noch by de drank weihâlde. 

Gelokkich mient er sa ek al dat er skeef is.

oktober 2003


Akke Faxt 

 

*** FAXBERICHT*** 

Oantal pagina’s: 1 

 

Qan: Gemeente Frjentserteradiel te Frjentsjer 

 

Underwerp: Untwikkelings Rie 

 

Behannele troch: A. de Ka (GOO)* 

 

Achte kolleezje fan BmW, 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer fan Rie, ik en myn man Durk. Dus jim hawwe konstateard dat der yn de kommunikaasje oer de Dorpsvisie mei ús hjir yn Rie wat rûs ûntstien is. Sa stie it teminsten yn Jim faks oan Doarpsbelang, dy ‘t yn de foarige Kattebel stie. No, dat soe wol kinne, mar dat kaam dan troch Durk. Wy ha lêsten in magintron oanskaft en Durk miende dat dy op krachtstroom oansluten wurde moast. Dat sadwaande, dames en hearen. Of miskien is it gewoan even in kwestje fan in nije batterij yn it gehoarapparaat. Mar wêr ‘t ik Jim even oer faks, is ditte: Jimme moatte no al even trochpakke mei dy nije skoalle. Desnoads mar even yn ‘e oeroeren. Sa ‘t de boer sei tsjin de faam by it sturtwaskjen: it is it oer gear kommen mar. As it fêst sit op de sinten, dan stel ik foar om te ynfestearen yn in flitspeal hjir yn ‘e buorren. Dy kosten ha Jim der yn in pear wike út en binnen it jier ha Jim in skoalle oerfertsjinne. Ik gean der fan út dat de ombou fan de âlde skoalle ta multifunksjoneel sintrum by de priis yn sit. Sa ‘n foarsjenning ha wy hjir gewoan nedich, omt oars it doarpslibben útstjert en dan hat sa’n nije skoalle ek gjin sin. Ik rekkenje der op dat alles keurich foarinoar komt. Sa net, dan ha Jim in probleem, want dan stel ik my kandidaat foar de boargemastersferkiezings. Dy win ik mei twa fingers yn ‘e noas, want ik kin it altyd al moai opsizze. Wat dy Schwarzenegger yn Amerika kin, kin ik ek. 

 

Akke Swartenekke for governor. 

 

Mei freonlike groetnis, 

 

Durks Akke. 

 

*Giet Oeral Oer

november 2003


Akke wurdt oerset 

 

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk. 

De redaksje fan ‘e Kattebel hat it fersyk krigen at der by de Fryske stikjes ek in Nederlânske fertaling bylevere wurde kin. Der wennet hjir langer in hiel protte ymport en dy wolle alle doarpsnijs fansels ek witte. No, dêr kin ik my alles by foarstelle, want sels sit ik mei itselde probleem. Sa ‘t jim witte skriuw ik myn stikjes altiten yn it Frysk, njonkelytsen al hast tweintich jier, omt ik net oars kin. Ik bin nammentlik útbret yn it Boerster Bosk en yn Boer, dêr is gjin skoalle. Sadwaande ha ik it Nederlâns nea leard, want op ‘e dyk waard allinne mar Frysk praat. Trochdat ik alle dagen GTST sjoch, kin ik it sa stadichoan aardich ferstean, mar lêze wurdt neat. Dêrom wol ik de redaksje freegje at se by elk Hollânsk stikje ek in Fryske fertaling dwaan kinne, sadat ik it tenei ek begripe kin. Fan myn kant soargje ik hjirby alfêst foar in fertaling, fan de hân fan Durk. Ek gjin talewûnder, mar as hikke en teine Riester hat er fan master Baarda noch wol wat opstutsen. Hy hat my tasein myn stikje sa letterlik mooglik oer te setten. 

 

LETTERLIJKE VERTALING VAN HET BOVENSTAANDE: 

 

Ik ben Dirk de Kraai en wij wonen achter het derde kloksgat van de toren, ik en mijn vrouw Akke. Akke heeft mij gevraagd haar stukje even te vertalen voor de niet-Friestaligen. Zelf is ze namentlijk uitgebraden in ‘t Boerster Bos en in Boer, daar hebben ze geen school. Zodoende heeft ze nooit geen Nederlands geleerd en kan ze alleen maar Fries. Dus dit kan ze ook niet lezen. Al jaren lang verveelt ze de lezers van de Kattebel met haar flauwe stukjes. Nu meent ze dat ze de Nederlandse Riedsters der ook nog lastig mee moet vallen, nou, daar werkt deze jongen mooi niet aan mee. Akke kan van mij de pot op. Ze heet mij altijd al wat ik moet en niet moet, het is wel best zo. Dus als iedereen nou even aan de redaktie verzoekt dat Akke wel opgeheven kan worden, dan komt der mooi wat ruimte vrij voor nieuws waar iedereen wat aan heeft. Zo.